Trotwaer. Jaargang 17(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 315] [p. 315] R.R.R. van der Leest Famke bibeth kaam oan de doar om in hockeystick te lienen gjin bern mear en noch net in jonge frou ynmoedich stie se foar de drompel mei grutte eagen dêr't de spyldriuw net yn fonke mar 't gleonjen fan in djipper koarts as by in farrende dy't oan de reling langjend nei de iepen kimen sjocht en tagelyk de pine fielt om de ferlitten haven dy't nea wer oanlein wurdt troch boaten fan de jeugd bibeth kaam oan de doar om in hockeystick te lienen [pagina 316] [p. 316] As yn in film noch ien kear fereale te wêzen net sa'n bytsje oanstutsen mar lôgjend in tsjustere flam tsjin de kust fan azuer en 't sêfte dúnjen fan in lauwe see dy't starichoan dit hert begjint te slypjen ta koraal de opalen om har hals en dan te sjen hoe't se oandriuwen komt op in streekjese lailo dat is luchtbêd wylst fansiden in jonkje de selsfongen inketfisk binnenste bûten strûpt as yn in film en elk oan in kant fan it paad te sitten -wêrwei -ingelân -wêrmei -boat en trein -wurch -nee -slieptrein -nee -dus al wurch -ja wjerklang fan it subtropysk klimaat nei monako te rinnen paleis kasino en jachten benefter te litten stil stean by in orkest fan meganyske negerpopkes as yn in film [pagina 317] [p. 317] en in kapel te besykjen dêr't in non tasjit om mei rok en doek keine bleate skonken te bedekken en in nimbus fan blûn hier ûnder blaumoandeiskyn yn it iepenloftteater oan de midsimmernachtdream te ûntstiigjen twahûndert treden omheech en op it koele ûnbesmette lekken te lizzen -ik hâld fan dy en it wurd net te leauwen mar skimpen fan ljocht as yn in film Vorige Volgende