Fryslân en friezen yn it bûtenlân
It is it doel dat it fjirde en fiifde nûmer fan Trotwaer fan dit jier foar it grutste part gean sille oer ‘Fryslân en friezen yn it bûtenlân’.
Nêst skôgjende stikken oer dat ûnderwerp soene wy ek graach proaza en poëzy oer dat tema yn dy nûmers pleatse wolle. Dêrom hjirby ús oprop oan elkenien om foar 1 septimber kreatyf wurk oer wa Fries of wat Frysk dan ek mar yn it bûtenlân op te stjoeren oan it redaksje-adres.