Trotwaer. Jaargang 17(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 351] [p. 351] Eppie Dam Hieltyd neier ta myn jonkheid Myn jonge jierren, God, haw ik fersmiten, myn jeugd ferdien mei drôvens en gemis. Ynwindich mocht ik lokkich wêze en by riten ek de blierens fiele dy't in minske eigen is, foar it each haw ik de dei fertsjustere, krekt salang de moanne en de stjerren mijd dat ik alle ljocht yn my alhiel ferbjustere en my gjin rie wist yn myn nearzichheid. Gjin fûgel koe my út 'e djipte sjonge, gjin bea kaam heech genôch en til my op - ik bleau de fan fertriet mishypte jonge, ivich dôf foar libbens wille en syn rop. No is de sulveren koarde aansent brutsen - de tiid fan kleare ûnskuld is foarbij - en sjoch, no wurd ik ta it ljocht ynlutsen út 'e bedelte fan myn moedeleazens wei. Ik haw de hope âld te wurden en te witten dat ik hieltyd neier ta myn jonkheid kom. Myn jonge dagen, God, haw ik fersitten... mei de jierren kom ik yn myn jeugd werom. Vorige Volgende