| |
| |
| |
Harke Bremer en Jarich Hoekstra
Wite beane yn tomatesaus
(It neikommende is it fyfde haadstik út 'e spionaazjeroman Wite beane yn tomatesaus dy't de skriuwers hoopje dat skielk nochris in echt boek wurde sil. Wy jouwe foar it geriif fan 'e lêzer eefkes in koarte gearfetting fan it foarôfgeande.
De haadpersoan fan it ferhaal is Hoatse Groen, in Ljouwerter bankbetsjinde, dy't moaiwis nea ta grutte dingen kommen wie, at er net poertafallich yn 'e kunde rekke wie mei Léa. Léa is - wat Hoatse net wit - in agintske fan 'e MOSSAD, de Israelyske geheime tsjinst. Se is yn Ljouwert om in each te hâlden op it dwaan en litten fan in sjeich Abdullah dy't op dat stuit yn Fryslân tahâldt. Léa ferdwynt like hommels út Hoatse syn libben as at se deryn kommen is. Hoatse kin har lykwols net ferjitte; hij fynt út dat se yn Londen is, seit syn kostfrou, frou Hondema, dei en reizget Léa achternei. Yn Londen hat er in koarte moeting mei har, mar fuort dêrnei falt er yn 'e hannen fan Achmad en Jussuf, de liifwachten fan 'e sjeich dy't dan mei syn jacht yn Londen leit.)
‘Mei 'k 'm lobje, Rju Machtige?’
Jussuf betomke 't lims fan in grut knyft en yn syn eagen blonk de stille ferwachting fan in bern dat syn mem om in suertsje freget.
‘Jussuf moat net sa seure!’, fermoanne de sjeich.
Jussuf stume. ‘Ik mei ek noait wat.’
‘Pas op, hin!’ sei de sjeich, dyt syn nocht krige fan dat gesanger. ‘En bergje dat gefaarlike mes op, aansen snijst dy yn 'e fingers.’
Jussuf bûn 'm yn en stiek de dolk wer yn 'e skie ûnder syn jaske, mar men koe wol sjen dat it 'm mar min sinnige.
Hoewolt Hoatse 't arabysk fan 'e beide mannen net earlik neikomme kinnen hie, hienen Jussuf syn meneuvels 'm it slimste eanje litten. Nei alles wat er oant no ta trochstean moatten hie, hie er der oars doch al net folle moed mear op dat er hjir libben foarwei komme soe. Hij hong rûngear op 'e stoel dêrt er mei de hannen op 'e rêch oan fêstbûn wie. De holle wie 'm bûnt en blau, de ûnderste lippe tsjûk en 't bloed rûn 'm yn tinne strieltsjes út 'e noas en de mûlshoeken wei.
Hij wie wekker wurden op in steapel rûch tou yn in tsjuster hok, dêrt it nei
| |
| |
oalje en tarre stonk. Under 'm hie er 't droanen fan moters heard. Hij wie oereinklaud en hie bij de fiel om in útgong socht. Optlêst hie er wat fûn dat op in doar like. Hij hie as in wyld op 't izer om bûtst en om help roppen. Oeren letter wie de doar iepengien en in man mei in rewolver hie 'm hiten dat er nei bûten ta komme moest. Hoatse hie earst in skoft mei de eagen knipere tsjin 't ljocht en hie doe sjoen dat se op 't dek fan in skip stienen. Rûnom hie wetter west. De man hie 'm in dúst yn 'e rêch jûn en 'm betsjut wat kant at er út rinne moest. Se wienen bij in trep del gien en sa ûnder 't dek yn in gong bedarre. Dêr hie de man in doar foar 'm iependien en 'm yn in hutte treaun. Yn 'e hutte hienen noch twa mânlju west. In gewante kjirrel yn in ljocht pak hie noatich yn in hoekje stien mei de hannen op 'e rêch. En achter in bero midden oer de keamer hie in echte Arabier sitten, fan 't soarte dat Hoatse út 'e bernebibel koe, mei in holdoek en in lange mantel en sa. De man dyt Hoatse ophelle hie, hie 'm op in stoel delplakt en 'm fêstbûn oan 't bekling. Doe wie 't ferhear begûn.
