freedtemiddeis is de begraffenis, de moandeitejûns wurdt it testamint iepene. Dit binne twa fan de hichtepunten of kearnsênes yn it boek. Op de oare tiden folgje wy bg. Martin by syn besites oan syn bertedoarp en syn weromtinken oan syn jonge jierren, dellein yn in brief oan Martine, en ek Martine by har kontakten mei har man, har broer, en har suster en by it weromtinken oan earder tiden by it blêdzjen yn in âld deiboek. Dizze parten binne tige regelmjittich fan opbou; hyltyd in haadstik(je) foar Martin (a) en ien foar Martine (b). Sa is it skema fan ‘De sneons’ ababababa, en fan ‘De moandeitejûns’ (nei in ôfwikend begjin) babababa. De skriuwer sil wolris wat muoite hân ha om it sa moai foannoar te krijen, mar it is net sa dat it bonkerak fan de roman troch it fel hinne stekt: nearne docht de ôfwikseling tusken a en b keunstmjittich oan, yn myn eagen. Wol is de ôfwikseling soms ta stân brocht mei help fan tige koarte fragminten.
Apart is fierder benammen dat as it spannend wurdt, of der in oare gaadlike oanlieding is, it ferhaal ynienen oergiet yn de toanielfoarm, kompleet mei skeanprinte regy-oanwizings en al. As de beide toanielfragminten fan ‘De freedtemiddeis’ ta ien rekkene wurde (der sitte mar 3 ‘gewoane’ siden tusken), binne der krekt de fiif bedriuwen fan it klassike toanielstik. Sa binne de begraffenis, de lepening fan it testamint en de ‘happy ending’ op ‘De tiisdeitemoarns’, as de bern beslute har erfskip te wegerjen en har dêrmei fan har ferline befrije, yn dizze toanielfoarm skreaun. Yndied soe men dat lêste bedriuw mei Jan Wybenga yn syn besprek yn de Ljouwerter (10/5/1985) de ‘katharsis’ neame kinne. Ik bin it lykwols net mei him iens dat yn it fjirde ‘toaniel’, by it iepenjen fan it testamint, praat wurde kin fan de klassike ‘omslach’. Wat dêr nammentlik bekend wurdt is eins net folle nijs.
Neffens de flap kinne (en meie) de fiif bedriuwen meiïnoar as in folslein toanielstik spile wurde; oft dat in folslein byld opleveret fan alles wat der yn it boek bart, haw ik net en detail neigien, mar it is fansels net botte wierskynlik, om't it toanielstik mar 67 fan de 182 siden omfettet. It soe betsjutte dat der yn de ferheljende parten en de toaniel-stikken in soad dûbel en ferwikselber materiaal sit, en dat is my net opfallen. Fansels moat men by de skieding toaniel/ferhaal net al te krekt sjen: benammen yn it earste ‘bedriuw’, de dialooch tusken Martine en har man Robert, sitte ek noch ferheljende parten, bg. op s. 14 en 15. Yn myn ynterpretaasje lit de skriuwer sa de lêzer fan s. 11 ôf stadichoan yn 'e kunde komme mei de toanielfoarm, dy't letter suverder tapast wurdt.
Riemersma (Proza van het platteland, s. 27) jout de fertelfaasje oan as ynstrumint dêr't de wichtichste parten út it ferhaal mei opspoard wurde kinne. ‘Je kunt er nl van uitgaan dat het zwaartepunt van de handeling daar ligt, waar de verteldichtheid - als gevolg van een relatief lage vertelsnelheid