Trotwaer. Jaargang 17
(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 360]
| |
Anne Wadman
| |
[pagina 361]
| |
haad fan it Buro Kulturele Saken yn Ljouwert. Der hat mien ik sels kontakt oer west mei de Haachske útjouwer Stols. Mar it wurk wie net ôf en de samling wie ús ek net nei 't sin. De departemintale opdracht wie wider fan strekking (fan Piter Jelles ôf). Yn oerlis mei Tamminga haw ik dy doe foar mysels allinne oernommen. Derby sil it feit dat de 1000 gûne in wolkomme bydrage wie by it opbouwen fan in s.n. maatskiplike posysje (myn earste moannesalaris op 't Fean bedroech f 43,80) ek in rol spile hawwe. Efternei besjoen hie it grif better west, as ik de opdracht weromjûn hie mei it fersiik om in nije opdracht oan ús beide. Yn alle gefallen wie der de útdaging en de jeuchlike (oer)moed om it karwei oan te fetsjen. It wie yn de tiid dat de aktive kultuerpolityk fan de eardere minister Van der Leeuw ta útfiering kaam, dêr't ek de kultuersprieding en de oandacht foar it regionaal kultuerlibben yn pasten. De tiid wie wol ryp foar wat bekendheid fan de Fryske literatuer; it soe wakker heve. It ûntstean en de groei fan it wurk kin ik my net folle mear oer tebinnenbringe. Grutte spanningen hawwe der leau 'k ek net west. Wol haw ik in swiere put hân oan it sels meitsjen fan fierwei de measte oersettingen. Der is tankber gebrûk makke fan wat der al wie, en fan de help fan oaren, Tamminga, Theun de Vries, Gerrit Borgers en foaral Fedde Schurer, de oerset-firtuoas, mar ik hie ek út de opdracht sels ôflaat dat it measte wurk foar mysels opkaam (dat ik it sèls ‘fertsjinje’ moast), en sadwaande haw ik my tè faak set ta it oerbringen fan fersen dy't my net sa leinen. By it besprekken fan de resinsjes kom ik dêr noch oer te praat. Al yn augustus 1948, doe't it wurk noch yn in stadium fan tarieding wie, haw ik war dien om in útjouwer te finen, en wol yn de firma Daamen te Den Haach, dêr't doe Bert Bakker al direkteur fan wieGa naar eind1. Mooglik hâldt dy kar ferbân mei it feit dat dy krektlyn it boek Commentaar op Achterberg útjûn hie, dat yn haadsaak út de Podim-rûnte kaam en dêr't ek in koarte bydrage fan my yn stie. 25 jannewaris '49 skreau Bakker my, dat er de útjefte net oandoarst. In goed wike letter al kaam de útrêding fan ûnferwachtse kant troch in brief fan Dr. W.L. Brandsma út Grins, dy't koartlyn in Hollânske karlêzing Dichterkeur útjûn hie by de Leidske útjouwer L. Stafleu en dy oanrekommandearre. Trije dagen letter in brief fan my nei Stafleu en wer trije dagen letter antwurd: ‘Ik ben voor het plan erg geïnteresseerd.’ Stafleu is net in útjouwer dy't in soad spoaren op literêr mêd neilitten hat. Mar it wurkjen mei him wie tige noflik, al hawwe der wolris lytse probleemkes west, ek troch myn eigenwizens. Yn de samling is in brief fan sines dêr't in poarsje tige goede op- en oanmerkings yn makke wurde op myn Hollânsk taalgebrûk. De measte dêrfan haw ik oernommen. Op inkelde punten lykwols hâlde ik koppich myn ein fêst, en krekt dy punten fûn ik soms letter yn 'e kri- | |
[pagina 362]
| |
tyk werom. Ien foarbyld. Op s. 27 stiet oer Obe Postma: ‘van het gewone natte sentiment in dergelijke herinneringsverzen is (by Postma dus, A.W.) niets aanwezig’. Stafleau frege him ôf ôft it net in tikflater wie foar ‘matte sentiment’. Mar dat haw ik stean litten, ik bedoelde fansels sokssawat as ‘sentiment dat met veel tranen gepaard gaat’, en ik miende mei sok in ‘byldzjend’ brûken fan in yndirekt adjektyf ‘moai’, yn alle gefallen ‘raak’ en ‘konkreet’ te skriuwen... De simmers fan '49 is der drok arbeide om it boek noch foar de Fryske Boekewike yn 'e winkel te krijen, dêr't ik op oanstien hie. Dat slagge: 28 septimber dielde Stafleu my mei, dat it boek klear wie.
