Trotwaer. Jaargang 17
(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 346]
| |
[pagina 347]
| |
Somperidders kweestefarwol myn lea farwol
ik moat fan dy fandinne
sa sei in ridder jong
en trêde sûnder omsjen op
jambyske fuotten dêrhinne
beseard wie er fan binnen
fan bûten net sa bot
hantwurkjend yn it slot
bleau hja sûnttiid allinne
ferbiidzjend sine komst
en hja hja naaide dipper troch
mei krússtek op it linnen
beseard wie hja fan binnen
fan bûten net sa bot
hy bidde en hy focht
ûnder de wrede sinne
tsjin moar en oar soart folk
en gapske wûnen nei in skoft
koe er mei moed ferwinne
beseard wie er fan binnen
fan bûten net sa bot
oan ein kaam er werom
nei fiifris trije jierren
doe stoarren beide stom
yn 't toarre antlit en elk tocht
joech ik dêrfoar myn libben
beseard bin ik fan binnen
fan bûten net sa bot
|
|