De man mei de arabyske klaaiinge hie 'm frege wat er yn Londen die en hoet er Léa koe. Hoatse hie 'm alles nei wierhyd ferteld. Syn mem hie altyd heel fertrietlik west, at er floude en 't hie 'm sa talike dat dizze m'nhear dyt folle mear op in Wize út it Easten as op 'e reus Goaliat like en dêrom moaiwis bij de goeden hearde, dêr ek wol net wiis mei wêze soe. Mar dêr hie er mis mei west. De Arabier wie no just net fleuriger wurden fan Hoatse syn rjuchtute ferslach en alle kearen at Hoatse wat sein hie dat 'm net noaske, hie er de bear yn 'e hoeke fan 'e keamer de wink jûn. De kjirrel wie fuortendaliks út 'e hâlding sprongen, wakkere bliid dat hij ek in sint yn 't ponkje dwaan mocht. Syn bijdrage hie bestien út in ryk ferskaat fan slaggen-foar-de-kop mei tuskentroch foar de aardichhyd ris in pompke yn 'e mage of in traap tsjin 'e skinen. It wie dúdlik dat er foar dat wurk stie en dat er dêr in heel soad leafde yn lei. Hij hie mar min ophâlde kinnen, at syn baas fan ho rôp en kloatsekke altiten wat ûnwillich werom nei syn hoekje. It sil n't ien nij dwaan dat Hoatse troch dy bejegening slim tebûke wie, mar hij hie folhoden dat er Léa yn Ljouwert tafallich troffen hie en dat er nei Londen ta set wie om har te sykjen. Doet de man achter 't bero 'm frege hie watfoar ynfermaasje at Léa 'm trochdien hie, wie er op 'e tekst rekke oer hoe gesellich at it yn Be'ersjeva wêze koe op merkdagen en wat in typstras at der ûnder 'e bedûinekeaplju sieten en hoet Léa dan altyd fan har heit fan dat swiete kliemerige snobbersguod keapje mocht fan in âldwyfke dat dêr altyd siet. De Arabier wie pears om 'e holle wurden en hie raasd dat er 'm de bek hâlde moest. Mar doet de man 'm de fraach dien hie at er ek kontakten mei oare sionistyske spjonnen hie, wie 't Hoatse syn bar om lilk te wurden: hoe koe dy kjirrel
tinke dat hij mei oaren omsloech; Léa wie de iennichste foar him.
| |
| |
De sjeich wie aloan gremitiger wurden en hie sa njonkelytsen foar 't ferstân krige dat Hoatse wolris echt de jobbe wêze koe dyt er wêze moest, at it wier wie wat er sei. Hij knarste op 'e tosken. Achmad en Jussuf moesten ris ôfleare om alles mei te tôgjen wat se op 'e strjitte fûnen. No siet er mei dy ûnnoazele bloarre oanklaud. Hij koe 'm no ek al min mear earne oan lân sette; at de jongkjirrel oerkrante wat 'm oerkommen wie, dan soe dat mear publisiteit jaan as dêr't er op dit stuit ferlet fan hie. Hij wonk Hoatse syn bewekker en lústere 'm wat yn 't ear. De man knikte dat er 't begrepen hie en lake breed nei Hoatse. De goudene tosken blonken 'm yn 'e mûle.
Goudene stjerren blonken yn 'e kleare simmernachtloft en it ljocht fan 'e bleke moanne foel oan tûzenen diggels yn 'e weachjes fan 't Kenaal. It wie suver wynstil en inkeld natoerlûden ferbrieken de wijde stiltme. Heech yn 'e loft song in ienlike protter syn liet fan leafde en langst. Doe klonk machtich oer 't wiid it koarjen fan in katof, dyt in mûske tefolle snipt hie. En wa fan jimmes hat wolris de mylde flok heard fan 'e makriel dyt, krekt at er boppe wetter komt om syn soerstoffleske fol te dwaan, in fize ûlebal op 'e snút krijt? Ien dyt goed harke, koe yn 'e hoare nacht it senuwachtige gegibel hearre fan in ploechje bokkens en rolmopsen dyt nei ‘Jaws III’ west hienen. En djip, djip ûnder wetter wie 't gesellige brobbeljen fan 'e russyske atoomdûkboat ‘Dnjepropetrowsk’.
Hookstrooks kaam der lykwols út 'e nacht wei wat oansetten dat dy stille wrâld yn ûnstjoer brocht. It gûnzjen fan in moter ferdreau alle oare lûden. In skerpe stjûne kleaude 't oerflak. It wetter krolle om yn brede, hege baren. In eintsje dat in eintsje dêrôf mei de kop yn 'e plom lei te dodzjen krige in tommelweach oer 'm hinne, tearde om en dreau fierder mei de ûnderkant boppe. It skip, dat dy nachts mei frijwat mear knopen as at op syn heechst tastien wienen troch 't Kenaal brûsde, wie 't persoanlik besit fan sjeich Abdullah-ur-Rahman. Hij hie it bouwe litten op in helling yn Makkum en dy hie dêrmei de twifelachtige eare krige fan ien fan 'e meast útwrydske farrende reauwen yn 'e wrâld yninoar klonken te hawwen. It skip hie alles wat in skip ha moat, mar noch helte mear fan wat in skip al sa goed misse kin. De sjeich gie al net foar in man dyt skiterich wie, mar dit jacht hie er wol in heel soad sier oan dien. It skip wie bûtenom swier fergulde. It anker en 't ankerketting hie de sjeich apart meitsje litten troch in goudsmid yn Londen. Neist de gewoane wen- en wurkkejuten wie der oan board in konsertseal mei in fêst simfonyorkest, in kasino, in gimmestykseal en in eroatysk sintrum. Op 't twadde dek wie in swimdobbe mei in glydsbaan en in palmestrân. Fierders wiene op 't earste dek de hynstestâlen, mei flierren fan moarmer, sfearferljochting en mahoanyhouten rippen. Alle kejuten wiene mei Makkumer stientsjes opset en alle
| |
| |
dekken fluorre mei estrikken. Gjin niget dat it skip frijwat djipgong hie en dat it, nettsjinsteande syn moaie streamline, yn 't wetter lei as in strontpream. Troch de swiere fleanmesinemoters dyt deryn set wienen, batste 't lykwols mei in ûnhuerige faasje troch 't wetter. Mar dan moest it net tefolle skerpe bochten tsjinkomme, want it jacht wie troch syn gewicht moai wreed op 't roer. En dy kears mei dy oanlissteger yn Piraeus mocht noch hinnebruie, mar dat mei dy oaljetenker yn 'e Strjitte fan Ormûs hie doch wol in bytsje ferfelend west.
