en in perfekt lykwichtsgefoel beskikt, wit men it nea.
Hoe wichtich it technyske kinnen fan de printer is, blykt net allinnich út de seefprint fan Van Elk, mar ek út de prachtige swart-wyt lito's fan Rob van Koningsbruggen (1948, Amsterdam). Dizze lito's, dy't in trijelûk foarmje, besteane by de graasje fan de yllúzje, dat se mei de kwast en wol yn ien floeiende of minder floeiende beweging skildere binne. Foar Rob van Koningsbruggen, dy't him as konseptueelskilder benammen dwaande hâldt mei it skilderjen as hanneling, as proses, komt it krekt op de allerlytste details oan. De inoar oerlapjende kegels, dy't oan de foarm fan de diabolo tinken dogge, binne lykwols net allinnich de teare útkomsten fan in formeel ûndersyk, mar ek twingende tekens yn 'e romte. Yn de galery ha se dan ek de measte fjouwerkante meters muorre tametten krigen.
Toine Horvers, Carola Popma en Arie Berkulin, dy't mei Henk Visch in sterke deputaasje út Brabân foarmje, komme yn Ljouwert mei gloednije printen foar it ljocht. Toine Horvers (1947, Tilburg), dy't him as performancekeunstner foaral mei fysike ynspanning dwaande hâldt, hat ien fan syn ‘foarstellingen’ op it platte flak útwurke. Op in fjouwerkante seefprint mei de titel ‘Beweging’ binne de printen fan in tamponearkwast te sjen. De spoaren, dy't oer it hiele flak rinne, binne oan de iene kant wyt en oan de oare kant swart.
Ek Carola Popma (1954, Tilburg) hat in fertroud tema oppakt en fierder útwurke. De Tsukubai, it rituele Japanske wetterbekken, dat al jierren in sintrale rol yn har wurk spilet, is troch in like ienfâldige as ferrassende yngreep ien wurden mei de planke, dy't de basis fan de print foarmet. It sakrale wetter fan it ovale bekken is in fochtkring, dy't as in sêft griene bân mei de bûtenste jierringen fan it blanke hout strykt. Sa is der in nije iepen romte ûntstien.
Arie Berkulin (1939, Luijksgestel), dy't lykas Carola Popma byldhouwer is, giet it ek om de romte. Trije koarte kromme strepen behearskje in rjochthoek, dy't ferparten is yn fjouwer ûngelikense rjochthoekige dielen. De giele en swarte ‘krommen’ foarmje in trijehoek tsjin de eftergrûn fan wyt, grien, terra read en nachtblau. It resultaat hie net monumintaler wêze kinnen.
It lytste wurk op dizze útstalling stiet op namme fan Oey Tjeng Sit (1917, Amsterdam). It binne twa offsetlito's út de map ‘Frisch gestrichen’, dy't eastersk oandwaande tekens sjen litte. Se lykje hermetysk, mar ek iepen en licht. De subtile tsjinstellingen binnen it wurk fan Oey Tjeng Sit, dy't yn Amsterdam lange tiid in apoteek anneks etalaazje-galery hân hat, binne betiizjend en fassinearjend tagelyk.
It analytyske skilderjen hat njonken Rob van Koningsbruggen noch in fertsjintwurdiger yn 'e persoan fan Marien Schouten (1956, Amsterdam). Syn reade en griene bûgjende en kronkelige fervestreken, dy't op it earste gesicht nei minsken lykje te ferwizen, binne op 'e keper beskôge de dynamyske ele-