Trotwaer. Jaargang 17(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 349] [p. 349] Geart fan der Mear Hoe moat it... hoe moat it at de kweade dagen komme? en wêr silst noch nocht oan hawwe? do hâldst fan it ljocht fan 'e sinne, en de moanne en de stjerren binne dij leaf. do bist, net te ferjitten, mâl mei dyn racefyts, en suver noch mâlder mei dyn frou. skerpste foltering en hearlikste foldwaning is dij har lea - do langest altyd mear as twa lichums en de tiid dij jaan kinne. in ljochte, sjongende iere simmerdei, en dan boppe de sulvren speaken! de fûgels, de lije wyn, al dat griene, en o dat ljocht, dat spattende ljocht! dan fytst allinne, mar yn dij draachst har bij dij mei al har waarmte. dyn gong is ien lange bôge nei har ta. nei it fierste punt komt de weromreis yn frije fal, en is dyn ein wer dyn begjin. hoe sil it wêze? hoe sil it wêze at de hân net mear syn freugde hat, at de ljochten stadich dôvje, at de lûden ferstomje ast langer nearne mear nocht oan hast, en ast wachtsje moast op it brekken fan dyn sulvren koarde. mar hoe sulveren is no it ljocht, en hoe faak hat sulveren jim ljocht west! silst gjin ôfskie nimme kinne, en de bitterheid sil dyn hart teskronfelje, en it ûnthâld sil dij in slange wêze. silst dan gripe nei it lêst ferwar fan hopeleazen, en grimmitich grapkje dat alles neat mei neat is, [pagina 350] [p. 350] neijachtsjen fan 'e wyn, idelheid der idelheden? of sille de inge grinzen fan dyn wêzen wurde: bêd tafel stoel iten drinken wachtsjen? en der gjin plak wêze foar wrevel om de ferlerne tiid? de ferlerne tiid! de ferlerne tiid! te faak hast libbe tusken doe en aanst, dij net bekroade om - sjoch, it ljocht op foarjiersgers, sjoch, har holle nêst dij op it kessen, sjoch, de sinne dy't op weachjes brekt. fiel, yn 'e auto, har hân dy't op dyn knibbel leit, har fingers, dy't in plúske fan dyn bokse pitse. hoe sil it wêze? hoe sil it wêze? Vorige Volgende