Allike útwrydsk as it skip sels wie de namme dyt op 'e ferguldene boech skildere wie. Om syn ferbûnens mei Fryslân út te drukken hie de sjeich syn jacht in fryske namme jaan wollen. Syn fryske freonen en goekunden hienen dêr tige mei op 't skik west en kamen, sûnder dat har dêrom frege wie, mei útstellen oansetten. Mar nammen as Wetterwille, Freonskip, Drinsfet en Neatocht foldienen de sjeich doch net rjucht. Dat bij eintsjebeslút hie er Achmad in Frysk Wurdboek keapje litten, it iepenslein en doe mar op lokraak pript. En sjuch, Allah hie syn hân op in wûndere wize bestjoerd, want dêre bij syn finger stie de moaiste namme dyt er 'm foar syn skip yntinke koe: Hynstekul. As hynsteman en as leafhawwer fan 't riden yn 't ginneraal spriek de dierlike firiliteit yn dat wurd 'm tige oan. De fryske freonen en goekunden wienen read om 'e kop wurden, doet er har ferteld hie fan syn fynst en se hienen hoeden besocht om it 'm ôf te praten. Mar it hie de sjeich syn eare tenei west om 'm belêze te litten en sa wie op in moaie simmerdei de Hynstekul troch de frou fan in Makkumer pommerant mei sjampanje besprinzge en ynstee fan yn in merje yn it wetter fan 'e Iselmar gliden.
It wie dyseldichste Hynstekul dyt dy nachts op 't Kenaal út it tsjuster wei opriisde en mei fûle foarsje foarút dat út foer nei 't suden ta. Op it dek wie gjin beweech en allinnich yn 'e stjoerhutte en in stik twa petryspoarten skynde ljocht. Dat feroare lykwols, doet op it foardek in doar iepengie. Trije mânlju kamen der tanút en fan binnen wei foel in brede baan ljocht oer de estrikken. De twa bútenste mânlju hoden de tredde tusken har yn en sleepten 'm mei nei de reling, foare op 'e stjûne. It wie dúdlik dat er net woe. ‘Ik wol net!’, rôp er en hij sette 'm teskoar op it dek. ‘Wol sit op 't skiep’, sei de man lofts fan 'm en 't golle laitsjen fan syn maat en him dat oer 't wetter klonk, wiisde út dat dit twa mânlju wiene dyt net fij wienen fan in grapke. Har slachtoffer koe net folle skrep krije op 't glasuer fan 'e estrikken en doet de twa mânlju 'm bij kop en kont pakten, joech er alle ferwar oer. Hij waard handich oer de reling wipt en ferdwûn mei in ‘Mêm, fr' Hondema, hêlp!’ yn 'e weagen. De twa manlju rûnen werom, sûnder nei 'm te sjen. ‘Wol sit op 't skiep!’, nokkere de iene en joech de oare in dúst yn 'e side. Dy sloech syn maat in earm om 't skouder en gnizendewei gienen se der wer yn.
| |
| |
Hoatse kaam hoastjend en snuvend wer boppe en besocht 'm yn 't sin te bringen wat de baaimaster de lêste kears op 't swimmen sein hie. Hij begûn te wettertraapjen en stiek de wiisfingers kreas boppe 't wetter út, wat in hele toer wie yn 'e wâljende weagen neist it skip. It muoide 'm dat er net earder foar diploma A opgien wie en hij wie bang dat de baaimaster 't grif n't lije wollen hie dat er hjir sûnder diploma yn 't djippe omsparrele. Mar de baaimaster mei syn fluitsje wie hjir net en 't stiet te beduchtsjen at diploma A Hoatse folle holpen hie, want it sok fan 'e Hynstekul wie sa sterk, dat sels betûfte swimmers der wol oan hân hienen om har dêroan te ûntwrakseljen. Sa glied de ferguldene bûk fan 't skip bij 'm lâns. Hij wie krekt teriede wurden dat er de dea ûnferfeard yn 't wêzen sjen soe, doet er freeslike kel waard fan wat wiets en rûchs dat 'm yn 't gesicht kletste. Doet der de eagen iependie, seach er in ein tou mei in boei foar 'm yn 't wetter driuwen. ‘Krij beet!’, rôp in frouljuslûd.
