Trotwaer. Jaargang 17
(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 306]
| |
[pagina 307]
| |
MaaitiidHoflik bûge jonge beammen foar de soele wyn,
de maaitiidssiken fan de griene ierde dy't meilydsum
de lêste skossen rane lit sadat in kâlde fisk,
lûdleas de roze mûle iepenlûkend,
syn gouden skobben spegelt yn it brutsen sinneljocht.
Do rôlest mei dyn glêde lichem oer it koele gers,
in fleishielal bist no foar wrede tuorren
en fûgels draaie mei it liif fol gêstich sied en aaien
yn ieuwenâlde sirkels om dyn reade sinneholle hinne.
Wannear't de waarme fingers fan de leave sinne
hetsich streakje oer dyn bleate hûd,
grommelt tonger yn dyn kloaten.
|
|