Trotwaer. Jaargang 17
(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 321]
| |
Hans Westra
| |
[pagina 322]
| |
hâlding bekommert. Yn net ien fan syn romans slagget Van der Velde deryn om in frouljusfiguer oertsjûgjend en djipgeand stal te jaan (útsein miskien yn De houn sil om jim bylje) en it feit dat wy har allinnich fia De Wagt syn oertinkings tsjinkomme draacht ek sterk by ta it negative byld fan har. Wat foar De Wagt opgiet, giet foar alle persoanen yn it boek op - it bliuwe types sûnder djipgong en betiden ek noch wat karikaturaal, lykas de lânferhuzer, de W.W.-er en fansels ek foar Melvin Wapstra, de stazjêre. Twa oare persoanen, de moardner en de fermoarde binne al hielendal karikatueren. De moardner is in suertsje, in slappeling. Gjin twifeler dy't troch in te grutte emosjonele betrutsenheid net ta in beslút komme kin, mar ien dy't yn 'e broek skyt en dy't lichaamlik sawol as mentaal as minderweardich skildere wurdt. De fermoarde kaptein is in bryk mingsel fan perversiteit en wrâldfrjemdens mar bliuwt fierders op 'e eftergrûn. Ginneralisearjend kin men sizze dat De lange jacht in ‘Old Curiosity Shop’ is wat karaktertekening oanbelanget. Echte relaasjes tusken de persoanen ûnderling binne der net en ik freegje my dan ek ôf at dat no komt om't hjir mei sin in groep isolearre figueren prissenteard wurdt of dat de skriuwer gewoan net bysteat is en bring minsklike ferhâldings op pepier. Wat er wol docht - en hjiryn, mar net allinnich hjiryn, stiet Van der Velde yn 'e tradysje fan Fenimore Cooper, Twain en Hemingway - is it werjaan fan de ûnbewuste ferbûnens tusken manlju, dy't neffens Lawrence ‘djipper sit as it bloed’; deselde ferbûnens as dy tusken Chinachgook en Natty Bumpo, Huck Finn en Jim, en Nick Adams en syn heit fine wy byg. yn de ferhâlding De Wagt - Roukema en De Wagt - Anne Meester. At men it ferrin fan it ferhaal besjucht, dan falt op dat bepaalde linen net fuortset wurde. Sa wurdt it korrupsjegefal út it foarste haadstik fierders net útdjippe, en ek de stazjêre ferdwynt fan it toaniel. It wekt by my de yndruk as hat Van der Velde yn it begjin net witten hoe't it ferhaal gean soe, dat er it ferhaal skreaun hat lykas Simenon dat docht: begjinne sûnder te witten hoe't men einigje sil. Dêr is op himsels neat op tsjin, at de skriuwer dêrnei syn wurk mar goed hifket en der ien gehiel fan makket, en dat is hjir net bard. Dat docht ek al bliken út it ferrin fan de moardsaak. Der wurdt al frij gau dúdlik wêr't de oplossing earne socht wurde moat, troch in ynstjoerd stik yn 'e krante. Skreaun as in in memoriam falt lykswol it swiertepunt op it beskriuwen fan Van Woerden syn ‘hâlden tsjinoer deserteurs yn 'e oarloch tsjin Yndonesië’, en bringt as sadanich it motyf (wrake) en de dieder (in eks-deserteur) al oan it ljocht, al duorret it noch wol in skoft ear't De Wagt dat ek foar de guit krijt. It ynstjoerd stik, in healslachtige parody op it taalgebrûk en de ideeënwrâld fan it O.S.L., weidet sa lang út oer de leffens fan deserteurs en Van Woerden syn enerzjike oanpak fan harren dat de funksje fan deus ex machina wol heel sterk nei boppen komt. En at dit noch net genôch wie, moat der noch | |
[pagina 323]
| |
in twadde deus ex machina oan te pas komme om De Wagt op it goeie spoar te bringen. De frou fan ien dy't mooglik ek fertocht wurde koe, tipt De Wagt dat in streuper, Remmelt Venema, tsjûge west hat fan de moard en de dieder ken. Dy kin him de auto fan 'e dieder beskriuwe en trochdat de paranoïde kaptein autonûmers noteard hat en De Wagt sawol de bewuste auto fanút Van Woerden syn hûs as it autonûmer yn de oantekens fan 'e kaptein sjoen hat - kin er de namme fan 'e dieder achterhelje. Dizze ûntknoping is lykswol in antiklimaks. Ek al om't Van der Velde der yn it hele boek net yn slagget om de lêzer echt by de moardsaak te betrekken. Dêrby komt dat de moardner mar ien haadstik lang op 'e proppen komt en dan ek allinnich mar fan 'e bûtenkant beskreaun wurdt. In pear fan syn achtergrûnen meie dan wol oan it ljocht komme, folle psychology sit er net by. Oerflakkigens is hjir ek wer troef. Dyselde oerflakkigens fine wy yn de waarsymbolyk. It omslaan fan it waar en it begjin fan de hjerst binne ek it begjin fan de hjerst yn De Wagt syn libben, it leit my der wat te tsjûk op. Wat it karakter fan de fermoarde kaptein oanbelanget, hat Van der Velde der wol in heel bryk figuer fan makke. De rjochtlinige militêristyske ideeën fan de man wiene foar Van der Velde kennelik net genôch om him minsken min behannelje te litten. Want hy hat him ek noch in biseksueel makke (frjemdernôch is er dat as pensjonearde blykber net mear), en om it noch wat krêft by te setten - in sadist yn 'e letterlike sin fan it wurd. Funksjoneel is dit net. It slút oan by bepaalde foaroardielen oer seksueel aard en as karakterbeskriuwing is it bepaald net subtyl te neamen. It past wol yn it ramt fan de oare dramatis personae: ‘the Old Curiosity Shop’. It falt net ta om út te meitsjen wêr't Van der Velde as skriuwer sels sit. Yn de tinzen en opfettings fan De Wagt komt deselde drammer nei foaren dy't him ek yn de soere stikjes dy't Van der Velde yn De Strikel skriuwt hyltyd oppenearret. It gesanger oer de moderne tiid mei syn ferskrikkingen lykas Hilversum trije, de moderne ûnderwizers, en de delgong yn 'e skriftkennis by de jongerein - at er no gelyk hat as net docht der net sa folle ta - komt jin op ‘en doer ta de noas út. De ferhearliking fan de jacht dy't Van der Velde ta de Rien Poortvliet fan it Fryske proaza makket, draacht derta by dat skriuwer, haadfiguer en ferteller min te skieden binne. Dan stiet op s. 96. It rier stiet al wer en begjint mei hege úthalen
te âljen wylst it oan it keatling lûkt.
