| |
| |
| |
Pier Boorsma
Fryske poëzij 1975-1984
(Lêzing hoden foar it Literêr-histoarysk Wurkferbân op 22 maart 1985)
Yn de perioade '75-'84 ferskynden 115 dichtbondels, mear as it treddepart dêrfan wiene debuten. Bekende dichters as Daniël Daen, Jan Dotinga, Tiny Mulder en Reinder van der Leest kamen mei nij wurk.
Oare al bekende dichters debutearren yn dit tiidrek op lettere leeftiid. Ik tink oan Lieuwe Hornstra, Theun de Vries en Sybe Sybesma, de lêste mei in sammelbondel. Ek yn dizze snuorje kaam it sammele wurk út fan û.o. Obe Postma, dat yn Hollân as in folsleine ferrassing sjoen waard. Kwantitatyf dus in grutte produksje, al moat ik der fuort by sizze, dat gâns bondels kwalitatyf ûnder de mjitte wiene. En dat de wiidweidige besprekken dy't yn de tydskriften oan guon fan dizze bondels wijd binne my nochal nuodlik foarkomme. Lykwols binne yn de ôfrûne tsien jier in tal dichters nei foaren kommen, dy't kwalitatyf ús omtinken fertsjinje. Even ôfsjoen fan de sammelbondel fan Sybe Sybesma, wie it wichtichste debút dat fan Baukje Wytsma. Mar ek dichters as Sybe Krol, Eppie Dam, Herman Heida en Binne Lútsen Boarnstra binne fan literêre betsjutting.
Nijsgjirrich yn dit tiidrek wie de yntroduksje fan it haikû troch Lieuwe Hornstra, dy't hjiryn guon neifolgers fûn en it lette fryske debút fan Theun de Vries, dy't yn de tiid fan Quatrebras miende gjin fryske fersen skriuwe te kinnen.
Fan Baukje Wytsma kamen twa bondels út: Noch ien slach om 'e buorren (1980) en It blau fan de hortinsje (1984). Benammen yn de twadde bondel binne de dingen om har hinne tekens nei de tiid fan doe en no en altiten. Sa is de tiid in rûngong dêr't alles dat in ein hat ek wer opnij begjint. De filosofyske ûndertoan jout dizze fersen djipte en ienheid en útsjoch op in belangwekkend dichterskip.
‘'t Bekende ûnbekende’ út de bondel It blau fan de hortinsje
Wa wit leit alles opslein yn de tiid,
elts lûd en it ferweech fan dingen.
ôfprintsels fan in ieuwenâld patroan?
| |
| |
It ljocht, it glydzjen fan it skaad,
it komt en giet aloan. 't Bekende ûnbekende
Is der ien wei dy't nei de ein ta laat?
En fan Sybe Krol kamen twa bondels út: Fossyl fan fjûr (1979) en Korrektyf (1983). Kaaibegripen as ‘finzen yn de taal’, ‘monolooch’, en ‘grinzen’ wize op in taal dy't net kommunisearret en ta iensumens liede moat. Leafde soe in útwei wêze kinne út dizze problematyk, mar ek leafde is mar tydlik en ûnfolslein.
| |
‘Hermeneutica’ út de bondel Fossyl fan fjûr
bisykje ik mysels te finen
dat prysters, predikanten
spraet hawwe oer de oarsprong
de kaei ta hwat ûntaestber is
fyn de leechte fan in púnfal
de iensumens tan smoarch wetter
de earmoede fan stoarne fjilden
Fan Eppie Dam ferskynden trije bondels: Mei de jierren (1978), Goddeleaze tiid (1983) en Tusken juster en jûn (1983). Jeugdoantinkens rinne út op in pessimistyske libbensfizy, dy't freget om ferjitten en opnij begjinnen. Objektive tiid wurdt sa subjektive tiidsproblematyk. En soms by't winter liket de tiid beterzen en is der even in azemskoft.
‘Winterhurd’ út de bondel Tusken juster en jûn.
