Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 5] [p. 5] Geart fan der Mear Oktober wer,... oktober wer, en ik lês it wûndere ferhaal fan Douwe, ‘prince lontain’, en Pimmy Smots. de ‘ljeafste’ waard in ‘achte freon’, en ‘dû’ waard ‘Jy’ en ‘Jo’. mar freonskip bleau oan 't lêste ta, al foel it bûten wênst en boargerlik bestek. de jiergong komt al neieroan syn tsjusterste oere en kjeld lûkt wer de huzen yn. no is it wer de tiid fan fragen, fan dè fraach: hoe sil de tiid ús oantaaste, dij, sa oantaastber. o ‘ljeafste’, behâld dyn langstme, achte freondinne, hâld heech en feardich yn dij de flamme, spegeling fan mines: brânende freonskip, hertstocht fan 'e geast. Vorige Volgende