Yn ien fan syn stikjes dêr't Van der Velde yn tekear giet oer minsken dy't tsjin | |
[pagina 324]
| |
de seehûnejacht protesteare doare (ek hjiryn is er in neifolger fan Hemingway, dy't miende dat er it bollefjochtsjen goedprate moast) jout er in ‘parody’ op de skriuwstyl fan dy aksjefierders, tapast op it kealjen: ... in de stal rukt de moeder aan haar kettingen
en stoot vertwijfelde, balkende geluiden uit.
In skriuwer dy't syn parodyën omwurket foar syn romans, hokker plak nimt dy yn? It komt my frijwat opportunistysk foar. In misser dus, dizze roman. Mar wat it eins noch ferfelender makket, is dat it boek foar in grut part al earder te lêzen wie en eins net skreaun hoegde te wurden. It boek is nammentlik ien grutte samling Van der Velde sitaten, en it plot is in útklaaide ferzje fan dat fan De ôfrekken, dy't op himsels wer in remake fan Rjochtdei is, mar dan in slaggen ien. De haadfiguer Kasper de Wagt soe sa útwiksele wurde kinne mei plysje Havinga. Wytse en Aukje dogge tinken oan Rienk en Bontsje út De ôfrekken en de sêne mei de tillevyzje is frijwol identyk. De karakters lykas dy fan de streuper komme ek al yn eardere romans foar. De lânferhuzer komt ek al foar yn De houn sil om jim bylje, Stjerrende wier heite, en de Bokwert bondels. Syn taalgebrûk allyksa. Sommige sinnen binne yn earder wurk te finen, lykas De brede wyk is no in foege sleat wurden, it smelle paad in fikse sintelreed. (s. 88) Fgl. De wyk is in foege sleat wurden (...) de reed in kreaze asfaltdyk... (De ôfrekken, s. 147) It toppunt is wol dat in Van der Velde klisjee as ‘in winkeltsje ûnder de skelk’ ss. 31, 80 noch as orizjineel prissenteard wurdt wylst dy ek al yn De houn sil om jim bylje, en Bokwerd omhoog! stie. De tanamme Wammes (fan Wammes Waggel) komt yn De forliezers ek al foar. Dan skynt Van der Velde wat tsjin Spahr van der Hoek te hawwen, dy krijt wer in lik út de panne (ek al yn Feroaring fan lucht, De heidenen, De ôfrekken). It giet te fier om alle parallellen op te neamen, dêrfoar binne it der te folle. Faaks toant dizze lytse kar al oan dat de klisjeemjittigens de boppetoan fiert yn it boek. Guon sille har ôffreegje wat it foar doel hat om pulpromans te besprekken en dan op herhellings te wizen. Neffens my giet it derom dat oantoand wurdt dat in wurk pulp is as net. Van der Velde hat yn it ferline bewiisd literêr wurk produsearje te kinnen en boppedat it zjenre ‘entertainment’ op ferantwurde wize ynhâld jaan te kinnen. Hjir is dat net slagge. It boek is troch Tineke | |
[pagina 325]
| |
Steenmeijer-Wielenga en Jo Smit de himel ynprize. Tineke Steenmeijer-Wielenga smakke it sels nei mear (Leeuwarder Courant 7-7-1985). It smakket mij tefolle nei breaskriuwerij.
De lange jacht liket in tsjûke roman, en wurdt ek as sadanich oanprize. Dit formaat sit him lykswol benammen yn it grutte lettertype dêr't it boek mei printe is. In bytsje te grut, nei myn smaak. Boppedat is de swarting fan de letters ûnfoldwaande, en falle parten fan de letters soms wei. Dêrnêst steane der noch ferskate printflaters yn. De lêste útjeften fan de Friese Pers hawwe allegear in lime (lumbeckte) rêch, ynpleats fan dat de katernen naaid binne. Dêr wurdt in boek net sterker fan. It is al te hoopjen dat de Friese Pers tenei har boeken technysk wat better fersoarget. |
|