Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 2] [p. 2] [Nummer 1] R.R.R. van der Leest Keunst en wurklikheid rjocht de rêch de knibbels prangd siet se yn de midnacht bar faam dy't har wol sette woe nei it triuwkjen fan myn hân oer de flier fertrape klean ûnder tinne bêzje slip twange hûd dy't delstrûpt is om in hakke stykjen bliuwt wat haw ik oan poëzij fersebondels by de rûs no't sy 't rôze boekje mei de twa blêden iepenslacht nee gjin dichterlik geskyt dat is mar sabeare guod echtens leit hjir no by har tusken skonken sa't ik doch [pagina 3] [p. 3] Winskdream as ik in âldkeardel bin wol ik allegear dingen dwaan dy't ik út fatsoen fersomme haw ik sil midden ûnder de foarstelling rachelje ik sil op 'e tafel stean gean de boks tsjin it plafond hâlde en de boppebuorlju op it lûdst de njoggende fan beethoven hearre litte ik sil neist it urinoir mige ik sil de bus stopje litte as ik der net út hoech ik sil elkenien dy't my it paad freget de ferkearde kant út stjoere ik sil âlde wyfkes helpe by it oerstekken en midden op 'e dyk stean litte ik sil de balonnen fan lytse bern lek prippe ik sil de froulju yn 'e billen knipe en ik sil wille hawwe as se sizze tink derom dêr hast dy fize fint ja ik wol hearlik ûnbeskoft wêze as ik in âldkeardel bin Vorige Volgende