Trotwaer. Jaargang 17
(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 291]
| |
IIIWêrom't ik de soele nachten
Mei bittere triennen begriem? -
Ik wit net wat ik leaver die,
As sizze wêrom't ik skriem.
'k Wit net, al woe 'k it sizze,
Oft it yn myn fermogen wol lei.
Foar alles is der in oarsaak, -
Mar wêr komme myn triennen wei?
| |
[pagina 292]
| |
IXOp 't hoekje fan 'e Weaze
En fan 'e Ossekop,
Dêr sward' er, wat der ek barde,
Us freonskip koe net op.
Mar healûnderweis, sa tusken
‘It Anker’ en ‘De Pauw’,
Dêr briek er nei omtrint seis wike
Dy eed fan freonetrou.
| |
XVISyn goudene tûfen en knevel,
Syn antlit sa geastfol en sûn,
Syn lûd en syn loaits ûnferjitlik
En syn New Foundlânse hûn,
Ik moat der oanhâldend oan tinke;
Seis snúf ik bytiden noch flau
De rook op fan syn segaren.
Hy kocht se ornaris yn 't Nau.
Rûk ik sa'n segaar wer ynienen,
Dan fiel ik my lang net tier.
Is 't, omdat hy se smookte,
Of wie de tabak my te swier?
| |
[pagina 293]
| |
XXVHear ik yn 'e fierte de jachthoarn,
Of ek wol de grutte trom,
Dan skriem ik, dan skriem ik sa bitter;
En ik, ik wyt net wêrom.
En freget der ien fan it wurkfolk:
‘Hoe kin sa'n grutte trom
Of sa'n jachthoarn jo sa oangean?’
Dan wyt ik echt net wêrom.
Faaks dat yn bettere tiden
In maat de grutte trom
Wol aardich knap bespile? -
Och ik, ik wyt net wêrom.
| |
XXXIIIIt herte wie my teferzen,
De triennen bestjurren my sa.
Doe trof my har loaits as de wjerljocht,
En de wetters rûsden wer ta.
O wie ik dochs mar ferdronken
Yn dat bittersâlte wiet!
Yn leafdestriennen, hoe brak ek,
Te smoaren, is huningswiet.
| |
[pagina 294]
| |
XLIXDe molktaper sei wol gauris
De moarnes tsjin har faam:
‘De stoep' is wer wiet.’ Och hy wist net,
Dat it nachts fan 'e triennen kaam.
No, dat hy en dy faam dat net wisten,
Is, wat hinnebruie mei.
Mar dat hja, dat hja it nea erge,
Dat wie wol hurd foar my.
| |
LXDoe't Ben my de lêste kears knipte,
Doe waard er sa oandien as wat.
‘Wat wurde jo griis!’ sei er trystich,
‘'k Bin bang, jo leare te bot.’
En Boschma, doe't er my juster
In pantalon oanmjitte woe,
Skrok sa fan myn heanens, dat 't like,
Oft er daliks wol deafalle koe.
De baas fan ‘De Pauw’ hat my weeg're,
Omt er oars ek wol slute kin.
Myn bonkerak lit de lju tinke,
It iten is dêre sa min.
Myn húsbaas hat sels de boade
Al tynge dien (is it net drôf?),
As soms myn lêste reis gean sil
Hjir nei it Ljouwerter hôf.
Mar wa't der ek kleie of skrieme,
Dat ik sa jong ferkomme moat,
Net hja, mei har griisblauwe eachloaits,
Dy't my it krekt oandien hat.
| |
[pagina 295]
| |
LXXIIWy wiene ris fjouweresom
Yn 'e Prinsentún delsetten kaam,
Doe't Piter rôp: ‘Minsken sjoch dêr ris,
Wat in ivich tsjep jongfaam!’
‘Ja,’ sei Pier, ‘'t is in mónster fámke!
De moaiste fan hjir oant wrâldsein!’
‘Ik hearde,’ stinde Sybe, ‘s' is stikem
Oan sa'n fleanfjildofsierke fersein.’
‘Wat hasto no Peal?’ rôp Piter,
‘Do wurdst sa wyt as in lyk!’
‘Nim wat âlde Bokma, nee reade!’
Raasde Sybe, ‘dit giet fierste bryk!’
Om Sybe tewille te wêzen
Dronk ik, - en 't smakke ek wol,
Mar myn ynfallen bleke wangen
Waarden nea wer read en fol.
Sûnt ik wyt, dat in ofsierke stikem
Grut gean mei as har feint,
Seit myn ier ferkommen antlit
Foargoed, dat it mei my eint.
| |
LXXXIIIDy't my op 't herte wâdet,
Bedobbet ûnder smaad,
Tetrapet, fan him woe 'k wol,
Dat er my in sibbe waard.
Mar komt ien my minlik temjitte,
Nimt er it foar my op,
As wie 'k fan syn freonen,
Dan spui 'k him foar de kop.
| |
[pagina 296]
| |
LXXXIVO, praat my net fan leafde,
Fan freonskip en fan trou;
Dy binne sûnt tiden ferstoarn al,
'k Bin jierren derfan yn 'e rou.
Nee, praat my fan minskene smerte,
Syn soarch en syn nuodlik lot,
Hoe't er syn bruorren tramtearret,
Grimmitich, dan gniis ik my rot.
| |
XCVISjoch ik in leedbidder rinnen,
Dan slacht my it herte sa blij.
Dan tink ik, hoe't er strakaansen
Ek leedbidde sil foar my.
| |
[pagina 297]
| |
CNet ien hat, sa't ik ea beminde,
Op ierde sa bot ien bemind.
Mar 'k fûn, wêr't ik my ek kearde,
De herten fan stien en semint.
Doe stoaren myn leafde en freonskip,
Myn hoop wie foargoed fan 'e kaart.
En 'k wyt, dat ek nea ien op ierde
Doe hate mei gruttere haat
En tryste en bittere lieten
Bin yn myn mûle ûntstien,
Wol sa mankelyk en sa bitter,
Sa song der op ierde net ien.
Myn nocht hie 'k op 't lêst fan dat haatsjen,
Dat ivich gekliem en dat wea.
En ik swijde en sa't ik no swij,
Sa swijd ien op ierde noch nea.
|
|