Trotwaer. Jaargang 17
(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 340]
| |
[pagina 341]
| |
RegisterBy't simmer is de stilte fertikaal.
Wylst alles yn syn waaksdom taastend
rikt, hear ik de hege toanen fan in
selde taal, dy't by it koartsjen fan
de dagen leger wurdt, sonoar, horizon-
taal.
| |
[pagina 342]
| |
Tempo doeloeFoar Mary Louise Schroo As ik dyn barang út 'e auto krij, dij
foargean nei myn hûs, leit oer de dingen
wer dy wûndre tsjoen, rûkt alles krûdich
lykas yn 't ferline. Ferhalen oer de frou-
lju út it kamp: Kampili. Wytgoud de
moanne nachts, dyn treast as alles bang en
tsjuster wie en fol benearjende geheimen.
Wit ik it noch?
Dyn hier is griis, hast wyt, dyn hûd -
tefolle sinne skeint - is tekene troch tiid.
Mar ûnferoare noch dy wûndre tsjoen, do bist
it Easten. 'k Bin neat as earen, eagen, hannen
fol bewûndering. In koekoeksjong, grutwurden
yn dyn nêst.
|
|