| |
| |
| |
Steven de Jong
Big Brother en de betizing
of
Trinus yn 'e penopauze
realisme: ...in de wijsbegeerte richting die het bestaan v.e. werkelijkheid buiten ons bewustzijn en onafhankelijkheid buiten ons kennen erkent. vgl. idealisme
idealisme: ...het geloof aan en het leven overeenkomstig een zedelijk ideaal (soms met veronachtzaming v.d. realiteit of de eisen der praktijk)
M.J. Koenen - J.B. Drewes: Verklarend handwoordenboek der Nederlandse taal. 27e druk.
In problematyk, dêr't ik net de pretinsje fan ha der út te kommen, is dy fan literatuer en realiteit. Dy problematyk hat safolle aspekten, dat der winliken net oer skreaun wurde kin. Lykwols is it mooglik dat guont dat wol dogge en dan op in (neffens my) ferkearde wize.
Myn stikels gean oerein stean as de begripen ‘feit’, ‘realiteit’, ‘wurklikheid’, ‘wierheid’ sa ‘nuansearre’ brûkt wurde, dat se betiisd wurde mei ‘byld fan 'e wurklikheid’, ‘miening’, ‘realiteitsbesef’ ensfh. Wy krije dan in stik taalfersmoarging dat doelbewust útrint op ‘newspeak’.
Newspeak is yn it boek 1984 fan Orwell de taal fan 'e machthawwer, fan Big Brother. Yn 'e praktyk betsjut dat dat der yn 'e taal noch mar ien wierheid is ntl.: ‘De baas hat altyd gelyk.’ In bûtenpersoanlike realiteit bestiet net mear, alles is subjektyf of yntersubjektyf en omt de baas de baas is, hat de baas altyd gelyk. It giet dan net mear om redelike arguminten, de feiten, de wierheid, de wurklikheid, want dy bestean net mear; it giet om de baas, der is mar ien wierheid, dy fan 'e baas, de rest is warhollich geëamel.
No sil Trinus Riemersma, hoopje ik, de lêste wêze om ús in Big Brothersteat oan te praten (of hy moat sels Big Brother wurde, wat ik foar in Frysk skriuwer net sitten sjoch), mar op side 32 en 33 fan syn dissertaasje skriuwt er dochs
| |
| |
mar: ‘Al kan de werkelijkheid toevallig lijken, hij (sic. St.) is dat niet, hij is willekeurig.’ (32)
N.B. De wurklikheid is ‘willekeurig’, is subjektyf, lês ik dêryn. Dat is net wier. Wurden as wierheid, wurklikheid, feit ensfh. binne abstrakte begripen, dy't slaan op saken, dy't absolut objektyf en bútenpersoanlik wier binne. Dêrtroch binne se wêzentlik, binne se betrouber Gjin machthawwer op ierde kin (en hat it rjocht) de betsjutting fan dizze wurden oan te taasten. Docht er dat al, dan liicht er, want dan feroaret der oan 'e feiten, de objektive wierheden neat. As der hjoed of moarn yn ien fan ús wurdboeken stiet: ‘feit: saak, dêr't de measte minsken it oer iens binne dat it wier is’, dan libje wy net mear yn in rjochtssteat.
Litte wy Trinus even fierder folgje yn dit sitaat, want it is soms net te leauwen wat er ús yn 't ear pisje wol
‘Eerdere generaties en onze generatie, die het systeem van de werkelijkheid hebben ontworpen en bijgesteld, hebben de keuze tussen de verschillende mogelijkheden niet aan het toeval overgelaten door bij wijze van spreken een muntstuk op te gooien en dan maar af te wachten wat het noodlot bepaalde. Het gebouw van de werkelijkheid is doelmatig opgezet, volgens het inzicht en belang van mensen. Mensen die het voor het zeggen hadden natuurlijk - want de werkelijkheid wordt niet per referendum vastgesteld - de leidinggevende en machthebbende groepen’ (33). M.o.w. de wurklikheid wurdt fêststeld troch it ynsicht en it belang fan de hearskjenden. Nee, de wurklikheid bestiet, ûnôfhinklik fan referendum of hearsker en is gratis tagonklik foar elkenien.