De earste fermelding yn 'e parse is dy yn Frysk en Frij fan 7 oktober, in stikje fan Y(pe) P(oortinga), dêr't út bliken docht dat (wat ik net mear wist), Douwe Tamminga út it hânskrift foarlêzen hie op in Regionaliste-kongres te Bakkefean: ‘Der wiene dielnimmers dy't neitiid seine: “nou pas is it ús dúdlik hwerom't dy Friezen sa waerm binne foar har tael en kultuer. Hjir is hwat dat de muoite wurdich is om der foar op to kommen”.’ - Dy ferheardens kin fansels ek lein hawwe oan Tamminga syn deklamaasjekeunst... Ik wit net oft myn samling kritiken folslein is. Ik gunde my doe noch wol de lúkse fan in Plakboek, mar it plakken sels bleau der wolris by en der waard net nei kompletens stribbe. Yn myn besit binne 32 koartere of langere resinsjes. 10 dêrfan yn Fryske of yn Fryslân ferskinende periodiken, 1 yn in Súdafrikaansk blêd, Die Huisgenoot, dat my foar in dichteresse hâldt, en de rest, 21, yn Hollânske blêden. Mar sommige fan dy lêste binne skreaun fan Friezen of fan lju dy't mei Fryslân wat te meitsjen hiene: Fedde Schurer, R. Wiarda, Fokke Sierksma, O. Noordenbos, Yge Foppema. It omkearde komt ek foar: in Frysk blêd (It Heitelân), dat in net-Fries, de bekende hispanolooch dr. G.J. Geers, it boek besprekke liet, en de noardlike edysje fan Hef Vrije Volk dy't de Grinzer Hendrik de Vries oan it wurd liet. Eigenaardich is - mar der wie mien ik wol in reden taGa naar eind2 - dat De Tsjerne it boek net besprutsen hat. Yn al dy resinsjes wie nochal wat jubel en jûchei, in kearmannich it wurd ‘openbaring’. Gelegenheidsfreonlikens, sille wy mar sizze. En de measte en lûdste lofprizing kaam fan lju dy't net àl te folle weet hiene fan it ûnderwerp. Leaver stean ik dan ek efkes stil by de negative kanten yn de krityk. Dêr wie dan earst de ynlieding. Dy waard yn de measte resinsjes tige priizge en ik nim ek wol oan, dat guon lju hjir in aardige gearfetting yn fûnen fan wat foar harren in oant dan ta terra incognita en in ûnbekend probleem wie. De rop om in federalistyske reorganisaasje sloech doe ek wol oan. Mar der wie ek gâns krityk, sawol op 'e styl as op 'e feitlike ynhâld. Foaral dr. R. Wiarda, learaar Frânsk te Alkmaar, liet derGa naar eind3 net folle oan hiel: ‘Overal woordgezwij- | |
[pagina 363]
| |
mel, waarvoor de schrijver zelf nog wel had gewaarschuwd op de eerste bladzijde, maar hij is zo dronken van zijn eigen woorden dat hij enkel- en meervoud van onderwerp en gezegde niet meer onderscheidt’ (it foarbyld dat er jout, oertsjûget my net alhiel). ‘Een zelfde koortshitte’ fielt er opstigen út it stik oer Fedde Schurer. ‘Verder een volkomen gebrek aan stijlgevoel in een beschouwende, historische studie als deze’, en dan folget in opmerking oer dat ‘natte sentiment’ dat ik hjirfoar al neamde. Ik nim oan, dat de styl fan it stik Wiarda net akademysk genôch en ryklik essayistysk-polemysk west hat, en dat sil ik net ûntstride. Ek ynhâldlik hat Wiarda gâns krityk, û.o. dat ik ûnbillik wie tsjinoer Douwe Kalma en de Jongfryske literatuer. En dat sil ek wol wer te meitsjen hawwe mei de te subjektive toan en mei it konfrontaasje- en ‘evangelisaasje’-karakter fan de ynlieding. Nammers, ik sloech doetiids noch wakker mei de bile, stomp of net stomp, om my hinne. Minder kin ik it lykfine mei de konstatearring fan Wiarda, dat ik wol it swakke proaza fan Marten Baersma sinjalearre, mar net it ‘schitterende proza’ fan E.B. Folkertsma; it mei wier wêze, mar út soarte gyng it hjir om skeppend en net om essayistysk proaza. In twadde skerpe krityk treffe wy oan yn de Leeuwarder Courant fan 4 novimber '49, anonym, mar sûnder mis fan de hân fan haadredakteur Jan Piebenga. Hy hat û.o. beswieren tsjin myn foarstelling fan it Frysk-nasjonaal fielen troch de ieuwen hinne, myn te min achtslaan fan de historiografy yn de 17de en de 18de ieu. Hy fynt dat ik ‘dikwijls primitief noem wat alleen maar nietdecadent is’ (in typysk Jan Piebenga-item) en dat ik foarbygean oan - en dat is yn myn each in wat glysterich terrein - ‘de pangermanistische inslag in de Friesche Romantiek’, wat net alhiel terjocht is, want op side 15, by it besprekken fan Harmen Sytstra, wurdt wis wol dy kant út wiisd, al is it net mei it epiteton ‘pangermanistisch’. Fierder fynt er dat ik te leech delsjoch op it Winterjûnenocht (ik tink myn mear ‘literêre’ fisy tsjinoer syn mear histoarysksosjologyske), en dat ik de poëzij fan Pyt van der Burg net opnommen haw, in ferwyt mei rjocht. En dat ik yn it algemien te folle tajou oan de sucht nei aktualiteit. Ek dat is net alhiel ûnwier. Ik kom dêr noch op. Oan 'e ein dan in snear: ‘iemand die negen verzen van zichzelf in de bloemlezing opneemt, moest de bescheidenheid ook niet zo valselijk doordrijven, door in de inleiding over eigen figuur te zwijgen!’ Dêr siet miskien by Piebenga yn dit stik wol in lyts bytsje rankune efter: ik hie yn myn blomlêzing gjin wurk fan sines opnommen. Ik wit noch krekt wêrom't dat wie: ik haw it ynmoedich besocht, mar seach gjin kâns wat fan syn poëzij (bondel Waerglês) yn draachlik Nederlânsk om te setten: it wòe stomwei net. Faaks hie ik immen oars, of de dichter sels freegje moatten: mar dat is dan net bard. Wat dat ûntbrekken fan mysels yn de ynlieding oanbelanget: út de briefwik- | |
[pagina 364]
| |
sel mei Stafleu docht bliken dat it ynearsten wol de bedoeling west hie, dat ik in soarte fan objektive gearfetting jaan soe fan wat oaren oer myn dichterlike produkten skreaun hiene. Stafleu fûn dat net sa gelokkich en rette oan dy lju dan mar letterlik te sitearjen. By einsluten haw ik it hiele stik weilitten, mooglik mei de bygedachte, dat de lêzer dat wurk sels wol yn it goede kader skikke kinne soe. Dat der fan mysels 9 fersen yn de blomblêzing steane en fan Douwe Tamminga mar twa méar (mar fan Sjoerd Spanninga, dy't doe noch gjin bondel publisearre hie. 10. dat moat der earlikheidshalve by sein wurde) - wie yndied bûten de proporsjes. Mar it hie syn reden. Ik haw mysels yn dy jierren as poëet oerskat, yn elk gefal tige au sérieux nommenGa naar eind4, en dat lei in bytsje yn de kontekst fan dòe. Ik hie de foargeande jierren nochal ûnder de ynfloed fan it Hollânske blêd Forum stien - benammen (de ‘ûndichterlike’) Ter Braak, Du