Mei de titel kin men dus hiel ûngelikense kanten út.
As men de samling trochblêdet, falt allerearst op, dat dy in grut ferskaat fan dichtfoarmen fertoant: gâns kwatrinen, faak mei it easterske rymskema aaba, mar ek wol oare, sonnetten, akrostichons, haikû's en ek gedichten mei frije foarmen. De twataligens komt ek oan bod: nêst de Fryske is der in rige Hollânske fersen (ss. 20-34). It wurd jin wol dúdlik, dat Sybesma as dichter yn gâns silen mak is.
As men fan de foarm op de ynhâld oerstapt, komt men ek in grut ferskaat tsjin en dat makket it net maklik oer de totaliteit in ferstannich wurd te sizzen. In fêste ‘lijn’ sil men omdôch om sykje, dy tiid hawwe wy blykber hân.
Nei it earder sitearre iepeningskwatryn komt in gedicht fan trije fjouwerrigels, dêr't boppe stiet ‘Foar Renske’. In soarte fan opdracht? Dan wol in apartenien. Dêr folgje in hiele rige kwatrinen op - ‘yn opdracht’ stiet derby - dêr't ik my wolris by ôffreegje, oft it mear binne as aardichheidsjes foar de neamde persoanen. In beswier tsjin it opnimmen fan safolle persoanlike attinsjes is foar my en fêst ek foar gâns oaren, dat men it gefoel kriget, dat de Fryske poëzy in gefaltsje wurdt foar in klubke fan insiders. Hat Sybesma dat ek field, doe't er it kwatryn ‘Krystnacht 1983’ opdroech ‘oan alle minsken dy't my leaf binne en alle oaren’? Oan my spitigernôch net goed bestege: it leit my út noch yn net.
Op side 18 lit Sybesma rym en metrum even falle en jout er it wurd oan in Sumearsyke Job neffens in tekst fan 2000 foar Kristus. Dy tekst - yn watfoar oersetting? - sil Sybesma wol benammen oansprutsen hawwe as bewiis hoe'n lange foarskiednis it boek Job hân hat, en dêrom sil er it yn dizze bondel opnommen hawwe. It is ek wol in nijsgjirrige bydrage.
As tsjinstelling soe men hast sizze, stiet op 'e side dernêst in oersetting fan Sonnet III fan Shakespeare. In oersetting fan in sonnet en dan sa'n kryptysk gefal as ditte yn in oare taal bliuwt sa'n nuodlike saak, dat ik as net Shakespeare-deskundige folstean moat mei Sybesma syn oersetting nêst dy fan Douwe Kalma te lizzen en dan tinkt my, dat Sybesma tichter, direkter by it orizjineel kommen is as Kalma. As foarbyld nim ik de twa slotrigels:
But if thou live, remember'd not to be,
Die single, and thine image dies with thee.
Mar is't dyn wil dat nimmen oan dy tinkt,
Stjer ienlik, dat dyn byld mei dy forsinkt.