Dy oantrún hie Hoatse net nedich; hij wie krekt alle fêstichhyd yn 't libben kwytrekke en woe alles wol oangripe om dy werom te krijen. Doet er 'm oan 't tou fêstklammere hie, waard dat strak lutsen en hij seach dat it weiwaard yn in petryspoarte fan 'e Hynstekul. It tou waard ynhelle en sa kaam Hoatse wer hyltyd tichter bij 't skip dêrt er niis ôfsmiten wie en optlêst hong er oan 'e mul ta yn 't wetter bij de bûk op. In heale meter heger wie de petryspoarte, mar hij koe 'm noch net rikke. ‘Wachtsje eefkes!’, rôp syn rêdster út 'e hutte wei. Hoatse wachte eefkes en hearde doe achter 'e petryspoarte in oegrysliken gekreak en 't lûd fan meubels dyt omreage waarden. Mei ferdwûn er yn 'e weagen en doet er boppekaam, seach er dat er wer in metermannich fan 't skip ôf yn 't wetter lei. It tou waard lykwols fuortendalik wer oanhelle en der ferskynde in antlit foar de petryspoarte. ‘Dat wie de poat fan 't bêd!’, rôp it frommeske ûntskuldigjend en jusjes letter hong er wer yn 'e selde pesysje as niis. De waskbak hood it al en 't frommeske stiek 'm troch de petryspoarte in hân ta om 'm omheech te hisen. In lytse kertier letter lei er út te pûsten en út te lekken op in grou perzysk kleed, dat oer de flier fan 'e hutte lei. Hij die de eagen op en seach yn 't gesicht fan syn helpster. Se lake 'm freonlik ta.
‘Hoatse’, sei se bemoedigjend.
‘Francesca!’ lústere Hoatse ferheard.
Dy middeis dat wy yn Londen wienen, lei ik op 't dek te sintsjen en doet 'k der eefkes yn soe om in glês Martini te heljen, seach ik tafallich dat Achmad en Jussuf ien op 't skip brochten. Ik koe dy dalik werom en ik woe fansels witte hoesto sa yn Londen bedarre wiest en watfoar belang at Achmad en Jussuf of Abdullah bij dy hienen, mar ik koe dy deis net folle gewaarwurde.
| |
| |
Achmad en Jussuf bewekken dy as twa hiemhûnen en ik koe ek n't eefkes pinfiskje bij Abdullah, want dy hie in wichtige besprekking yn 'e stêd en doet er dy jûns let wer oan board kaam, hie er tink net folle mear om bij te setten. Dat doe ha 'k 'm fierders ek n't sjoen. De oare moarns bin wy tsien oere hinne ôfstutsen en doet wy op see wienen, fernaam ik dat se dy ophellen... Och leave stakker, wat ha se dy raar tenutte makke!’
Francesca siet op 'e râne fan 't bad, dêrt se Hoatse yn prakkesearre hie, en se streake 'm sêftsjes oer de ûnderste lippe, dyt noch in libytsje tsjûk wie. Hoatse liet it stil gewurde. Hij wie alheel út 'e liken. Wat 'm it lêste deimannich allegear oerkommen wie, wie nei sels jier sleur wat in al te grutte omsetting foar 'm. In foech oere lyn lei er noch yn 'e see mei in wisse dea foar de eagen. En no lei er, op 't selde skip dêrt er fan 'e moarn healdea slein wie, yn 'e baaikûpe fan Francesca Bernardini, it famke dêrt er op 'e legere skoalle neist sitten hie, mei waat er syn snobbersguod part hie en dyt er op in sneontemiddei yn 'e beamkes achter 'e fytsstalling yn 't broekje fiele meien hie, at hij syn pimeltsje sjen liet.
‘Doet se dy wer fuortbrochten, hearde ik Jussuf tsjin Achmad sezen dat se dy fannacht oerboard smite soenen. It oare witst.’ Francesca swijde. Se gie mei de wiisfinger leafkjend oer de grouwe bûde op Hoatse syn foarholle. Doe ferfettese: ‘Mar wat diesto einliks yn Londen, Hoatse? En wat woenen se fan dy?’
Hoatse wie fier fuort. Hij wie wer yn Ljouwert, goed fyftjin jier ferlyn, yn Bernardini's lissalon. Hij seach achter 't glês fan 'e toanbank wer de bakken mei wyt, geel, read en grien iis. Hij seach de wite taffeltsjes en stuoltsjes mei rabbeljende froulju, dyt yn Pêche Melba's en Dame Blanche-en omdolden, en de fereale spantsjes, dyt tegearre út ien sorbet loarken en inoar wyls loen oanseagen. En hij seach in skeinspruterich jonkje yn in koarte broek achter in heechoploege glês mei iis en slachreamme en foar 'm oer de tsjeppe dochter fan 'e iiskeapman sels mei ek san protsje. In jonkje dat mei sin bij in taffeltsje foar de grutte finsters sitten gien wie om de jonges fan skoalle de eagen út te stekken.