Perron en Greshoff En it tydskrift Podium, dat ik mei help fan Gerrit Borgers út Assen wei nei Amsterdam loadst hie, dêr't Fokke Sierksma (‘de nije Ter Braak’ yn ús eagen) de ûnomstriden lieder en iksels in pear jier lang in nochal marzjinale meiredakteur fan wie, fielde him de fuortsetter fan Forum. Dat docht èn út de essayistyk en polemyk èn út de poëtyske bydragen dúdlik bliken. Dat klimaat en dat soarte fan poëzij - it ‘anekdoatysk realisme’, de poëzij fan it ‘gewoane wurd’, faak ferbûn oan in wat skeptyske en soms synyske libbensfisy en getten yn in konkrete, klassike fersfoarm (faak it sonnet) - wie foar my sokssawat as de ‘rop fan de tiid’, de poëzij fan dàt momint. En dy poëzij waard dus in soarte fan slotakkoart fan it boek. In pear jier neitiid wie de koerts ferlein, gyng b.g. Podium oer nei it dichterlik eksperimintalisme (dat yn Proloog al begûn wie) en kaam al ridlik gau ek yn Fryslân in trochbraak yn de poëzij: Jan Wybenga yn De Tsjerne fan 1952, Marten Brouwer, justjes minder útsprutsen, yn syn bondel Blauwe riten fan datselde jier, en yn 1953-'54 de groep fan De Golle. Yn de lêste jierren Fjirtich wie fan dy fernijing noch net it measte te sjen, al kin men der efterneibesjoen wol sinjalen fan femimme yn de Marsmanynfloed by Tamminga en Willem de Jong, en ek yn it wurk fan Sjoerd Spanninga. Der hearske in soarte fan ‘pas op de plaats’, in wynstilte as je wolle - foàr de stoarm as men it wurd ‘stoarm’ foar in poëtyske fernijing brûke mei. Yn dy wynstilte foel wat ik doe seach as Frysk ekwivalint fan de Podium-poëzij (sels fuortsetting fan de Forum-poëzij). As de pommerant fan dy poëzij seach ik benammen Gerben Visser (mei 8 fersen fertsjintwurdige) en fierder rekkene ik dêrta Marten Sikkema, Freark Dam en mysels, sa'n bytsje de groep fan de Reiddomp-rige-dichters. Yn harren optreden, mei alle ûnderlinge ferskillen, siet foar my in dúdlik waarnimber stikje kosmopolitisme, dat ik as ‘propagandistysk materiaal’ tige goed brûke koe. Wat mysels oanbelan- | |
[pagina 365]
| |
get kaam dêr by, dat Gerrit Borgers nochal wat oersettingen fan myn fersen foar Podium makke hie. Frieslands Dichters is, sa besjoch ik it no, frucht fan dy wynstilte, momintopname, dwerstrochsneed fan in beskate faze. Dat is dan wat Piebenga omskriuwt as te swiere klam op 'e aktualiteit. Der wie my doe in soad, miskien wol alles oan gelegen om de Fryske poëzij foargoed efter de kowesturten wei te heljen, dêr't gâns lju har doe noch leaver hâlde woene. Yn dat stribjen bin ik mooglik te fier gien. Piebenga formulearret it sa:
‘Zijn opzet is kennelijk geweest de Friese literatuur voor Hollanders met literaire belangstelling acceptabel te maken en om zijn bedoelingen te doen slagen, spreekt hij gedurig in ietwat denigrerende terminologie over de Friese productie die hij tegelijk wil verdedigen; dat hij daarbij acht bladzijden aan Piter Jelles wijdt is begrijpelijk, al ontwricht hij daardoor de verhoudingen. Erger is dat hij een voorkeur heeft voor het jongleren met woorden als Europa en Europees als aanduidingen voor een (volkomen fictief) normbegrip.