As Trinus it no oer mienings of wurklikheidsopfettings hie, sa't er fierderop docht, dan koe ik him noch in hiel ein folgje, mar dat stiet der net; der stiet: de wurklikheid of it gebou fan 'e wurklikheid of sels it systeem fan 'e wurklikheid. Ik hoopje al, dat der guont fan s[...] opponinten oer stroffele binne, mar ik ha dêr sa myn twivels oer.
Ik bin deselde ‘nuansearre’ betizing e[...] tsjinkaam by in Dr. (ek al wittenskiplik gesach en dat makket it sa grizelich De Pree. Dy skreau: ‘Als de waarheid niet klopt met de feiten. des te erger voor de feiten.’ (Trotwaer 1974-5 side 297). Dr. De Pree makket in dúdlik ûnderskie tusken wurklikheid en wierheid (ek sa'n betiizjende newspeaknuansearring) en dêr bedoelt er sokssawat mei as wurklikheid en rjochtfeardichheid.
Yn in learboek foar myn fak (Nederlânsk) foar 5 V.W.O. (!) stiet: ‘En inderdaad kun je feiten ook wel zo omschrijven het zijn zaken die praktisch door niemand betwijfeld worden (A. Braet Taaldaden 2, side 90, 1e druk). As soe it betwifeljen fan immen wat oan dy fe[...]eroarje. Wy ha hjir mei taal te krijen en it formulearjen fan feiten yn taal [...]oars as dy feiten sels. Dyselde grut- | |
| |
te taalkundige makket inselde newspeakûnderskie mei de wurden ‘onwaar’ en ‘onjuist’ (selde boek side 91): ‘Onwaar noem je uitspraken die in strijd zijn met de feiten (akkoart St.), onjuist heten die uitspraken waarmee je het niet eens bent.’ (apekoal St.).
It taalfersmoargjende bestiet no út it op eigen manneboet feroarjen fan 'e betsjutting fan wichtige abstrakte begripen en dêrtroch it yn prinsipe feroarjen fan 'e betsjutting fan alle wurden. Dan wurdt de taal ûnbetrouber, want kin alles (is dus neat) betsjutte. Dan grypt de machthawwer syn kâns en allinne syn wierheid bliuwt oer: De baas hat altyd gelyk.
In bern (de measte bern) hat in ûnbesmodze ynstinkt om realiteit en irrealiteit útinoar te hâlden:
‘Hoefolle eagen hat jim mem?’
‘Twa,’ seit it bern.
‘Nee,’ seit de baas, ‘trije.’
As it bern dan koppich folhâldt, giet it wol nei in tehûs, want twa betsjut trije as de baas it seit en dat moat in bern wite.
It is net om 'e nocht dat de machthawwers it earst nei de taal gripe en dat leafst fia in elitêr bedriuw as literatuer- en taalwittenskip. Boeken ferbrâne, ferbiede, skriuwers opslúte, ferbanne, alle totalitêre systemen kinne it. By ús liket de fyfte kolonne fia de sosiologen de taal- en literatuerwittenskip yn te marsjearjen. As de taal aanst neat mear betsjut of alles betsjut, ha wy gjin poat mear om op te stean.
Der is in essinsjeel ferskil tusken de wurklikheid en it byld dat wy dêrfan ha. Dy't dat ferskil net sjen wol en útwisket, doocht net. Dy wol, as yn 'e midsieuwen de tsjerke, útmeitsje wat wier en net wier is. De taal is (likemin as de wurklikheid trouwens) it persoanlik eigendom fan net ien. (Dêr moat Trinus mei syn stavering ek ris om tinke, sei de rappende yn 'e woastine.)
Yn De Kul (1e jg. nr. 3) is Trinus bang dat de keunst (literatuer) in ûnbetsjuttende rânefersiering wurdt yn 'e technokratyske ferfrjemde maatskippij. Hy is bang dat dat sa komt as de literatuer net fakmjittich genôch beöefene wurdt.