Troch Francesca har fraach skrille er op. Hij kaam wer mei beide fuotten op 'e grûn telâne. Wat moest er har fertelle? Hoe soe 't no mei Léa wêze? Wist er sels mar wat al dy lju fan 'm woenen. En wat woenen se fan Léa?
‘En hoe bisto hjir sa op dit skip fersyld?’, frege er út earlike benijing en om tiid te winnen.
‘Ik frege earst’, sei Francesca.
‘Nee, sis it no!’, twong Hoatse.
‘Ik bin de kapteinske’, gniisde se. ‘Hast it net yn 'e krante lêzen? “Dochter fan iiskening trout mei oaljemyljenêr”’
| |
| |
Hoatse krige de safolste knoei. ‘Do, mei dy... dy...’
‘Mei dy loebes’, sei Francesca fleurich. ‘Jawis, 't is in minnen ien, mar hij hat ek wol goede kanten, hear. Ast sjuchst hoet er mei syn leaflingsrún omgiet...’ Hoatse riboske. Hij tocht oan 't knyft fan Jussuf.
‘Mar sa net, ik ha der myn nocht hast ek al wer ôf’, betroude se 'm ta. ‘Yn 't begjin wie 't werris wat oars, mar no sit ik hjir mar wat. Allinnich at er syn kwakje kwyt moat, dan mei Francesca der wer foar. It griisde my al oan, san lange reis en fierders neat te ferstriken.’
Se massearre 'm de skouders. ‘Dêrom bin 'k bliid datsto hjir bist.’
Hoatse hope al dat se dêr net tefolle fan ferwachte. Hij wie in bytsje oan mei de houliksmoraal fan syn eardere spylfaam. Frou Hondema hie 'm yn in iepenhertige rite wolris foarhoden dat se har man silger fiifentweintich jier besean en bewosken hie en dat se 'm al dy jierren trou west hie, wat men langer net folle mear seach. Hoewolt men frij twifelje mocht at it omkearde ek wier west hie, hie Hoatse dingen as oerhoer en ûntrou altiten beskôge as wat dêrt men oer lies yn boeken en dêrt inkeld finaal yn 't kwea behurde sûnders oer gear komme koenen. Mar no kaam it 'm sels wol wat gefaarlike ticht oan 'e hûd.
Doet er mei help fan Francesca ta 't bad út slagge wie en op 'e baaikeamersmatte stie út te drippen, fielde er hoe deatenein at er einliks wie. De wurgens streamde 'm út 'e hele lea wei gear yn 'e fuotten. Hij swaaide hinne en wer as siet er mei in fear fêst oan in blok lead. Francesca bewuolle 'm yn in grutte skûlk en brocht 'm, wylst er heal oer har hinne hong, wer yn 'e kejút. Dêr flijde se 'm del op in sofa. Se helle in pear tekkens op en skode 'm in kessen ûnder 'e holle, mar dat ergere Hoatse al n't mear. Meidat er de bank oanrekke hie, hie er fuort west. Hy dreamde dy nachts dat er neisitten waard troch in skriklike Banana-split dyt syn pimeltsje sjen woe.
Nei in pear dagen wie Hoatse al aardich ta de sitewaasje wend. Hij moest fanneed wol hele dagen opsletten sitte yn Francesca har sliepkeamer, mar hij wie as bankbetsjinde no just net in bûtenman, dyt kwynt, at er net ûnder 'e iepen loft is. It frommeske brocht 'm ek wol gauris wat boeken, dat de dei kaam er wol troch. Nachts mocht er 't bêd waarm hâlde, at Francesca bij de sjeich lei, en at de sjeich bij ien fan syn oare froulju of alinnich sliepte, dan hie Hoatse korvee. Hij hie oars bij syn rêding foar 'm nommen om 'm net oer te jaan oan oerhoer of ûntrou, mar hij stie bij Francesca net sa sterk: in bûterbriefke koe er net sjen litte en oer Léa prate er leaver net; boppedat kin men ien dyt jin krekt bij de helsdoarren weiskuord hat, min wat wegerje. Aldergeloks hie er in macht djippe tinzen opfandele út 'e drege boeken dyt syn literêre smaak 'm foarskreauwen en wol gauris at Francesca 'm werris stiif oan- | |
| |
krûpte, betocht ús held, mei in wrange glim op 't antlit: ‘Myn liif is foar dij, mar myn herte heart Léa ta!’
Mar syn nachtwurk brocht 'm net allinnich yn geastlike need. Omslaan mei Francesca Bernardini ferge de hele man en Hoatse Groen, dat oars net in grutte iter wie, meit dûbeltsjetellen gjin leabrekkend wurk is, begûn no hyltyd mear ferlet te krijen. Syn nije hospita soarge njonken de ynwenning ek foar de kost, mar beide klandestyn, fansels en dat makke 't allegear net makliker. Men moat oars tajaan dat har prestaasjes op 't mêd fan temûk transport fan iterij yn 't mâle wienen. It kaam dêrbij wol moai út dat Abdullah har leaver yn lange jurken as yn strakke spikerbroeken seach; de mooglikheden dyt dat bea, sil elk dy't wolris besocht hat om in pear droege woarsten yn in kontbûse te tropjen dúdlik wêze. Mar se wie likegoed yn steat om ûnopfallend in heale baarch te ferfieren mei neat mear oan as in swimbroekje. De grutste halen die se, at se midden yn 'e nacht nei de keuken glûpte; al tocht se der altyd wol om dat se noait safolle meinaam dat it opfoel.
