noch mear rekkens lyk te meitsjen. Krol is fan betinken dat ‘át men it rym hantearret as stylmiddel, (...) dêr in op syn minst like raffinearre gebrûk fan metrum en ritme’ by heart ‘om it rym syn gerak te jaan.’ Mar is dat in betingst? Guon fersen fan Gerrit Achterberg bewize fan net. Hawar, soksoarte dingen meie noch hinnebruie. At wy fan elke besprekker in hillige meitsje wolle, dan bliuwe wy nerges.
At Krol lykwols seit dat Geart fan der Mear syn poëzij ‘net in delslach wêze wol fan it libben, mar fan... de fakânsje’, dan hat er Fan der Mear syn fersen net yngeand lêzen. En at er fan betinken is dat foar Geart fan der Mear ‘de wrâld en de soasiale ynteraksje (...) probleemleas’ is, dan mishat er him, en op grûn fan Fan der Mear syn fersen hied er dat witte kind ek.
Krol syn besprek is yn dy sin mei Abma syn besprek te ferlykjen, dat se beide in befêstiging foarmje fan it idee dat yn in literêr besprek, (literêre) freonen inoar de hân boppe de holle hâlde moatte en (literêre) fijannen inoar de eagen útstekke meie. It literêre wurk is dan net langer doel, mar middel.
Men soe der skilich fan wurde, mar ek op Jan Kooistra syn besprek fan Sybe Krol syn fersebondel Korrektyf haw ik in skalk each (Hjir 1985-1, s. 19-28). Krektlyk as Abma en Krol docht Kooistra de lêzer te witten dat er net folle nocht hie en skriuw in besprek: ‘It besprekken fan in bondel is no net bepaald myn moaiste wurk.’ Krektlyk as Abma en Krol docht Kooistra it dochs. Hy krige by it lêzen fan Korrektyf ‘bepaalde assosiaasjes mei twa elpees’ en boppedat hied er it gefoel ‘dat dizze bondel hiel knap ynelkoar sit en (...) in skitterende ienheid foarmet’ Sa'n opteinens kin ik skoan meifiele. En likemin as syn argewaasje, hoege wy in besprekker syn jûchhei te misgunnen, dus te rêden is der noch neat.
Mar Kooistra giet te fier. Hy rint himsels foarby at er nei it lêzen fan in eroatysk gedicht útropt: ‘De dichter doart it te sezen, en hoe!’ Ja, hoe? Dat de dichter it doart te sizzen, is op himsels noch gjin fertsjinste. Dêr is er ommers dichter foar. Mei kwaliteit hat dat neat te krijen. Kooistra giet noch fierder. Hy krijt by it lêzen fan de bondel in gefoel fan ienheid, ienheid mei de dichter en syn fersen. Hy belibbet syn relaasje. Ja: ‘Ik bin even in flikker.’ Sûnder dat Kooistra it wit, jout er hjir in negatyf oardiel oer de fersen fan Krol. Ommers, foar it ferwurdzjen fan seksuële tagedienens docht it der gjin flikker ta oft de lêzer hetero of homo is. Dêr hoecht Kooistra him, at it goed is, net om te feroarjen. At Krol mei syn poëzij de goeie snaren rekke hie, dan hie Kooistra like hetero bliuwe kind as dat er kenlik is. No krûpt er Sybe (op 'e lije side) oan en hy komt sels ta de útspraak: ‘No ha 'k in hiele moaie bondel yn 'e kast en in freon yn Furdgum.’ Sa sit it dus: Kooistra hat in freon yn Furdgum, Abma hat in freon yn Gytsjerk en Krol hat in fijân yn Annen. Sa kinne wy noch even fierder Krol hat in freon yn le, De Jong hat in freon yn Ljouwert