Trotwaer. Jaargang 17
(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 326]
| |
Jelle Kaspersma
| |
[pagina 327]
| |
Foar de rein
foar soft dresser
cheyenne
ûnder it skaad fan in hjerstloft
is dei in wite grêfstien
dêr't nimmen mear fan wit
moude, it tsjêf fan in troch libben opbaarnd offer
de wyn wurdt damp
in blêd sjongt in amerij en falt
de sinaasapels en apels
yn de skaal wurde dûnker
| |
[pagina 328]
| |
Gedicht by in frachtweinparkearplak healwei in ferkearsdykoan de turner tolwei op in parkearplak tusken
oklahoma city en tulsa
fiel ik hoe't de moarnssinne stadich oer de blêden
1fan in lytse iperen beam giet
stiigjend op de swietrook fan sealje en fjildblommen;
1ik lynje op ien earmtakke
efter it fjild markearje de lûden fan weinen en in ienlike
wettertoer in lytse stêd
ik helje it mes ûnder de sliepsek wei
en doch it teplak yn de skie op myn side
ho hatama hestoz na no meGa naar voetnoot*
it is july
ik bring my kofje yn it sin yn in ljochte kûm
1op in houten tafel
fier fan dit plak hjir
en sjoch it westen yn nei hûs
| |
[pagina 329]
| |
[pagina 330]
| |
Hjerstichin geur fan roazen brânt harsels de keamer yn
fuotstappen feroarje yn in dûns fan ynsetten
en reek
azem is in tiidrek dat ferdwynt op glês
in wei dy't bochtet troch hannen fan sliep iepen te dwaan
yn fergetten siden fan boeken
tusken deade lieten en middeis
wurd ik stiloan diziger
in âld jas yn in fersille foto
ik hingje al oan 'e muorre fan in oar libben
| |
[pagina 331]
| |
[pagina 332]
| |
Liet op moarntiidiere moarndage plôket de moanne
grutte dûnkere hannen tille út 'e rivier
de mistige fjilden
in twiljocht set op de finsterbank útein
as wy wekker wurde
en oer de simmergerzen hinne
bisons sêft sjongen hearre
foar de deade
cheyenne
| |
[pagina 333]
| |