Ofskie Tiny Mulder fan it Friesch Dagblad
Sûnt ik yn de redaksje fan Trotwaer sit lês ik trou wat de fryske kranten oer literatuer skriuwe, freeds de Ljouwerter en sneons it Deiblêd. Tiny Mulder fersoarge yn it Deiblêd al jierren de literêre rubryk, mar hja is der no mei ophâlden. Mei de literatuer is it fansels wat hâlden en kearen yn it Deiblêd, benammen mei ‘moderne’ literatuer, hoewol't begjinnende redakteuren der soms ek wer aardich wat romte krije. It liket my in toer om foar in breed publyk meinimmend en ynformatyf oer literatuer dy't dochs gauris fier fan dat publyk ôf stiet, te skriuwen. Tiny Mulder die dat troch hiel persoanlik te reagearjen op de besprutsen boeken, mar dochs mei genôch oandacht foar de technyk fan it skriuwen om it net iensidich wurde te litten. Hja koe in soad wurdearje of alteast begripe en hâlde tagelyk de bân mei har lêzerspublyk yn 'e gaten, sûnder lykwols tefolle konsessys oan de smaak fan it publyk te dwaan. Dat fyn ik in grutte fertsjinste.
Sybren Sybrandy