Trotwaer. Jaargang 17(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 343] [p. 343] Cornelis van der Wal Breinreizgje It beweecht mei wietich glêde poatsjes, dy't krûpe oer ik wit net hokfoar nuvere substânsje, oant it hast koarjend bedarret by de grize kwabben, dy't fochtich stinne fan in wierhyd; de breinfisken dy't skeind delstoarte. It kâlde pearske bloed rint ranend lâns de medysk beferzen wetterfal. Slacht stikken op it iis fan misbegryp. [pagina 344] [p. 344] De frijfeint Fynwreaun fan hegere fingers bin' de toarre lippen dy't it sizze soene; it swijen yn lym, it krektberne michje dat dea dreaut yn dyn reade wyn; de droanende bassen, de reek dy't tydlik hillich makket. De leafde, dêrsto deadsbenaud foar bist, hat har mannichfâldich fochtich foar ferhearde senuweagen oppenearre; mar nea silsto sa'n wêzen beseare. Soest net ris oer it hegere eamelje? Earst mar wer wat fan it reade. [pagina 345] [p. 345] Jeugd Ut syn jongesklean dy't droegje by gielblauwe flammen fan 'e koalenkache slacht in damp dy't lekker rûkt en tsjin de glêde ruten slane grize triennen. In lytse jonge baait syn holle yn it rûne giele lampeljocht en glimket nei syn wite mem. Mar har antlit is feroare en in stiennen momkape hâldt de grize weakens, de tink- wjirms ferhoalen. Syn plasse wurdt luchtticht ferpakt. Vorige Volgende