Trotwaer. Jaargang 17(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 256] [p. 256] Ties Roorda Ut de Anna-syklus Ljochtskyndei IV De omropper op 'e klassike útstjoerder past de mezyk oan by wat hy hjit de ûnstjêrlike en ivige augustusdei: Beethoven's Eroïca, te trochloftich stik yn Anna's te neare TL-romte. In iisbear hin' en werret se ûngeduerich om, de dei wol net om, achter har blinen lûkt simmer, temûk kipet se nei bûten, 't gouden ljocht yn 'e fûnkjende Munt docht har te sear. Mei de hoarn fan 'e heak makket se har klear, leit wer op, wol noch fêsthâlde by miskien: ien dy't heech yn har te sinnesprekken komt. Roppich haff'let Anna op 't telefoanboek om. [pagina 257] [p. 257] Bûten sinnen V Ferlitten leit se foar pampus en har video: grykse strannen en koeltme ûnder palmen, Anna yn har sinne bline romte, de Monroebikini oan, A'dam sette yn in ereksje fan 't kwik nei see. Anna ferliest har yn 'e badgastheid op 'e video, klaait harsels foar Him út en streaket dûm it skerm, syn sêfte liif, wier gryk praat se tsjin 'm oan, aloan roppend út al har macht. Kjel it lûd fan 't ANP dat har oer 't mad komt, ‘Rekorddrokte by Zandvoort oan strân en see.’ Dêr't se werklik wêze kinnen hie, raast Anna neaken en bûten sinnen, barsten yn har spegel. [pagina 258] [p. 258] Telefoan VI It weifallen fan 'e ferbining is it benearjen fan stilte, oer bliuwt in kreakjen en rûzjen (as fan 'e see) wannear't ús petear stûket en koartslút yn net te sizzen suchtsjen. Iensum giet Anna earne op 'e oare kant dea ynem, de hoarn op 't herte rjochte (as in ûndergeande mêst) of wie it inkeld myn ferbylding dy't har fan kant makke? De eangst, bist der noch en it razen, hé kom, de ferbining, se is noch net ferbrutsen, sis myn wêrst biste Anna, ik meitsje dy myn stim ta hân. [pagina 259] [p. 259] Besite VII Se kalke har de romte fan it libben wyt, de muorren, spegel en kasten, de flier en it bêd, dêr't wy yn kûsten, wytpleisterjen fan tiid oant de ûnskuld. Wat fleurige blommen wiene har tefolle, Anna brocht se fuort, in griis en folje ta sier dêrmei in faas, it steurde har myn skraabjende tragen oan har muorren. Inkeld wyt blok yn in abstrakt skilderij, harsels it plak taskikt yn har ferlitten romte, neat dat bestean heuge mocht oan har skiednis, ûnwerkenber stil libben. Vorige Volgende