Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 4] [p. 4] Eppie Dam Long-drink Augustusnacht. De liguster slacht flam yn it skynsel fan ús houtfjoer op 'e tún. It gloarjend blêdte ken de eangstme net, yn brún en swart ferskronfeljend, fertard te wurden, lykas Mozes' toarnbeibeam de tiid hân hat te baarnen mei behâld fan langstme. Krekt sasto dêr sitst, it antlit skitterjend bestindich yn 'e dûns fan wevend ljocht: noch jong, noch âld - sa ûnoantaastber foar de tiid te wêzen! Mar ûndertusken, de fiksje raant ús ûnder hannen wei as tinne blokjes iis dy't hieltyd heger klinke yn ús long-drink-glêzen. Vorige Volgende