Neiskrift
Der is op it artikel fan Abma, mei de tapassing op Steven de Jong, grif wol wat ôf te tingjen, sa't Jan Wybenga ek al dien hat yn de Ljouwerter (22-2-'85). It finen fan goede besprekkers dy't der wier nocht oan ha enerzjy te stekken yn in djipgeand lêzen fan in bondel, is in probleem. Dat de tydskriften mear en yngeander begelieding fan de literatuer jaan moatte soenen as de kranten, sjoen it ferskil yn karakter tusken in krante en in tydskrift, is hast net mear wier te meitsjen, as jo ek noch sjogge nei de romte dy't de fryske kranten - aldergeloks - alle wiken foar literatuer útlûke, fergelike mei de fiif à seis kear yn 't jier dat in tydskrift útkomt. Ek de persoanlike ferhâldingen foarmje in probleem, sa't Dam mei reden sjen lit. De ‘wijing fan it lytse fermidden’, oars altyd in pree yn Fryslân, wurket hjir efkes net.
It is lykwols wol de fraach oft Dam no de blanke ûnskuld spylje kin. Syn reaksje op in min besprek docht alteast frijwat stereotyp oan: fansels is der in tinkflater fan de kritikus yn 't spul. It kin him yn elts gefal net oan Dam lizze! Dam woe syn reaksje perfoarst tagelyk mei it besprek seis publisearre ha (Alex Riemersma hie him it besprek yn it foar tastjoerd). Wy fûnen dat der gjin reden wie om Dam yn dit stik fan saken in bysûndere behanneling te jaan. Reagearje yn it folgjende nûmer woe Dam net. No komt Dam fanwegen op it stuit dat syn freon Fan der Mear it yn syn eagen belije moat, yn in besprek, of om't wy as redaksje in besprek fan him wegerje, om't it neffens ús dit kear in negatyf oardiel wie dat net - ‘sa't it heart: mei arguminten’, sitaat Dam - ûnderboud wie.
Krityske besprekken pleatse wy wis wol, bg. it besprek oer Dam, en dat fan Fan der Mear oer Krol; en wy belibje der ek in soad wille oan!
Dat Dam fan de fryske literatuer altyd in hege mûtse ophân hat, is it meast ferrassende út it hiele stik. Yndied, ‘ik ha my mishân’, Dam hat himsels by de poat.
Ut namme fan de redaksje,
Sybren Sybrandy