Trotwaer. Jaargang 17
(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 223]
| |||||||||||||
YnliedendDat fan de tsien jier Fryske poëzij tusken 1965-1975 it iene jier it oare net is, docht wol bliken út in list dy't it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum oanlein hat fan yn it Frysk ferskynde fersebondels oer de perioade 1945 o/m 1982. Neffens dy list binne der sûnt 1945 o/m 1982 211 fersebondels ferskynd (de útjeften yn eigen behear meirekkene). Fan 1965 o/m 1974 hawwe 91 poëzijútjeften it ljocht sjoen. Binne der neffens de neamde list fan de jierren 1948 en 1953 gjin poëzijútjeften bekend, 1970 is in topjier mei mar leafst 16 útjeften. Dat lêste sil grif te krijen hawwe mei de oprjochting fan de Koperative Utjowerij en de subsydzjekranen dy't fan oerheidswege iependraaid waarden. Ik sil dêr fierderop in pear opmerkingen oan wije. It is gjin dwaan en jou yn it koarte bestek fan in lêzing omtinken oan alle útjeften dy't yn it fan my te behanneljen tiidrek ferskynd binne. Likegoed jildt dat foar alderlei poëtyske bydragen yn literêre tydskriften. Wól is it de bedoeling te ynventarisearjen; nammen fan dichters falle te litten; in tal titels fan fersebondels te neamen; út en troch ris in fers te resitearjen; sa goed en sa kwea as dat slagget in koarte karakteristyk te jaan fan it wurk fan in tal dichters en te besykjen hjir en dêr ferbiningen te lizzen tusken ûnderskate poëtyske uteringen en ferskynsels c.q. foarfallen dy't yn it oanbelangjende tiidrek pleats fûn hawwe.
Ik haw it tiidrek 65-'74 ferdield yn trije perioaden. Dat is net alhiel willekeurich bard sa't hooplik út wat folget bliken dwaan sil. Ornaris giet der oan de wat mear turbulinte jierren in faze foarôf dêr't fral twa dingen yn opfalle: te'n earsten de dan noch ynsidintele symptoamen fan datjinge wat oan fernijing te wachtsjen stiet en twad it echt trochbrekken en dêrmei beklibjen fan wat oan fernijing west hat. Sa kinne de jierren '65, '66 en '67 beskôge wurde as in oergongsfaze (wêryn't Quatrebras ophold te bestean en Operaesje Fers oprjochte waard) tusken de fernijing fan it eksperimintalisme en dy fan de s.n. konsumpsjepoëzij. Yn dy jierren beklonk it eksperimintalisme fierhinne ta modernistyske tendinzen yn de poëzij fan bg. in Leo Popma, Durk van der Ploeg en Tiny Mulder. | |||||||||||||
[pagina 224]
| |||||||||||||
De begjinjierren '65, '66 en '67 setten dus (de) lijnen út, net allinne foar de twadde perioade mar ek foar de tredde. It hiele tiidrek dus. Dêrom foar elk fan dy trije jierren eefkes apart omtinken, wylst de twadde perioade: '68/'69-'72/'73 en de tredde: '72/'73-'74..... globaal oan 'e oarder komme. De oprjochting fan it tydskrift Hjir haw ik as markearringspunt nommen tusken perioade twa en trije. | |||||||||||||
1. De earste perioade: de jierren '65, '66 en '67a - 1965Yn 1965 wiene der seis poëzijútjeften
Besjocht men de jiergong '65 fan De Tsjerne dan docht bliken dat njonken de earste fjouwer bondelders Dotinga, Tamminga, Mulder en De Jong, Leo Popma, Durk van der Ploeg en Sjoerd Spanninga de grutste leveransiers fan poëzij binne. Yn Asyl hat dat sûnder mis Tjitte Piebenga mei Bauke de Jong west, al hat der yn dat blêd mar in bytsje poëzij stien. De jiergongen '65, '66, '67 fan Quatrebras dat earst yn '68 hielendal ophold te bestean lit ik no mar foar wat se wiene, sjoen de twa lêzingen fan Sybe Sybesma en Marten Brouwer dy't it lêste fearnsjier fan '84 oer dat blêd hâlden binne. Soe trouwens it ferdwinen fan Quatrebras ek net te krijen hawwe mei de ‘lykberjochtiging’ fan wat foar in protte yn 1968 noch altyd útwrydske en kwaliteitsleaze fersen wiene? Sokken as Leo Popma en Jelle de Jong koene harren fersen yn De Tsjerne kwyt, hoegden net út te wiken nei in oar blêd. Ien en oar krige nochris ekstra stal yn de oergong fan De Tsjerne yn Trotwaer. Fansels sille ek persoanlike tsjinstellings en frustraasjes dy't binnen de redaksje fan Quatrebras spilen it ferdwinen fan it blêd yn 'e hân wurke hawwe (tink yn dit ferbân oan de RONO-lêzing fan Hessel Miedema dêr't nei syn smaak te min of hielendal gjin reaksje op kaam). Hat De Tsjerne, mei't de fernijingspoëzij yn dat blêd mear oan bod kaam, Quatrebras opslokt? In andert op sa'n fraach kin lyk as safolle by in literêrhistoarysk oersjoch allinne mar hypotetysk wêze. Mar, tsjin it dekôr fan feroa- | |||||||||||||
[pagina 225]
| |||||||||||||
ring en fernijing fan de jierren '65, '66 en '67 lit de twadde perioade him makliker profilearje, fandêr dat ik dizze pear opmerkings dochs eefkes kwyt woe. Wa't it hear fan it jier 1965 oersjocht, merkt hoe rom it ferskaat is op poëtysk mêd. Soks mei út it neifolgjende bliken dwaan as ik it rychje fan de neamde sân poëten bylâns gean.
