Trotwaer. Jaargang 17(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 252] [p. 252] Margryt Poortstra Blau-blau alle dagen tusken njoggen en tsien giet se har grimmitige gong in bittere boadskipwein dindert op 'e hakken fan har mannetrêd har eagen stjoere boartsjende bern rimpen fansiden fiif meter letter widzet de soan wyld yn har spoar simmer en winter blau t-shirt, bleate earmen ûnrêstich yn it lange liif in hûn dy't hingjen bliuwt oan syn baas [pagina 253] [p. 253] Alde leafde dy soe ik noch ien kear moetsje wolle feilich troud en troch de wike ik sykje yn myn dreamen noch om dy en as ik fyn wiesto it net ferlet fan nije leafde soe ik net hawwe moatte mar dy dy krij ik net teplak Vorige Volgende