Ryp set beammen op poaten,
izel stekt it gers omheech -
hjir knapte ynienen de film
en krigen wy in glêzen each.
| |
| |
boaten lizze fêst sûnder tou -
wy witte langer net wat wie,
wat komt, sit finzen yn it no
Azem wurdt in ketling wolken.
froast hâldt alles moai te plak.
mar winter bliuwt in falsk skelet,
in stiennen tinkbyld foar 't gemak
Wat de oare jonge debutanten oangiet: Fan Herman Heida ferskynde yn 1980 as aparte útjefte it fers Skieding. Ek letter wurk yn tydskriften, no ûnder de eigen namme Goaitsen van der Vliet, toant in subtile, hoeden formulearring, dy't my yn de fierte Rutger Kopland yn it sin bringt.
Fan Binne Lútsen Boarnstra kaam yn 1982 de lytse bondel Taaiwaar/it iis is brutsen/tusken wyn en wetter út, dy't opfoel troch de pregnante poëtyske byldfoarming.
Fan de âldere debutanten neam ik alderearst Sybe Sybesma.
Twa bondels kamen fan him út: En marge (1978) en Op 'e râne (1984). Yn de bondel En marge is de poëzy sammele dy't skreaun is tusken '48 en '77. Poëzy dêr't de leafde sintraal yn stiet en dy't de wrangens hat fan op it libben ferovere te wêzen. Sa kin Sybesma Sophocles neisizze:
O bern, de Leafde is wier allinne Leafde net
mar wurdt dêrby bineamd mei tal fan nammen:
hja is de Dea, en hja is ûnforgonkelike krêft,
hja is razernije fan 'e waensin, hja is langstme
ûnforsnien, en hja is wéklacht
Hoewol't de hjir gearbrochte poëzy ûngelikens fan kwaliteit is, steane der yn dizze bondel in tal fersen, dy't sa't it no liket, yn 'e fryske literatuer fan bliuwende wearde wêze sille.
‘Wille zur Nacht’ út de bondel En marge.
Ik lei forlitten oan in wintersk strân
en sûze, sûze; stoarm raesde om my hinne,
machtige wjerklank- sa forjitte kinne
it streakjen fan in ienris leave hân
Forjitnis, o!, forjitnis fan de dingen
en machteleas to lizzen foar de weagen:
| |
| |
dûmdûnker byld as nea myn eagen seagen -
en wei to dounsjen yn dy dûzelingen
en leech to wêzen en net mear to wêzen,
gjin weet to hawwen yn dit nigro-neat
dêr't alles ophâldt sûnder to bigjinnen:
men is folslein it vacuüm fan binnen.
Sa is de bibel foàr fers ien to lêzen;
wel, dat de minske dit sa rêd forgeat!
Fan Theun de Vries kamen twa bondels út: Earst en lêst (1977) en Snie en oare gedichten (1981).
Yn dizze fersen giet De Vries it libben lâns, soms sinlik-konkreet, soms filosofysk, mar ek dan meastentiids keppele oan de konkrete natoer. Yn it earste fers út de bondel Earst en lêst jout De Vries op ûnwjersteanbere wize syn materialistyske fizy wer:
Alles bigjint by de dingen
Fan augustus leech meant.
Wurdt de kou by de bolle brocht
Ik stean oan de knibbels ta
Fan Lieuwe Hornstra kamen trije bondels út: Fersen (1975), De guozzen fleane (1977) en Haikû )1978).
| |
| |
Hornstra skriuwt, dat hy de earste fryske haikû-skriuwer is; ik bin dêr net wis fan, wol wit ik dat er de bêste fryske haikû skreaun hat.
Yn dit zjenre is de dichter earder medium as subjekt fan de konsintrearre waarnimming en dizze proseduere leveret in tige eigensoartige poëzy op.
| |
‘Murns’ út de bondel Fersen
Dan no inkelde dichters dy't yn dizze perioade mei nij wurk kamen en foar '75 debutearren.
Daniël Daen publisearre mar leafst 6 bondels: Fitraezjewrâld (1975), De iken fan Dodona (1976), Rânen fan forjitnis (1977), Hjerstreach (1979), ûnder eigen namme (Willem Abma) En it barde (1980) en yn 1982 Nachtfeest.