Trinus wol hjir nei de midsieuwen werom. Yn 'e midsieuwen wie de keunstner in gewoan fakman. Der wie gjin ûnderskie tusken in keunstskilder en in hússkilder, tusken de byldhouwer en de mitselder. It wiene allegear faklju, en wêrom soe in skuonmakker minder wêze as in skilderijkemakker? Yn de tiid fan Karel van Mander (ein 16e ieu) mei syn skilderboek (biografyen fan skilders) waard dat oars. Keunst wie mear as allinne fakmanskip. De klompmakker krige gjin biografy, hoe knap en nuttich er fierders ek wie, de meubelmakker likemin, sels de houtsnijer hie der wol oan.
| |
| |
Der kaam dus in dúdlik ûnderskie tusken keunst en fakmanskip. Dat betsjut fuort gjin tsjinstelling tusken fakmanskip en keunst, wat Trinus en Eppie Dam der fuort fan meitsje (sjoch, neist boppeneamd Kulnûmer, Trotwaer '82-2, side 7-79. Eppie Dam haw ik noch nea op hokfoar gearkomste dan ek sjoen. Soe dy wol bestean? Of is er in literêre kreaasje fan Trinus?).
Keunstner en fakman gyngen elk har eigen paad, wêrby't de fakman meastal mear fertsjinne as de keunstner (net altyd fansels), want keunstners hiene faklju ornaris wol nedich, mar faklju keunstners net, alteast ner foar har bleate fegetative bestean. En sa is it noch. Keunst is elitêr, hoe ferfelend dat ek is foar ús, idealisten, dy't graach alle minsken gelyk ha wolle (wat fansels boerebedroch is, allinne as wy dea binne, binne wy gelyk).
Keunst moat betelle wurde (alear troch de tsjerke, de rike hearskers en de maecenassen, no foar it grutste part troch de steat en sa elitêr as no hat in protte keunst noch noait west), oars kin er net bestean. Dat jildt foar in fersebondel likegoed as foar in byldhouwurk of in opera-útfiering. Dat is altyd in wichtige maatskiplike relevânsje.
Trinus wol lykwols mear. Dy wol dat keunst likegoed as technyk, it bedriuwslibben, de wittenskip, de polityk it deistige libben beynfloedet, ja sels de maatskippij (dy't net doocht, want kapitalistysk en ferfrjemde is) feroaret. Dêrfandinne dat in keunstner gewoan in fakman wurde moat, krekt as syn buorman, de draglinemasinist. Hy moat tenei syn libbensfolling en ynspiraasje fine en syn kreätiviteit rjochtsje op de tabellen, de statistiken en enquêteformulieren, koartom de hiele burokratyske rimram, dy't oer him hinne stoart wurdt. Ommers, de rinnende-bânarbeider moat dat ek en dy hat dochs foldwaning yn syn wurk? Of net? Nee, mar dat moast eigentlik al, seit Trinus. Ik soe sizze, jou him in krat pils ynstee fan in ûnlêsbere (alteast foar him) want fakkundich yn mekoar sette fersebondel, dy't er neist syn formulieren en rapporten ek noch trochwrotte moat.
