Trotwaer. Jaargang 17
(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 338]
| |
[pagina 339]
| |
Skûlplak1.
ferskûle efter reid
wynhekken de wylgen en elzen
de herberch
iepen stiet de doar
laitsjen en stimmen
weagje de tsjustere dei yn
rook fan drank en segaren
driuwt starich it terras oer
nei it wetter
myn mankelike tinzen
bliuwe op dit stee
mar reizgje jierren werom
2.
wylst ik sit te skriuwen
ferskynt starich dyn lichem
yn libbene foarmen
foar my op in lege stoel
bûcht dyn leaf gesicht
oer de tafel hinne
fiel ik de iiskâlde tút
fan dyn stoarne lippen
bûten wachtet
allinnich mar
myn âlde fyts
|
|