[Nummer 2]
Fan 'e redaksje
Nei trije jier hat Tine Piebenga-Bethlehem as redaksje-skriuwster ôfskied fan ús nommen. Trije jier hat sy, altiten fleurich en mei in grut gefoel foar ferhâldingen, de lang net altiten maklik ferrinnende kontakten tusken skriuwers en redaksje ûnderhoden, en nije kontakten opboud. Nêst it administrative wurk fan de redaksje dat se sûnder krimmenearjen op har naam, holp se, sûnder dat se dat sels eins witte woe, mei oan it staljaan fan Trotwaer. Sûnder har ideeën en ynset wie byg. in Frouljusnûmer der foar it neist net kommen. Wy sille har tige misse. Dochs hoopje wy dat sy Trotwaer mei har ideeën en fersen ferrykjen bliuwt.
In nije namme yn it kolofon is dy fan Hans Westra.
By de lêzers fan Trotwaer sil hy fanwegen syn besprek fan De Lange Jacht fan Rink van der Velde en syn proazastik Inferno net alhiel ûnbekend wêze. De direkte toan en it krityske lûd dat er oan De Harpe fan Bernlef joech, wie foar ús as redaksje oanlieding om him as redaksjelid fan Trotwaer oan te sykjen. Yn dit nûmer binne twa fan syn bydragen opnommen.