1) Douwe Tamminga. Masterskip oer de taal; behearsking fan de technynk; soarchfâldich omtinken foar de taal al wol dat net sizze dat Tamminga oars net as bewende foarmen lyk as dy fan balladen en sonnetten hantearje soe. In wier hichtepunt yn de hiele Fryske poëzij foarmet de bondel In Memoriam (1968). Hjir geane firtuositeit oer de taal, foarmbehearsking en djipgong fan tinzen en symboalyk hân yn hân. 2) Sjoerd Spanninga. Spanninga fan wa't yn 1964 noch de bondel Kymgong ferskynde, publisearre nei 1965 noch in tal meast lange fersen yn De Tsjerne. Fan dizze dichter kin men fan alles tsjinkomme: frije fersen dy't lang net altyd sa maklik tagonklik binne fanwegen de taal en bylden dy't brûkt wurde. Te bewûnderjen is de rike fantasije fan dizze dichter en de rynskens dêr't er syn bylden mei útstruit. In engazjearre dichterskip is it lykwols net. 3) Tiny Mulder. Fan Tiny Mulder ferskine yn it tiidrek '65-'74 2 bondels: Viadukt (1965) en Wite swan swarte swan (1968). Wat yn dizze poëzij benammen opfalt, is it besykjen om as folwoeksene it fermogen te hanthavenjen de wrâld troch de suvere eagen fan it bern te besjen en om mei in sekere myldens de earnst fan it libben treast te wêzen. Wer oars as Ella Wassenaar briek Tiny Mulder in einhinne mei it tradisionele dichterskip dat him fêstlei op rymskema, strange strofebou, moaie byldspraak en ferheven taalgebrûk as doel op himsels. Eksperiminteel binne har fersen út dy tiid lykwols net te neamen yn safier't dy term in fermoedsoening yn hat mei de premisse dat poëzij inkeld mar yntuïtyf te fetsjen wêze hoecht. 4) Jan Dotinga. Neffens de F.L.M.D.-list soe de bondel Lytse lvichheid fan Jan Dotinga yn 1965 ferskynd wêze en net yn 1963 sa't It Lyts hânboek fan de Fryske literatuer fan Klaes Dykstra hawwe wol. Yn 1966 folgen de bondels Notysjes en Nei oanlieding. Yn 1972 Apel en aei en yn 1974 Finster op Helgolân. Dotinga tsjûget yn it measte fan syn dichtwurk fan in ynbannich en from libbensgefoel dat him gauris ynspirearje lit troch passaazjes út de bibel lyk as de Psalmen en it Heechliet. De poëzij fan Dotinga lijt dêr nei myn sin net ûnder om't it eigen poëtyske lûd net ferlern giet. In nochal isolearre dichterskip middenmank alle poëtyske útbarstings dy't om santich hinne, te wachtsjen steane. 5) Durk van der Ploeg. Hy publisearret yn dit tiidrek twa bondels: Hwerom is | |||||||||||||
[pagina 226]
| |||||||||||||
de himel swart (1967) en Deaden skrieme net (1973). Van der Ploeg is min te klassearjen: bytiden argaysk taalgebrûk (tink ek oan Libertysnk gehucht) kin op it earste gesicht de yndruk jaan dat men mei in tradisioneel dichter te krijen hat. De ynhâld is lang net altyd sa maklik benei te kommen en de foarm fan de fersen is meast frij. Soms is der in ferlet te merkbiten om mei it grutte vokabulêr dat dizze dichter ta syn foldwaan hat de wurden te hantearjen as in soarte fan argaysk masker dêr't de wiere gefoelens efter beskûl geane. 6) Steven de Jong. Yn 1965 kaam fan De Jong de bondel Wankend Stomp út. In yntrigearjende titel fan in al like nijsgjirrige bondel. Driging is it haadtema. De fersen fertoane in frije foarm. 7) Leo Popma. Yn 1966 publisearret Popma de bondel In weak reservaat. In protte fan syn poëzij docht skildereftich oan mei't gebrûk makke wurdt fan bytiden eksoatyske bylden. Dêryn docht er soms oan Sjoerd Spanninga tinken. Dizze pittoreske poëzij is perfoarst net maklik tagonklik lyk as dat trouwens mei in protte fersen dêr't in wazem fan fernijing fan eksperimintalisme en modernisme oerhinne gien is, it gefal is. Bestribbe immen as Tamminga in grutte homogeniteit fan foarm en ynhâld yn in bondel as In Memoriam, Steven de Jong en Leo Popma bewege har oan de oare kant fan de skaal mei nochal heterogene poëzij, wylst Tiny Mulder en Jan Dotinga harren tusken dy beide utersten yn befine. Durk van der Ploeg is dus mei syn heal modernistyske heal tradisionele melânzje min ûnder te bringen. 8) Tjitte Piebenga (Asyl). Fan Tjitte Piebenga kaam yn 1970 út Moaie Peal en yn 1971 Peins. Wat oan syn poëzij opfalt is it sjongsume sels as de fersen beskriuwings wêze wolle fan lokaasje en omjouwing. Piebenga is yn syn proaza sa nijmoadrich wol as yn syn poëzij. Syn fersen lykje gauris gjin oare funksje te hawwen as in estetyske: tige akoestysk, of: ‘klanken foar it ear’.
