Tema foar de winter
De redaksje hat al in pear kear in temanûmer op priemmen set. Dêrfoar binne ûnderskate motiven te neamen; my hat altiten oansprutsen it besykjen om op dizze wize ris minsken oan it skriuwen te krijen - troch in soarte fan opdracht te jaan - dy't oars faaks net oer de drompel kamen.
Trinus Riemersma hat yn syn eigen-oanret orgaan it prosedee al ris wat mei de gek beslein troch te sizzen dat it mar maklik wie it iene of oare zjenre te nimmen - leafst ien dat elts wolris beoefenet: brieven, deiboeken, reisferhalen - en dêr de lêzers mei oan 't wurk te setten. It is wier dat dit gauris net botte orizjineel is; der moatte yn Nederlân safolle bysûndere nûmers by feestdagen en sa folskreaun wurde dat der al hiel wat útfûn is, sa foar en nei.
Wy hawwe dit jier foar de simmer al in grut part fan ús siden fersnobbe, dat foar in simmernûmer oer in tema of wijd oan in zjenre is gjin romte mear. Dochs wolle wy ús lêzers net alhiel ûnfersoarge de winter ynstjoere. Nêst alle drege stof út de lêste nûmers dêr't hja de reinige riten wol mei treast wêze sille, soe dochs in leafst orizjineel en fleurich tema foar de selswurksumens net ferkaerd wêze.
Ik mien in tema fûn te hawwen dat yn Nederlân fierders net beoefene wurdt - faaks wol yn guon oare twatalige gebieten yn Europa, mar dat ha ik net neigien. It tema is ‘it ôfskie fan de fryske literatuer’: út kleare argewaasje, teloarstelling, faaks ferbittering, nimt de skriuwer ôfskie fan de fryske literatuer en alles wat der mei mank is, hy docht net mear mei, nea wer in wurd frysk op papier!
Der binne op dit mêd in pear grutte foarbylden: Hessel Miedema (foar de RONO leau 'k, en yn Quatrebras jrg. 9, nû. 6) en Reinder van der Leest (Trotwaer 1973-2), dy't der letter wer op werom kommen is. Mar hja steane net allinnich; der soene fan in soad skriuwers wol uteringen oan te heljen wêze dy't deselde kant oergeane.
It is fansels in keunst om yn koarte halen de motiven foar sa'n ôfskie wer te jaan. Stof is der oars genôch: nea wer de konfrontaasje mei persoanen dêr't men net mei kin, nea wer it gewraksel mei stavering en wurdboek, alle dingen dêr't men aanst syn tiid better mei besteegje kin. Set dat allegearre marris yn it goede ferbân ta in twingend gehiel byinoar. Besykje it ris fan 't hjerst.
Sybren Sybrandy