Steven de Jong
150 Jier François Haverschmidt
De negative egotripper achter syn fergulde modern kristlike gevel, domeny François Haverschmidt (1835-1894), hie ik op eigen fersyk foar syn minlike kop spuid, as ik him op 'e Nijstêd tsjinkaam wie. Miskien... nee. Dichters út Ljouwert ha no ienris in tragysk lot. Disse man is úteinliken letterlik smoard yn 'e gerdinekoarde fan syn eigen lytsboargerlike humane ideology. It is syn flok dat wjirchingels as Rob Nieuwenhuys yn 'e dongbuit fan syn preken omklauwe meie. God bewarje ús foar in yntegrale útjefte fan dy preken. Dat liket my like slim as in roman fan Beethoven of in symfony van Multatuli.
Haverschmidt moatte wy alles ferjaan fanwegen dy syn skepping, de belutsen jongfeint Piet Paaltjens. Dat hat ús Leaven Hear grif ek dien, want hoe't de swarte roeken disse bleke dichter ek achternei sitte mei it swarte skaad fan syn skepper, krije sille se him net. Hy ûntkomt harren ivich nei Skiermûntseach of Elysium.
Om Haverschmidt te earjen moat men dy syn priveelibben litte yn 'e lykkiste, dêr't it yn thúsheart en allinne gripe nei de ûnstjerlike fersen út Snikken en Grimlachjes.
Wat de risseltaten ek wêze meie, bedoeld as in lytse hulde, haw ik de Immortellen ferfryske fan de man, dy't, op in pear dagen nei, 100 jier earder yn Ljouwert te wrâld kaam as ik.