Nei de renaissance (yn Nederlân dan, litte wy net al te fier fan hûs fleane) kaam de perioade fan it klassisisme. it wie de tiid wêryn't theologen, mar ek literatoaren ymponearre waarden troch it subtile fakmanskip fan b.g. in horloazjemakker. Dat moast dochs yn 'e keunst ek kinne? Sa wie Boileau dêr mei syn ‘L'Art poétique’, in soarte fan ynstruksje- en wetboek foar dichters. De dichters út dy tiid, dy't no noch lêzen wurde (de Van Haren bg.) wiene grutte prutsers yn 'e eagen fan 'e klassisisten. De grutte klassisisten út dy tiid binne foar it grutste part fergetten, yn 'e Nederlânske literatuer dus. Grutte nammen as Racine, Corneille en Molière wiene genyen nettsjinsteande it klassisisme, mar dy waarden dan ek troch de Nederlânske klassisistyske skoalmasters ‘ferbettere’
Nei dy tiid kaam de romantyk, dy't alle fakmanskip op 'e dongbult smiet en
| |
| |
doe ûntstie û.o. de Fryske literatuer. Fryske skriuwers binne per definysje romantisi, omdat de Fryske literatuer in romarntysk ferskynsel is. (Neat is makliker as yn in romantyske literatuer as de Fryske. de grutte rasionalist út te hingjen en jin te beroppen op alle mooglike sabeare en echt wittenskiplik ûndersyk. Men kin der prachtich macht mei útoerenje. De macht fan 'e grutte westjeropeeske kultuerdrager foar de ynboarling oer). Ek Trinus is in romantikus, dy't, tinkt my, de lêste tiid de realiteit (d.w.s. syn realiteit) as ideaalbyld yn 'e holle hat. In romantikus projektearret altyd in ideaalbyld yn 'e realiteit en dan doocht dy realiteit noait. Sa kin men ek in realiteitsbyld yn 'e realiteit projektearje en dan doocht dy realiteit ek net (kapitalistysk, ferfrjemde ensfh.)
De romantyk makke de literatuer wer libben, nei't dy troch rasionalisme, klassisisme en fakmanskip hartstikke dea gongen wie. It is dus gjin skande romantikus te wêzen, mar men moat it al wite, oars betizet men de realiteit mei jins eigen dreamen Dreamden de Fryske faksisten fan foar en yn 'e oarloch net fan in Fryske boeresteat mei stamboekfee en stamboekminsken? En dreame de Fryske antifaksisten fan hjoed net fan in fredich Fryslân, sûnder wapens mei allegear leaf en allegear gelyk? Och lit se fredich fierder dreame, as se mar net mei geweld fan harsels of oaren har sin trochsette wolle, want dan komt de grutte baas en dy hat altyd gelyk.
Nee, wêr't ik bang foar bin, is dat de automatisearring, de skaalfergrutting en de rasionalisearring fan ús maatskippij, dy't sûnder mis needsaaklik is en foardiel hat, it bestean fan it yndividu ûnmooglik makket. It kafeepetear wurdt ferkrongen troch te lûde muzyk, de frije tiid middeis jûns en nachts troch de televisy, it neipetear by de kofje op snein troch ‘Het Capitool’. Koartom, der wurdt foar ús dûnse, songen of tocht en wy dûnsje, sjonge en tinke allegear op 'e selde wize. It yndividu telt net mear, bestiet net mear.
Gelokkich is der noch literatuer (keunst), de kristalisearring fan in stikje yndividueel belibjen, bewustwêzen. Talleaze moderne ferhalen (ek dy fan Trinus) nimme it iensidich op foar it ferhûddûke yndividu. Selden is it point of view tsjintwurdich objektyf En sa moat it ek neffens my. It priveebelibjen fan 'e minsken is it terrein fan 'e literatuer. Dat is gjin boartershoekje, mar it bestean of net bestean fan 'e minsken.
Literatuer stiet los fan 'e technokratyske machthawwers, dat dy binne der deabenaud foar Dêrom moat de subsydzjekraan (dêr't belachlik lege bedragen útkomme) safolle mooglik tichtdraaid wurde. Krekt as wittenskiplike, binne ek literêre boeken foar in grut part ûnferkeapber. Dêr moat yn in lân dat kultureel meidwaan wol subsydzje foar komme. Fryske boeke binne dûbeld ûnferkeapber fanwegen it taalanalfabetisme fan in protte Friezen. Dêr moat dus dûbeld subsydzie foar komme. As der no fan ferhûddûkjen fan Fryslân
| |
| |
en it Frysk praat wurde moat. dan is dat wol it feit dat Fryske skriuwers en dichters de publikaasjes fan har wurk foar de helsdoarren weiskuorre moatte. Se wurde twongen yn konkurrinsjeposysje dy't deadlik is. Romans fan hege kwaliteit moatte wachtsje op bondels mei folkslietsjes en berneboeken. Alles komt yn ien laadsje op 'e selde hege steapel er o de elitêre highbrow, dy't mient dat in literêr heechweardige roman of fersebondel foarrang hat op in siswizenboekje oer ruften en skelken of in learboek foar analfabeten. Argumint: ‘Der is gjin jild’. Dat is in moai antifrysk wapen, want sa djoer is it allegear echt net. Mei in pear ton soene der manuskripten te min wêze. En wat is in pear ton? Minder as 50 sint per persoan yn Fryslân yn in jier. In pilske kostet f 1,50 of f 2.00 M.o w it kostenargumint is allinne foar de machthawwers dy't tsjin it Frysk binne relevant.
