Trotwaer. Jaargang 17(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 304] [p. 304] Willem Abma Dichter gean der mar wer ôf, dichter en doch dyn klean oan skriuw mar watst op dyn hert haste de lokkige lêst dochs gjin fersen skriuw, frjemdling dyst biste efterstefoaren berne dyn fuotten binne dyn hannen dyn billen dyn wangen watst mear bist as dyn spegelbyld is mar in hânfol poëzij mei't wurden dyn wêzen foarmje bist noait wa'st wieste [pagina 305] [p. 305] Unbeneamber nea haw ik it dy sein en do my net sliepe wy, eat tusken ús leit wekker wat is de klank dêrfan dat wy der nei harkje? wat it stal dat wy fuotprinten sjogge? rook fan wat ûnsichtber is? in soad bekenne wy elkoar net om net te ligen: jimmer lokket de wierheid de leagen wa hat hy dy't wierlik leafhat? sis dêrom net datst fan my hâldst mar hâld dyn eachopslach, it lûd fan dyn wêzen en lit dyst leavest los om fêst te hâlden Vorige Volgende