Sako Booi
It komt wol goed
Fan Peal draaide syn holle hinne en wer, en wreau syn eagen út. Hy gappe sa bot dat de holle him omtrint skuorde.
It wie om syn frou dat Fan Peal him net sa goed fielde. Syn frou wie in goed healjier lyn oan in slimme sykte stoarn. Janja, Fan Peal syn dochter, wie aardich oer har fertriet hinne, mar Fan Peal sels hie it noch net rjocht ferwurkje kind.
Janja die altyd har uterste bêst om har heit wat op te fleurjen, en har ynspannings diene ek wol fertuten, sa no en dan. Mar in skoft lyn hie se de dokter der mar werris byhelle. Dy hie Fan Peal nije medisinen foarskreaun, en tsjin har sein: ‘It moat syn tiid ha, fanke. It komt fansels wol wer goed mei jim heit, sit der mar net sa oer yn.’
Fan Peal siet op 'e grûn en seach om him hinne. Hy betaaste syn skuon en nifele oan 'e fiter. Hy luts de tried kapot, en stuts doe mar in sigaar oan. Temûk gluorke er, mei ien each ticht, om him hinne. Hy snute syn noas mei in protte leven, want hy wie brimstich.
‘It is hjir toar, it is ferfelend mei deade blommen om jo hinne, en in kat dy't sliept, en in klok dy't stilstiet. Bah!’
Fan Peal gong stean, en khge syn gongelstôk. Mei de stôk omheech pripte er gatten yn 'e loft. Doe liet er de stôk falle en sloech der mei op 'e grûn om it stille en it deade te ferdriuwen. Ik bin Moazes, tocht er, en begûn te laitsjen. Fan Peal struts mei syn lange glêde kantoarbaanfingers troch it hier. Hy beseach syn neils, dy't yn it fleis weigroeiden.
‘Wat sil 'k even dwaan?’ frege er optein oan himsels. Hy seach op syn horloazje. It hie fjouwer oere west, dat Janja koe sa út skoalle komme. Dan meitsje ik even tee, tocht er.
Hy wie krekt yn 'e keuken doe't syn dochter der yn kaam.
‘Hoi heit!’
‘Dach, leave. Ik soe krekt even tee sette.’
Fan Peal slingere it pûdsje troch it siedende wetter, krige twa teeglêzen en in rôle koekjes.
Janja siet op 'e bank mei it teeglês yn beide hannen.
Kôgjend op it koekje beseach se it gesicht fan har heit troch it teeglês hinne. Fan Peal siet op dat stuit mei in útstoarne eachopslach nei de grûn te sjen.