Mar der wienen ek tiden, dan easke de sjeich syn rjuchten op. Dan seach Hoatse hele dagen en nachten gjin Francesca, útsein meskien ris in pear menuten, at se har eefkes kaam te ferstrûpen. En dan siet Hoatse mei de stôk yn 'e hals. Francesca doarst it net oan om nachts bij de sjeich fan 't bêd ôf te gean en Hoatse wat te bringen, sei se, want de iennichste útgong fan 'e sjeich syn sliepkeamer kaam út yn it keammerke dêrt de twa liifwachten leinen en dy wienen sa ferhipte tinslieprich. Hoatse sels koe de keuken n't iens fine, want Francesca hie 'm om redens fan feilichhyd noait meinimme wollen: ‘at se mij trapearje, sees ik gewoan dat 'k honger hie en net sliepe koe’, hie se sein, ‘mar at se my mei dij sjuch, bin we beide 't bokje.’ Dat Hoatse droech syn leed yn stilte.
Lokkigernôch duorren de griene riten fan 'e sjeich noait sa lang, dat foar de ferstekkeling de hongerdea wankte. Op in dei kaam Francesa lykwols de hutte ynsetten en fertelde Hoatse dat sij en de sjeich in dei trije, fjouwer fan board gean soenen op Ibiza. Se soe besykje om 'm safolle mooglik ta te tôgjen en hij moest dan mar op rantsoen. Hoatse seach der tsjinoan as de hûn tsjin 't bruien, mar moedich sei er dat er 't wol rêde soe.
Trije dagen en trije nachten wachte Hoatse Groen en iet kwalik. De fjirde deis wachte Hoatse Groen en iet net. De fjirde nacht lei Hoatse Groen te wachtsjen en hij koe net sliepe. Doet er bij 't 3728ste skiep de tel kwytrekke, begriep er dat er oan 'e râne fan 'e ôfgrûn stie. Hij, de betûftste dûbeltsjetelder fan Ljouwert en fiere omkriten, de tel kwytreitsje! Sûnder langer nei te tinken kaam er fan 't bêd ôf, die de klean oan en glûpte ta de doar út.
Hij kaam út yn in smelle gong, dyt troch nachtlampkes sunich ferljochte waard. Oan beide kanten kamen der doarren op út. Bij de earste doar oan
| |
| |
'e rjuchterkant bleau Hoatse stean. Hij bûgde 'm foaroer en loerde troch 't kaaisgat. Neat te sjen. Doe hood er 't ear foar de iepening. Hearde er dêr no ien sykheljen of ferbeelde er 't 'm? Hij weage 't doch mar. Hoeden die er de kruk nei ûnderen en oerstadich treau er de doar iepen. Hij sette in foet oer de drompel. Krekt soe er de oare foet oer de drompel sette, doet achter ut 'e hutte wei in slûch lûd in pear ûnfersteanbere wurden preuvele. At er de foet net noch tusken doar en drompel hân hie, hie er fan kellens de doar grif mei in klap tichtslein. Hij koe in gjalp fan pine noch krekt besmoare, hij loek it kniesde lid mei lijen werom en die mei trilderige fingers de doar wer ta. Doe bleau er in set stean, mei de rêch en de holle achteroer tsjin 'e muorre oan. Hij hime fan benaudens en 't hert sloech 'm achtentachtich.
Nei in telmannich meditearjen oer syn tsjintwurdige steat hie Hoatse 't klear foar 't ferstân dat syn ûndernimmen fan no al jusjes wat oars wie as de ekspedysjes nei frou Hondema har kuolkast út it ferline. Frou Hondema hie der tsjin Hoatse noait n't achterhâlden mei west dat se altyd goed sliepte; en meit se der oe sa op betocht wie om har hierder foar te gean yn 't goede, skreau se dat ta oan har goe gewisse (as frou allinne praat men tsjin jongfeinten optlêst net oer jins sliepkeamersgeheimen: yn dit gefal in buiske veronal yn 't laad fan 't nachtkastke). Noot Hoatse 'm syn eardere rôftochten wer tebinnen brocht, kamen syn kostfrou har wurden 'm wer yn 't sin. Troch syn eardere ûnderfiningen op dit skip wie er der allang fan oertsjûge dat er hjir tesink gie yn in poel fan sûnde en de grize gie 'm oer de grauwe, at er deroan tocht dat achter al dy doarren yn disse gong lju mei in kwea gewisse de hele nacht sûnder in wink yn 'e eagen te krijen op har sliepstee leinen te wrotten. Hij stie al yn bestân om werom te flechtsjen, mar de honger dreau 'm fierder. Hij sette op 'e twadde doar oan 'e rjuchterkant ta. Mar doet er 't ear bij 't kaaisgat hood, die 'm bliken dat der noch ien rjuchtfeardige yn Sodom wie, want troch de doar hinne hearde er 't selde regelmjittige geseach dat 'm yndertiid te Ljouwert de wissichhyd plichte te jaan dat syn kostfrou har gjin menút fan har acht oeren nachtrêst ûntkomme liet. Omt no al twa hutten oan 'e rjuchterkant beset blykten te wêzen, besleat er om 't earst marris oan 'e lofterkant te besykjen.
