Trotwaer. Jaargang 17(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 334] [p. 334] Jac. Dykstra Tjonger 9 Sa inkeldris, as 't tsjuster is, rin ik hoeden troch dyn strjitte as woe ik ha, do wachtest noch op my. It hûs ken ik net mear sa goed, frjemd folk húsmannet efter ús gerdinen; dy, dy't ik sykje, fyn ik hjir net mear. En fan 'e jûn wie ik der wer, snie glinst're wyt yn 't lampeljocht, de drait lei stil, bestjurre ûnder sulver. Vorige Volgende