‘Ik wol earst witte: wa, wat bin ik noch as ik net myn ferline, myn stikje geastlike bagaazje te foarskyn helje kin?’
‘Bagaazje, krekt, do brûkst it goede wurd. In getôch, dat dy behinderet yn dyn gean. Fielst dy net folle lichter?’
‘Ik bin losslein yn tiid en romte. Los fan myn ik, dy't makket dat ik... wat is myn namme?! Wat is noch de sin fan mýn bestean.’
‘Wy prate hjir net oer de sin fan it bestean. Dat is hjir ek net nedich. De fraach nei de sin fan it bestean komt pas op as der twifel oer bestiet. Dy twifel kenne wy hjir net, it is typysk in degeneraasje-probleem fan jimme wrâld. It duorret noch in amerij en dan komt sa'n fraach ek net mear by dy op en de eangsten falle dêrmei fuort.’
‘Do seist wer ‘it duorret in amerij’, sei se nidich. ‘Hoe lang duorret in amerij.’
‘Ik bin myn horloazje ek kwyt’, sei se der noartlich efteroan.
‘Moatst my sjen as in tuskenfiguer’, seid er betochtsum. ‘Ik stean mei ien foet yn jimme wrâld en mei de oare yn 'e nije, dy't liedt ta it wêzen. It bringt mei, dat ik jimme taal noch brûk. In taal, dy't stiiffol sit mei tiidsoantsjuttingen. Nim allinne mar de no-tiid, doe-tiid, takommende tiid, folsleine tiid, krekt as soe der in folsleine tiid bestean. Do wolst ommers dyn folsleine tiid, dyn ferline ek fuortbestean litte.’
‘Wa is dy oare figuer?’
‘Hokker oare figuer.’
‘Do wiest in tuskenfiguer seidest, wat moat ik my fan dy oare foarstelle?’
‘Do moatst dy neat foarstelle’, seid er strang. ‘Do moatst om dy hinne sjen.’ Se rjochte har eagen fan him nei foaren, nei de fierte dêr't se op ta dynden. Fier, hiel fier foar harren like in dizenige rûnte te wêzen, dy't him amper ôftekene. Gjin kontoeren, gjin kleur.
Falle wy dêr nei ûnderen?, frege se har benauwd ôf. Mar se doarst net mear freegje. Se seach ûnder har fuotten, want se wist net, wêr't se ôffalle soe. Under har fuotten seach se in ljochtgriene matearje, dy't ek wyt neamd wurde koe, sa ljocht wie dy. De bleekgriene kontoeren tsjutten op gers, mar it binnenste like spûnseftich. Wat siet der yn? Wetter, lucht? Wêr sieten dy spûnseftige triedden oan fêst? Se seach strak foar har fuotten, mar se koe oars neat ûnderskiede as in soarte fan wolk.
Doe waard se kjel fan har teannen. Ek har teannen hiene dizze frjemde foarm oannaam, as bestiene se inkeld noch út feale linen dêr't de bûtekanten mei oantekene wiene. Se fielde net mear hoe't har fuotten dizze gersachtige substânsje oanrekken. Hie se dat earst noch wol field? Op 'e nij begûn der in gefoel fan stjerrende benaudens by har op te kommen, mar like hurd as it opkaam, ferflechte it ek wer, as waard it allinne mar oanmurken. Se ferwûndere har der oer, in ferwûnderlik glimke glied oer har gesicht, makke it justjes trochskinender.