Doet er de earste doar iepen hie, fernaam er gjin lûd dat op minsken wiisde. Mar doet er in stap nei foaren die, knalde 'm wat tsjin 'e skine oan en hij stompte de holle tsjin in planke. Nei wat getaast krige er yn 'e rekken dat er yn in kast mei skjinmakkersark bedarre wie; in mânske sinken amer hie 'm de rjuchterskine sa tahavene, dat 'm no ûnder syn broeksbokse sûnder mis in kollaazje yn alle kleuren fan 'e reinbôge ûntjoech. Nei't er 'm mei sa min mooglik leven út 'e kast weromlutsen hie en in hoart harke at er ek ien wekker makke hie, gie er nei de twadde doar ta. Mei alle foarsichtigens dyt syn
| |
| |
misfertún 'm njonkelytsen bijbrocht hie, gie er op ûndersyk út en diskear waard syn trochsetten beleanne: hij hie 't ryk allinne. It earste wat er te dwaan hie, wie 't ljochtknopke sykje; dat wie in bloedigen wurk yn 't tsjuster en Hoatse berûn in samling blauwe plakken dyt tusken Hammerfest en Kaapstêd syn wjergea net hie. Ien kear raamde er sels in skilderij fan 'e muorre, dat aldergeloks sêft delkaam: lyk op 'e teannen fan Hoatse syn geefste foet. Mar optlêst fûn er wat er fine moest en hij die 't ljocht oan.
Wat er seach, makke 'm yn 't earstoan net fleurich. Faaks miende er dat de gerjuchtichhyd 'm wol wat skuldich wie foar al syn tsjinstuiten. Grif hat de honger syn fantesij ek stimelearre. Safolle is wol wis dat Hoatse Groen, doet syn finger nei 't ljochtknopke gie, fizioenen hie fan ûnbidige skinken, ierdbeitaarten mei slachreamme, blikken nassy en in frikandel spesjaal fan in heale meter. It foel 'm dêrom raar ôf, doet er murk dat er ynpleats fan yn in wolfoarsjoene spyskeamer bedarre wie yn 'e hutte dêrt er in goed wike lyn sa tenutte makke wie. Hij liet 'm lykwols net te lang troch syn bittere oantinkens weitôgje, mar sette beret op 't bero ta en begûn yn 'e laden te sneupen; dat wie nammentlik it plak dêrt m'nhear De Vries fan 'e bank de buorrelnútsjes bewarre. Spitigernôch bin de ytgewoanten fan in oaljesjeich net deselden as fan in prokkeraasjehâlder dyt syn frou net bekinne doar dat har wykmenu in fûneminteel ferlet fan 'm ûnbefredige lit. Dat, Hoatse fûn neat. Mismoedich woe er 'm no tebeklûke, mar krekt doet er 't ljocht útdwaan soe, foel 't each 'm op 't skilderij dat er fan 'e muorre reage hie. Blinder! dat moat al wer hingje, tocht er. Hij krige 't fan 'e grûn en soe 't wer op 't âlde plak hingje. Doe bleau er stean, as wie er fan 't waar slein.
Achter 't skilderij gie nammentlik tige smaakfol in klûs beskûl. dêrt de sjeich syn lytsjild en in stikmannich kostberheden yn plichte op te bergjen. No hie Hoatse, lykas wol mear bankbetsjinden, in tige besûndere relaasje mei klûzen. Yn 't middeisskoft, at n't ien 't fernaam, gie er nei de kelders fan 'e bank en besocht dêr om ien foar ien de klûzen te iepenjen. It slagge 'm fansels lang n't alle middeisskoften om ûngemurken nei ûnderen te glûpen en dat er der oe sa om tinke moest at ek ien 'm seach, makke 'm soms sa trilderich, dat er neat opskeat, mar mei syn gefoelige dûbeltsjeteldersfingers wie er op 't lêst sa betûft wurden, dat gjin klûs mear feilich foar 'm wie.
