R.P.E. Sybesma
Fersen fan Wen Yiduo
Ynlieding
De tweintiger jierren fan dizze ieu yn Sjina wiene gjin rêstige tiden. Sjina, it lân dat himsels altiten beskôge hie as it sintrum net allinnich fan 'e wrâld, mar fan it hiele universum, hie sûnt 1840 de iene tebeksetter nei de oare te ferarbeidzjen krigen, en nei 1920 waard it praktysk ferdield ûnder steaten út it fiere en, wês earlik, barbaarske Europa en, slimmer noch, Japan. Ynlânske ûnrêst, ynstabiliteit, oarloch, gjin sintraal regear, ûnweardichheid - en dan die ek noch bliken dat in oare Asiatyske steat, Japan, it lân dat yn 'e eagen fan 'e Sjinezen syn kulturele bestean alhiel oan Sjina te tankjen hie, machtiger en sterker wie as Sjina sels.
De measte jonge yntellektuelen stienen dan ek tige ambivalint foar harren eigen lân oer: oan 'e iene kant noch hyltiten grutsk, oan 'e oare seagen hja eins ek wol yn, dat der faaks mear grûn foar skamte wie as foar grutskens: Sjina wie ommers net ien fan 'e meast moderne steaten fan 'e ierde en it soe perfoarst net ienfâldich wurde it lân oerein te hâlden. Sadwaande: op nei in nije identiteit foar Sjina!
It wie yn dizze tiid foar it earst dat Sjina op grutte skaal yn 'e kunde rekke mei de Europeeske kultuer. Mear as tweintich ieuwen aktiviteit kamen ynienen op Sjina ôf. Op it mêd fan bygelyks de steatkunde waarden Plato en Montesquieu, Locke en Marx allegearre op itselde momint Sjina ynhelle.
Ek de literêre wrâld kaam yn beweging. Revolúsjonêr wie de ôfskaffing fan it klassyk Sjineesk as it iennichste wier akseptearre medium foar de literatuer. Bûtenlânske ynspiraasje kaam yn dy tiid fral fan dichters út de Ingelske Romantyk en Ingelsk-Amerikaanske dichters út de 19de, begjin 20ste ieu. Benammen de ynfloed fan Byron en Keats hat tige grut west.
Wen Yiduo (1899-1946) is ien fan 'e earste en belangrykste sprektaaldichters út dy tiid. Ek teoretysk, byg. op it mêd fan de foarmen foar de nije sprektaalpoëzy, hat er gâns ynfloed.
Syn oplieding is typysk tradisjoneel, oant 1922, as er nei Amearika reizget - en dêr oant 1925 bliuwt om de Europeeske skilderkeunst te bestudearjen. Syn hiele fierdere libben sil er, by setten, lesjaan oer ûnderskate ûnderwerpen as Ingelsk-Amerikaansk toaniel en klassike Sjineeske poëzy.