Ik kin my net foarstelle. dat Trinus dat net mei my iens is, mar hy skriuwt sa ûndúdlik, bg.:
‘Troch him (= de literatuer St.) gelyk of mear gelyk te maitsjen oan de gevoane vrôd, soe kunst faaks ynfloed op dy vrôd ha kenne.’
Ik wiis myn learlingen der altyd op dat se oppasse moatte, as in skriuwer it generalisearjende lidwurd de' of ‘it’ brûkt, want dan begjint er te jeuzeljen. It barst yn Trinus syn stik fan dy generalisearjende wurdgroepen:
‘de rasionalistyske, technokratyske vrôd.’ (Trinus hat de hiele wrâld yn 'e bûse)
‘de lyteratuer’ (dy hat er ek yn 'e bûse)
‘de saaklike vrôd’ (dat de is net sa saaklik)
‘de kunst (lyteratuer)’
‘de poëzij fan Berber van der Geest’ (hat dy allinne mar de doar op slot dien om in potsje tee te setten?)
‘de rasionele kommunikaasje fan de verkleke vrôd’
‘ut estetysk gekliem fon ôde Obe Eamelgot’ (hokker fersen yn 'e frede?)
‘Josse... yzelearret de poëzij (hokker? St.) fon de vrôd (tusken Frjentsjer en Skagen tink)
No mei in skriuwer om myn part yn it fjoer fan syn betooch it generalisearjende de brûke, mar it moat net te gek wurde, want dan ferfalt er yn 'e fout fan ús ‘grutte’ essayisten fan foar, yn en nei de oarloch, bg. E.B. Folkertsma, Douwe Kalma, Jan Piebenga, Fedde Schurer ensfh. Dy hiene it moderne libben, de ûntseedlikjende grutte stêd, Fryslân en de wrâld ek yn 'e bûse en se praten oer de moderne minske as hiene se it oer de prûkmakker yn 't Nau. By Trinus wurdt it te gek. It wurdt hielendal te gek as er syn stik beslút mei:
‘Dat soe ûnder mear betsjutte kinne dat de lyteratuer fakmjittiger, opjektiver en yntellektueelder vurt en him minder talait op de oarysynele varhollege útgjolping fan ut autonome, supjektive belibjen - vêrt ik sokke vudden om sees.’
| |
| |
Hie se mar net sein, want hjir praat in modern konformist yn 'e dop (kymsel), dy't alle nonkonformisten yn in gesticht opslute wol.
‘Faklju’ binne gefaarlik foar de artyst, want se binne oergeunstich omt se gjin biografy krije. Ik bedoel fansels gjin echte faklju, mar faklju mei artistike pretinsjes, lju, dy't har tekoart oan talint mei fakmanskip bemaskerje. ‘Faklju’ yn 'e literatuer binne dûbeld gefaarlik, want se ha mar ien doel: skriuwers fermoardzje, omt se dûbeld jaloersk binne. Fakmanskip is nammentlik net identyk oan literêre keunstwearde. Der is ûnderskie tusken literatuer en net-literatuer, tusken keunst en net-keunst. Dat hat mei fakmanskip neat te meitsjen, alteast dat fakmanskip stiet der los fan.