De fersen fan Daen binne it sterkst as hja utdrukking binne fan syn subjektive libbenswrâld. In libben yn it teken fan God en demoanen, in libben ek, dat him praktysk realisearret yn ûnferdraachsumens, eangst en dûbele moraal. Ek dêr't de dichterlike oandriuw minder ta utering komt en de fersen mear frijbliuwend binne, stiet it dichterlik fermogen fan Daen der boarch foar dat ek dizze fersen boppe de midsmjitte útkomme. Ien fan de bêste fersen ea yn it frysk skreaun, is ‘swier waer’ út de bondel De iken fan Dodona.
swier waer
wy sitte djip yn 'e keamer en nacht
by 't fjûr fan kachel en loft
de ierde spjalt as tonger slacht
bisten werom lûkt yn hoalen
elts is nou wach: de himel is swier fan symboalen
mem krommet de finger en wol in reinbôge spanne
op it dounsjende ljocht út petroalje
sigen forwege har lippen en jûpe
mocht ik mar ûnder de stuollen krûpe
Heit ropt nou foar 't lêst oan de âldste:
‘hwa't op bêd bliuwt forsiket it lot
nou der ôf en wjerstean net langer dyn God’
hy sammelet it jild en it sulverguod
'ien rake slach en it is fuort
| |
| |
as de klok yn 'e keamer as lêste slacht
stoarmen en buoijen it ûnwaer fordriuwe
forwaeit harren eangst ta in leauwe
Fan R.R.R. van der Leest ferskynde yn 1979 Kunst en fleanwurk en yn 1981 Symfoanysk gedicht.
De fersen fan Van der Leest binne foar Fryslân unyk, om't se folslein nonkonvinsioneel binne. Jeugdsentimint, irony, parody, humor en ferrassende bylden binne de yngrediënten fan dizze boartlike poëzy.
| |
‘oanpassing’ út de bondel Kunst en fleanwurk.
ik haw ek spoarbylzen yn myn tún lein
ik haw ek myn burd stean litten
ik haw ek in sitkûle yn myn keamer makke
ik haw ek in iepen hurd mitsele
ik haw ek nei de wintersport west
ik haw ek in bar mei krukjes timmere
ik haw ek in barbecue efterhûs boud
ik haw ek op de trimbaen roun
ik haw ek affysjes oan de muorren hinge
ik haw ek oan in quiz meidien
ik haw ek in kleure tv kocht
ik bigjin al aerdich wy to wurden
Jan Dotinga publisearre Flaggen en tûkelteammen (1978), No't Hy de hichte hat (1979), Efter it blêd oan (1981), en Wa sil genêze (1982). As der ien dichter in evolúsje yn syn wurk sjen litten hat, is it wol Jan Dotinga. Yn '65 debutearre er mei Lytse ivichheit, ienfâldige poëzy mei in beheinde literêre wearde. Mar yn de bondel Flaggen en tûkelteammen skriuwt Dotinga ynspirearre troch de byldzjende keunst in tige byldzjende, trefsekere poëzy.
‘Rehabilitearre’ út de bondel Flaggen en tûkelteammen
Alina Szapocnikow, Poalen
Se hawwe my rehabilitearre,
| |
| |
Se boarren my gatten yn 't gesicht
se hawwe it ljocht forgetten
mar ik hearde myn hûd net sykheljen,
ik hearde myn hier net groeien
Se hawwe myn earmen net werom fine kinnen,
yn myn skonken binne se stykjen bleaun
Ik bin allinne rehabilitearre
Fan Tiny Mulder by einsluten ferskynden Op slach fan tolven (1975) en Oh in stêd, ah in lân (1983)
Yn de bondel Op slach fan tolven wurde hast temûk grutte begripen as ‘dea’ en ‘frede’ relativearjend har rjochtlik plak taskikt yn it deistich libben. Yn de bondel Oh in stêd, ah in lân, siket Tiny Mulder yn Fryslân en Venetië de delslach fan it ieuwenlange stribjen lân op see te bemasterjen. En efter en yn dy delslach siket hja de merktekens fan de mannichte wrotters, dy't lyts en nammeleas stapke foar stapke har bydrage oan dizze minslike skepping levere hawwe.
Ut de bondel Oh in stêd, ah in lân it folgjende fers:
Ik wol de bouwers yn waad en lagune
mar wat sil men de luien bedjerre
binne har nammen te finen
Caspar di Robles stiet te kyk
dejingen dy't alles makken,
| |
| |
Net de boumasters fan de fontein,
mar dy't der mei de teannen yn spartelje,
de Noarderhaven en it Canal Grande,
mar dy't de blokken marmer en trachyt,
Ut dit globale oersjoch docht bliken, dat de resinte fryske poëzy tusken it materialisme fan Theun de Vries en it idéalisme fan Baukje Wytsma, tusken Fryslân en Venetië har yn breedte en djipgong ûntjout.
