In ein foar har út siicht er ynienen rûngear oer de grûn. De skrik slacht har even yn de fuotten. Soe er in oerhaal of sokssawat hawwe? O nee, hy makket syn fiters los om se better fêst dwaan te kinnen. Ja, ja dat grapke kin se no sa stadichoan wol. At se harsels oer de meuch rûn hawwe geane drekt de fiters los. Se hat him samar ynhelle en op it stuit dat se him foarby sil, komt er oerein en grypt nei har boarst en tusken har fuotten. It hert slacht har in slach oer mar ek tagelyk slacht se yn in refleks dy gripende kloeren fan har ôf. En mei set se de sokken deryn, oant se neat mear fan it skellen en rachen achter har heart en se om doar te sjen.
De man is nearne mear te sjen. Stadichoan wurdt se wer wat kalmer. Dit hie se noch net earder meimakke dat in man sa min in oer himsels ôfroppen nederlaach ferkropje koe. Wat die se hjir ek allinne te draven! Dit wie de lêste kear dat se hjir jûns rûn. Foaral dy boskjes oan it begjin en de ein fan it fiadukt wiene ideale plakken om har yn mei te lûken, plus de rest. Wat joech it har at se in mes by har hie mar se koe der sa gau net bykomme om der wat mei te dwaan? Se moast it eins mei in riem op de heup drage kinne, mar dat wie wol wat al te opsichtich.
Wat wie dat? Komt dêr wer ien op har ôf? Nee, it is har skaad dat yn en út portiken fan huzen dûkt. Dêr kin fansels ek ien him yn ferskûle hâlde om der ûnferwachts út te sjitten en har mei nei binnen te lûken en yn sa'n nearzich lyts kelderhokje tenei te kommen. Unwillekeurich giet se sa fier mooglik fan de huzen ôf rinnen. No moat it net mâlder, der is har ommers noch noait sokssawat oerkommen. (No ja, op dy frustrearre sa-noadich-ek-drave-moattende kantoarhin fan sakrekt nei dan.)
No krijt se aanst even in ein sûnder bebouwing lâns de rûnwei, mei links en rjochts braaklizzende grûn. Moai oersichtlik, mar ek sûnder de feilige beslettenens fan de huzen. Gelokkich, dat hat se wer hân, en de earste snackbar slacht syn fette wâlm fan ôfbakt fet har yn it gesicht. Even de siken ynhâlde dan mar. In petatsje is trouwens wol lekker sa no en dan, mar dan moat it net sa stjonke yn sa'n tinte. Dat bedjert de lekkerste honger.
Allemachtich wat in stik wyn komt der achter dat fletgebou wei. Se stiet hast even stil, mar dan boarret se har mei de holle foardel en it boppelichem mear foaroerbûgd in gong troch de muorre fan wyn. De fytser op de fentwei neist har kin it net mear fytsende hâlde en se draaft him hast triomfantlik foarby. Dat is altyd moai wurk: in fytser yn 'e wyn foarby drave.
Dit lêste fiadukt noch en dan hat se har rûntsje hast wer hân. Dit part fan de rûnwei, mei it fiadukt, rint min ofte mear oer in útrinder fan it yndustryterrein. Dit eintsje der by op is har altyd in geniet om it lêste der noch even út te goaien. Mar se hat net safolle lucht mear oer om't se harsels yn it begjin tefolle forsearre hat. Chot, ja!, dy rotsak! Se hopet net dat er de kommende dagen