Fakmanskip stiet yn tsjinst fan 'e minsken, de fakman fertsjinnet deroan, oaren ha der profyt fan. Keunst libbet as de minsken en de keunstwearde (literêre wearde) is de gruttens en hitens fan it fjoer fan it stikje libben dat stal jûn wurdt. De fakman kin dêrby helpe. Mar as er dat fjoer yn 'e dôfpot fan syn rasionele analyses opslút en it lid fan syn technokratysk stribjen der op docht, giet it fjoer út en is it keunstwurk dea. Hjirmei wol ik net de anty-yntellektueel úthingje. Ik ha grutte wurdearring foar Trinus syn dissertaasje en besef hiel wol de bealch fol wurk dy't dêrefter sit. It giet my om it betiizjen fan 'e resultaten fan wittenskiplik ûndersyk mei keunstwearde, ek in betizing dêr't in machtspolityk achter sit. Trinus skriuwt earne (De Kul, 1e jg. nr. 1, side 2) ‘Vot spontaan út jin omheech komt, kin noait folle better wêze as koarre en stront.’
Hjir slacht de romantikus Riemersma dochs wol folslein troch nei rasionalistyske apekoal. Hjir stel ik foaroer; ien dy't net mear skite kin, is wol knap siik.
Ik meitsje yn dit ferbân in ûnderskie tusken mechanysk en organysk taalgebrûk. Mechanysk taalgebrûk is fan 'e wittenskip, it kompjûterisearret deade dingen. Organysk taalgebrûk is fan 'e poëzij, de literatuer. Mechanysk taalgebrûk is de lins, wêrtroch wy it organysk taalgebrûk (miskien) better sjen kinne, dus wol wichtich, mar net itselde. (Sjoch ek Peter Bras: Aandenkend Hölderlin, útj. Dimensie, Leiden.)
Slimmer is it as de basis fan al dy rasionaliteit ek noch in soarte fan Marxistyske gelykheidsdogmatyk is. Jawis ús ferfrjemde kapitalistyske systeem is beroerd (net foar ús, dan wol foar oaren), mar as it alternatyf de Goelag Archipel of it gesticht wurde moat, dan kies ik dochs mar...
Ik hoopje net dat de faklju no al te lulk wurde, alhoewol...
It giet benammen om de fakman yn ússels, it giet om de fakman yn Trinus, dy't de artyst yn Trinus fermoardzje wol. Yn De Kul (3e jg. nû. 2) eidet Trinus syn 15 jier skriuwerskip noch ris oer. Hy komt dan ta de konklúzje dat er benammen
| |
| |
in koarte-ferhaleskriuwer west hat. Allinne it beroerde is, dat it koarte ferhaal net yn 'e moade is. Syn romans binne op in pear nei mislearre en krekt de roman is yn 'e moade. As twadde komme de fersen; dy binne by Trinus hielendal mislearre. Trinus is literêr yn 'e penopauze, dat is wol dúdlik. No ha krupsjes oer 't generaal de yntinsje om deadlik te wêzen of om oer te betterjen. By Trinus betteret it wol oer, sille wy hoopje. Miskien kin myn miening him in bytsje op 'e gleed helpe.
Ik ha wier wolris in goed koart ferhaal fan Trinus lêzen, bg. ‘De skriuwer fan it doarpsbelang’ of ‘It ljocht fan 'e sinne’ en ek it ferhaal oer it fuotbaldoarp út ‘De skjintme...’ is grandioas, sa binne der wol mear, folle mear. Mar foar myn gefoel wiene it koarte ferhalen fan in romanskriuwer. Trinus is yn 't foarste plak romanskriuwer, mear noch as Anne Wadman, dy't my typysk in koarte-ferhaleskriuwer taliket, soms mei in ferhaal dat mear of minder slagge ta in roman útweakket. Bewize kin ik dat net, wol ik dat net. Skriuwers moatte harsels bewize.
As Trinus der no ris foar sitten giet en mei like folle tawijing as er syn doktorstitel helle hat, in klassike (dus net in eksperimintele, want dêr ha 'k skjin myn nocht fan) roman skriuwt... Hy sil dêrby de fakman yn himsels yn 'e stokken hâlde moatte. Wy kinne dan noch wat fan him ferwachtsje. Mei sa't it no giet kin er syn lêzers net sitte litte.
|
|