In oar part fan de kritiken jildt de oersettingen en dan yn 't bysûnder dy fan myn hân. It skerpst is yn dit stik Hendrik de Vries yn Het Vrije Volk (edysje Ljouwert-Grins) fan 28 oktober en 4 novimber. Der is wol in plom foar de oersetting fan Piter Jelles syn Lêste blink, ‘omgetoverd in een eveneens mooi en ontroerend Nederlands gedicht’, mar de skriuwer ferfettet:
Zulk een herschepping is echter een zeldzaamheid: deze ‘loffelijke vertalingen’, zoals het stofkaft ze noemt, zijn gewoonlijk alleen loffelijk wegens een ijver, die het doel voorbijschoot. Ook in die gevallen waar de dichter zijn eigen vertaler was, krijgt men gewoonlijk vrij zwakke verzen, die eerder een rookgordijn vòòr dan een toegangspoort tót de originelen vormen.Ga naar eind5
De Vries adstruearret syn krityk dan oan in fergeliking fan Freark Dam syn In memoriam patris mei myn oersetting en seit: ‘de versbouw noodzaakte tot een verkeerde woordkeus.’ Ik kin him gjin ûngelyk jaan. Mar hjirmei snijt De Vries ien fan de problemen oan dêr't ik foar stie en dêr't gâns oersetters fan benammen âldere poëzij foar komme te stean: de kar foar in wurdlike omsetting yn in soarte fan dichterlik proaza of in minder wurdlike fertaling mei behâld fan metrum, rymskema en oare ferstechnyske ferskynsels. Ik haw foar dat lêste keazen, en by wize fan skeafergoeding fuotnoaten pleatst by dy plakken dêr't de orizjinelen fan de oersetting ôfwike. Dat prosedee hat sûnder mis faak in ‘verkeerde woordkeus’ oplevere, temear omdat ik der ek nei stribbe haw my ynhâldlik sa min mooglik fan it orizji- | |
[pagina 366]
| |
neel te ferwiderjen en sadwaande ek tekstueel yn in twangposysje rekke. Miskien haw ik dêrmei de ferkearde kar dien òf de goede kar net op 'e goede wize dien: mei justjes mear frijheid te nimmen tsjinoer it orizjineel wat it ynhâldlike èn de foarm oanbelanget, hie it faaks better wurden. In pear kritisi hawwe eksplisyt sein, dat se alsaleaf in technysk frije en wurdlike oersetting hân hiene. Ik soe it nòch net witte as ik hjoeddedei foar in selde kar stie. Mar dat hoecht gelokkich net. It is 36 jier lyn, en ik tink dat der no oan it oersetten fan poëzij oare easken steld wurde soene, bygelyks dy fan mear oer-dichting, omskepping ta in nij gedicht, selsstanniger fan syn oarsprong, mar mei deselde lading. Nettsjinsteande al dizze problemen en beswieren hat Frieslands Dichters tinkt my wol wurking dien. It boek is ridlik goed ferkocht en hat yn 't algemien positive reaksjes by de kritisi oproppen. It wie, sa sjoch ik it no, de ôfsluting fan in tiidrek (lit ús sizze: 1935-1948) en bopedat foar gâns lju bûten it Fryskebewegingsrûntsje ek in soarte fan sinjaal. Wat deselde útjouwer fan doel west hat mei in koart dêrnei ferskynd boekje ûnder de wat dûbelsinnige titel Kleine keur uit Frieslands dichters, no ûnder redaksje fan Fedde Schurer, Douwe Tamminga en myn persoan - ik haw it net yn myn boekefoarrie weromfine kinnen - is my altyd wat tsjuster bleaun. As er hope hat sa de ferkeap fan de grutte broer te befoarderjen, dan hat dat yn myn each in fersin west, it sil dy earder tsjinwurke hawwe. Fan Frieslands Dichters sels is nea in twadde printinge kommen, mei rjocht, liket my ta: it boek is datearre en men mei oannimme dat wa't him of har no nochris yn dit stikje Fryske literatuerskiednis ferdjipje wol, de oplossing wol fine kin by in antikwariaat. |
|