Trotwaer. Jaargang 17
(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 318]
| |
[pagina 319]
| |
Ik ferflokIk ferflok
de dei
doe't dy beam
dij oankroep
troch de tinne
side hinne
fan myn ôfgod
en ús
dea die
oerbleaun;
ien lichem
dat eigenwiis
trochgiet,
yn in
sirkelgong fan sear
mij fêsthâldt -
finzen pine,
treasteleas ferlet
fan dij.
| |
[pagina 320]
| |
Pinepine;
treasteleas ferlet
fan dij
fier fuort
nea ea
komst werom?
langstme;
wêrom komst
hyltyt wer?
do
litst mij
nea allinne
iensum
fertriet;
iensum en allinne
brekt mij
dyn dea
hyltyt wer:
Ik wol net wer
opnij begjinne
mei pine...
|
|