Grutte tema's as himel en hel, leafde en dea, teken en tiid binne har net frjemd. Sa'n fiedingsboaiem kin der ta liede, dat wy yn de takomst samar ynienen en faaks ûnferwachts mei nije poëtyske hichtepunten konfrontearre wurde.
De kondysjes foar in positive ûntjouwing fan de fryske poëzy lykje geunstich; by ien fan dy kondysjes, nammentlik de fryske kulturele situaasje wol ik lykwols wat langer stean bliuwe. En dêrfoar is it nedich even yn de skiednis werom te gean.
| |
De bining ferbrutsen?
Krekt nei de twadde wrâldoarloch proklamearre Fedde Schurer, dat de bining tusken beweging en literatuer ferbrutsen wie. It tal fryske bewegers wie grut genôch wurden om in wurkferdieling mooglik te meitsjen. De skriuwers soene skriuwe en de bewegers bewege. Dy wurkferdieling is fierhinne slagge, mar hoe stiet it mei de skieding fan de geasten? Ommers de fryske literatuer soe no op eigen frije wjukken gean, eigen wegen sykje, metten wurde oan literêre en net mear oan bewegingsnoarmen. Men mei wol sizze, dat alle doetiidske skriuwers in bewuste kar foar it frysk as medium dien hawwe ûnder ynfloed fan de beweging. En oarsom wiene de skriuwers de wichtichste oanbringers fan liedende ideeën oan de beweging.
De ideeën wiene foar de oarloch benammen nasjonalistysk. Fryslân hie de slach om de ekonomyske en politike macht ferlern en mobilisearre as kompinsaasje alle mooglike ferskynsels as typyske uteringen fan fryske kultuer om dêrmei de fryske natio te rjochtfeardigjen. Der wie yn dit ramt sprake fan kollektivearring, mytefoarming en konservearring. Allegear eleminten dy't benearjend wurkje op de ûntjouwing fan in moderne literatuer. Ynstee fan nei de wiere minske efter de ideologieën te sykjen, moast de literatuer it dwaan mei stereotipe typearringen en situearringen.
| |
| |
Yn de nei-oarlochske jierren hat de polityk fierhinne de taken fan de beweging oernommen, de FNP sels de nasjonalistyske tinkwize. De literatuer is yndied eigen wegen gien, mar hat har net eksplisyt befrijd fan it nasjonalisme, allinne dêrom al net, om't der neat foar yn it plak steld waard. Ik wol net sizze, dat de fryske skriuwers hjoeddedei nasjonalistysk binne, hja sette har der krekt tsjin ôf. Mar dat betsjut wol, dat it nasjonalisme noch allyd har oriëntaasjepunt is as it oer it frysk giet, in oriëntaasje dy't it sicht op de universele aspekten fan de fryske problematyk behinderet, aspekten dy't uterst fruchtber wêze kinne foar de fryske literatuer.
Schurer woe de lieding yn de beweging oan deskundigen jaan en de skriuwers skriuwe litte. Mar de diskontinuïteit yn it sels-begryp fan de fryske kultuer freget om in nij ferhaal, dat net skreaun wurde kin troch deskundigen, dy't krekt deskundich binne by de graasje fan ien en itselde ferhaal, mar wol troch minsken út it gebiet, dêr't kreative diskontinuïteit as it ware ynstitutionalisearre is, te witten de literêre skriuwers. Hja wurde dêrmei gjin bewegers, mar de fernijing fan de skriuwer as skriuwer docht ek fertuten foar de beweging.
Salang't de fryske taalsituaasje in polityk probleem is, sil ideëel de bining tusken literatuer en polityk nea ferbrutsen wurde, om't de wiere skriuwer him bewust makket fan de kondysjes, dêr't er ûnder skriuwt en om't it tekoart dat er formulearret fertaald wurde sil yn politike ideology.
As de proklamaasje fan Schurer fangefolgen hân hat, dat de literatuer oan it sels-begryp fan de fryske kultuer foarbygien is, yn it misferstân, dat dit gjin literatuer is, mar ta de taken fan de beweging heart, dan hat de útspraak fan Schurer, hoe krekt ek, in averjochtse útwurking hân.
|
|