Dy betûftens hie laat ta ferslaving. Net allinne dat er alle klûzen iepenmeitsje koe, it kaam safier dat er alle klûzen iepenmeitsje woe. En sjuch, yn neare nacht en tsjuster, hûnderten kilometers fier fan syn smoute souderkeammerke bij frou Hondema, mei de honger yn 'e hals, oan board fan in skip dêrt se 'm op it libben geane, troch net mear as in pear tinne sketten skaat fan twa kneukelhouwers, dyt 'm mei alle wille gromje soenen, wit Hoatse Groen fan gjin stee mear en fan gjin tiid, mar mei in blide glim stoarre er nei 't doar- | |
| |
ke fan 'e klûs. As fan in seilstien lutsen gie syn hân nei de knop en in skoftlang wie der oars neat te hearren as in sunich geklik. Wol in healoere lang sette Hoatse de hûd derop. It swit stie 'm optlêst op 'e noas, mar hij die gjin lichten. Klik... klik... klik... Doe, in klikje jusjes oars as de oaren, it fielde ek oars... en dêr gie de klûsdoar iepen.
Hoatse suchte ferromme en begûn âlderwenst de klûs troch de sneupen. Noot de striid mei 't slot 'm net mear yn 'e besnijing hie, kaam 'm sa stadichoan wer yn 't sin wêrt er wie en wêrt er om út wie. It jild en de snústerijen hie er suver fansels oan 'e kant skood; dat die er op 'e bank ek altyd, sok guod koe 'm neat skille, dat fûn men yn elke klûs. Nee, hij hie folle mear niget oan 'e oare dingen dyt de lju yn har klûzen bewarren; wat er sa foar en nei al net sjoen hie! In soad samlings fansels: munten, postsegels, sûkerpûdsjes, lúsjefersdoaskes, spjeldsjes, kaaihingers ensamear. Mar ek âlde klokken, stelten, flessen wyn, toverballen, breidene hoazzen... En kostbere unika: in santjindeieusk skilderij, in medèlspoarbaan foar 25 treinen, in mjukskret út 1873. Hij hie sels ris in wekflesse fol sleatswetter fûn, dêrt tolve donderkopkes yn swommen. Doet er in moanne letter werkaam, sieten trije kikkerts 'm mei ferwitende eagen oan te stoarjen. Kikkerts binne, sat elkenien wit, oe sa op praivesy.
Mar de moaiste klûs wie de klûs yn 't alderdjipst fan 'e kelder. Op 'e direkteur en 'e brûker nei wie Hoatse de iennichste dyt wist hokfoar klûs at dat wie: in friesklûs. De timperatuer dêre wie 15o ûnder nul en yn grutte rekken leinen plestiken pûdsjes mei beferzene hûneloarten; oan elk pûdsje in kaartsje mei fynplak, datum, hûneras en merk fretten. Hoatse hie sels in spesimen fan frou Hondema har Poppy sjoen, dat - moest er tajaan - tsjin 'e einprodukten fan dútske harders, dobermans en bûviers skoan meunsterje koe.
Foar ien mei Hoatse syn ûnderfinings moest in ynspeksje fan 'e sjeich syn klûs wol op in ôfdijer útrinne. Al hoe útwrydsk at er ek yn oare dingen wie, yn syn klûs hie de sjeich njonken de gewoane ynhâld oars neat as in blik wite beane yn tomatesaus te stean. Us held seach earst wol eefkes skean bij de noas del, mar doet de ûntdekkingskoarts wat saksearre wie, krige er foar 't ferstân dat er de woartel yn 't lid rekke hie: Hij socht ommers om iten, no dit wie iten! En doet er syn bút wat neier beseach, wie er noch helte foldiender: echte Heinz wite beane yn tomatesaus! At Hoatse 'm nammentlik werris út 'e patat, de frikandellen en 't oare automatykfoer iten hie en 't begrutte 'm om 't jild om nei de stasjonsrestauraasje ta, dan helle er út 'e supermerk wolris in blik wite beane yn tomatesaus. Syn kloek aard hie lykwols noait mear lije wolle as Us Eigen Winkelmerk, dat, noot er yn in roppige rite sa hommels konfrontearre waard mei 't wrâldferneamde kwaliteitsprodukt, wie er wakker op 't snjit. Wolfernoege oer de fertúnlike útslach fan syn strúnderij makke er
| |
| |
risselwaasje foar de túsreis. Earst de klûsdoar ticht en op 't slot. Doe it skilderij der wer foar. Aldergeloks wie 't behang deromhinne fersketten, dat hij koe krekt sjen hoet it hongen hie. De stuollen dêrt er yn 't tsjuster tsjinoan meneuvele wie noch wat rjuchtsette... sa, ljocht út en wer werom.
Sat de measten fan jim wol witte, is de weromreis altyd koarter as de hinnereis. Yn in sucht wie Hoatse wer bij syn ferbliuw fan 'e lêste dagen. Hoeden gie er troch de doar, die 't ljocht oan en sleat de doar ôf mei de reservekaai dyt Francesca 'm jûn hie. Doe sette er syn bút midden op 'e tafel. Wol fiif menuten lei er mei de earmen oerinoar op 'e tafel en 't kin op 'e earmen nei syn skat te stoarjen. Mar ynienen skrille er oerein, de mûlshoeken sakken 'm nei ûnderen en hij sloech 'm foar de holle. Hij hie gjin blikiepener.
|
|