Trotwaer. Jaargang 17(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 254] [p. 254] Jac. Dykstra Gedicht Ik haw it oan dy skreaun E, dat dyn lûd hiel prachtich klinkt en dat it dúdlik, sa klear is as in klûntsje, mar dat wie it net. Doe't ik dyn blauwe eagen lies, blier en ljocht omkrânzge, streake oer dat blonde hier, doe earst hie ik it yn 'e rekken. Do bist in útsjoch E, sinneskyn en wetter op 'e droege lea, simmerleafde foar de dea en net allinne wetter, wyn bist foar my, ik drink dy yn, de mûle op dyn wiete lippen. [pagina 255] [p. 255] E. Rûnst ynienen troch it ljocht, wylst ik dy tusken fersen socht hat immen dy miskien wol stjoerd. Dy bliere tút op spande lippen; ik wie ynearsten sa benaud dat it net mooglik wie, net koe. Mar yn 'e romte fan it hert ha wy ús dochs nei wenjen set, sjochst wol, ik laitsje yn 'e teksten. Vorige Volgende