Geart fan der Mear en Eppie Dam
Twillingfersen
Ynlieding
De hjirnei ôfprinte fersen fan Geart fan der Mear en Eppie Dam Hoe moat it at de kweade dagen komme en Hieltyd neier ta myn jonkheid binne it earste pear fersen fan in hopentlik langere rige twillingfersen. De rige is ûntstien nei in idee fan Geart fan der Mear, en sil - foarsafier't er struktuer ha sil - likernôch sa yninoar sitte: Fan der Mear skriuwt in fers, as in soarte fan dichterlike oantreasting of útdaging, en Dam giet dan op itselde tema yn en jout syn fisy, dat kin bijgelyks in eigen ferwurking wêze fan itselde idee, mar ek in mear rjochtstreeks andert of kontra-útdaging. Dêrnei is Dam oan bar om it earste, dus lofts ôf te printsjen fers te leverjen, wêrnei't Fan der Mear dan syn Kunsten fertoane mei, en sa hyltyd mar troch. Op dy manier hoopje wij, de skriuwers, inoar te ynspirearjen, te niteljen, ta fierder neitinken oan te poenen, en - lykas bij it topjen foarhinne - oan 'e praat te hâlden. Om de byldspraak noch even fuort te setten: wij hoopje sa de lêzers mannich dichterlike gisel en fûle klapkoardeslach oanbiede te kinnen.