Piter Yedema
It lege midden
Oer: Piter Boersma, Op weagjende grûn.
Koperative Utjowerij, Boalsert 1984.
De poëzy yn dizze tredde fersebundel fan Boersma komt jin noflik en ûnderhâldend oan. De dichter stelt de lêzer net foar riedsels, mystearjes en oare ûnoplosberheden, syn gedichten jouwe in tal wenstige poëtyske tema's wer op in wize dy't perfoarst net baanbrekkend is. Oan poëzy moat lykwols ek de eask steld wurde dat hja nij en nijsgjirrich is en net allinne gongbere paden delgiet.
It haadtema fan de bundel soe ik de nostalgy neame wolle. De dichter besiket yn tal fan fersen de wrâld fan eartiids sa skerp en sintúchlik mooglik foar jin del te setten. Besocht wurdt om dy wrâld te benaderjen, dêryn te ferbliuwen. In tema dat dêrmei anneks is, is de beskriuwing en it belibjen fan de natoer. De natoerlike driuwfearren oppenearje har op in ideale wize yn de dreamwrâld dy't it ferline ek is. Fansels is it ûnmooglik om yn dizze idealisearre wrâld te libjen, men rakket yn in isolemint, men ferfrjemdet fan de werkelikheid ensfh. Party gedichten wurkje dizze gefoelens fierder út.
Yn it earste gedicht fan de bundel, ‘it lêste hûs’, wurdt de wrâld fan it ferline mei ûngewoane gloede delset. Der wurdt langst útsprutsen om yn dy wrâld te ferbliuwen ‘ik wol mei immen op 'e hikke sitte’, mar tagelyk is hjir ek al it besef dat dizze privaat-werkelikheid (‘it wurdt werkeliker alle dagen noch’) ta gruttere iensumheid liede sil.
Gedichten om it twadde tema hinne liede ta in hâlding fan oanfaarding. Yn it weromkommen fan de maityd wurdt in befêstiging sjoen dat it ferline yndied weromkomme kin. In suver foarbyld derfan is tinkt my ‘de sinne de waarmte it ljocht’. It kin net daalk in erfaring neamd wurde dy't jin omsmyt, ek de taal is flak en prozaysk:
de ienfâld fan hjir te sitten
tusken krokussen en titelroazen
sa fertroud en dochs sa nij
Dochs bringe dizze gedichten wat opteinens, wat moed yn de selsopwekke