Fan der Mear mient dat de reden dy't de redaksje joech, ntl. te min argumintaasje, mar in gelegenheidsargumint wie. Dat betsjut dat wy as redaksje in oare reden hân ha moatte om it stik net op te nimmen. Dêr bin ik fansels tige benijd nei, mar Fan der Mear neamt dy net. Der binne dochs genôch te betinken: wy nimme gjin minne kritiken op, of wy hâlde froulju de hân boppe de holle, of wy binne allegearre bline bewûnderers fan Baukje Wytsma, of wy wegerje sa no en dan in stik fan in âld-redakteur om dy yn te druijen dat wy no de baas binne, ensfh. Dêr hie mei wat mear fantasy wol wat fan te meitsjen west.
Mar no nei it stik sels: ‘Oanrekke fan in djipper witten?’ It earste dat jin opfalt is it delbûgjende praten oer ‘dy goede Baukje’, dy't sa priizge wurdt. Hja kin neat dwaan oan har resepsje, sa't Fan der Mear sels ek al seit, mar dochs spilet dit elemint by him in rol. Hja kin der nammers eigenwiis fan wurde, en wy hawwe al sjoen dat Fan der Mear persoanlik noed stiet foar de goede ferhâldings en dus ek foar de karakterûntwikkeling fan de Fryske skriuwers. Hja moatte net bedoarn reitsje.
In folgjend beswier is dat de resinsint de poëzij yn de besprutsen bondel net serieus nimt. No is it fansels in goed ding om alles wat te relativearjen, benammen jins eigen gelyk en ek net minder sok djipsinnich dwaan as de poëzij, mar dan leafst wol op in geastige manier. Net geastich is yn myn eagen it yngean op retoaryske fragen, lykas byg. bart yn dizze wurden: ‘“Wa lit myn fuotten dûnsje / en wêrom?” Ja, ik soe 't by God net witte.’ Datselde wurdt efkes letter nochris herhelle mei it wurdtsje ‘O’, dêr't Fan der Mear as dichter ek al sa gek mei is. ‘Soa’ is yn sokke gefallen lykwols wol sa eigen. Jo krije dan: ‘“Oanrekke fan in djipper witten”, sjocht de skriuwster “mei eagen fan de siel”. O (= Soa). Se wist “alles is hjir, is no, / witten is wezen”. O (= Soa)’, ensfh. Sa kin eltse dichtrigel fansels wol begekke wurde, mei as achterlizzende gedachte ‘Stel dy net sa oan; doch mar gewoan, dan dochst al gek genôch!’
Dizze alinea rint dan út op de klacht fan Fan der Mear dat hjir neat wêzentliks oer ‘it libben sels’ (de wurden fan Baukje Wytsma) meidield wurdt. Fansels net, sis ik dan. Ik bin ek noch nea op it idee kommen om dat fan in gedicht te ferwachtsjen, ek al ûnthjit sa'n gedicht it faaks wol. Wêr soe Baukje Wytsma of hokker keunstner ek mar, dy wittenskip oer it libben weihelje moatte? ‘Goed skriuwen is it produkt fan helder tinken’, ponearret Fan der Mear dan oan 'e ein. It misferstân dat him niis al oankundige, stiet no yn syn folle gloarje foar ús. It liket wol oft Fan de Mear nea heard hat fan diskusjes lykas om Céline of de lêste tiid ek om Reve hinne. Céline is in anty-semyt, in grut skriuwer en dus in helder tinker? Fan der Mear bewust it ferbân tusken helder tinken en goed skriuwen ek net: ik bin tige benijd nei dat bewiis. De basis