Oan 'e ein kommen fan dizze faaks wat droege ynvintarisaasje fan it jier 1965 moat nochris steld wurde dat de fernijing yn de poëzij ek yn in bled as De Tsjerne oan bod komme koe. Al yn 1952 stie fan Jan Wybenga it fers ‘Hurrel’ yn De Tsjerne. Dat fers kin men rêstich eksperiminteel neame. It joech dan ek noch al wat opskuor, in bytsje te ferlykjen mei it fers ‘Ote ote boe’ fan Jan Hanlo. It kin yn dit ferbân gjin kwea en sis wat ik ûnder de termen eksperimintalisme en modernisme ferstean no't se sa faak falle. Ik eksperimintele wol nei syn wêze brekke mei it âlde en fertroude oars soe it net in eksperimint wêze. It modernistyske wol fernijing mei behâld fan wat as goed oan en yn it âlde c.q. tradisionele beskôge wurdt. | |||||||||||||
[pagina 227]
| |||||||||||||
It roerige eksperimintalisme fan de jierren fyftich yn Hollân, skeat yn Fryslân net echt woartel. It bleau by ynsidintele uteringen. Dat Quatrebras (wêryn't de driuw nei fernijing gauris en doelbewust (Hessel Miedema) nei it eksperimintele trochsloech) yn dizze snuorje ophold te bestean, ûnderstreket ien en oar noch ris ekstra. Mei Poortinga (fraach steld op gearkomste fan it literêr histoarysk wurkferbân d.d. 23-11-'84) freegje ik my ôf: wêr binne al dy dichters bleaun: Marten Brouwer, Theo Jensma, Jelle de Jong, Wibren Veeman, Lambert Mulder, Hessel Miedema ensfh. Ik leau der neat fan dat in ‘ynspirearjend fermidden’ sa beskiedend is om in dichterskip te kontinuearjen lyk as Marten Brouwer op syn lêzing fan 23-11-'84 hawwe woe. Ik tink earder dat der bloedearmoede fan in dichter mei anneks is. Mar dat tagelyk fernijingstendinzen dy't miskien in gefolch west hawwe fan in eksperimintalisme dat de measten te fier gie, wol woartel skeaten is likegoed wier. It eksperimintalisme hat de fernijing oanfitere en de wurdearring der foar grutter makke. Yn safier't soks mei te tankjen is oan Quatrebras, hat dat blêd allinne al troch te bestean njonken De Tsjerne fan ynfloed west op de ynhâld fan dat blêd. Want, hiene fernijers as Popma en Jelle de Jong njonken mear tradisionele dichters harren produkten yn De Tsjerne kwyt kind as der net sokssawat as rivaliteit en konkurrinsje tusken De Tsjerne en Quatrebras west hie? Al wer in fraach dêr't it antwurd net oars as hypotetysk op wêze kin om't der yn literêre prosessen no ienkear in macht persoanlike motiven meispylje. Nije literêre tydskriften bg. wurde mar selden allinne om in program útfiere te kinnen, oprjochte. Meast is der in stik ûnfrede en frustraasje mei anneks û.m. as gefolch fan ynstjoerde bydragen dy't ôfwiisd waarden. It is yn dit ferbân miskien wol aardich om fan ien as Jelle de Jong in fers te sitearjen dat yn De Tsjerne stiet. kampeare
ik haw neist dy oan 'e mar lein
op in loftmatras leafde
ús lichem hat jubele by de muzyk
fan it draachbere radio
de dûbeldakstinte wie ús breidsseal
wy hawwe swommen yn 'e grienens fan 'e berchmar
wy hawwe preaun fan 'e druven út 'e bidelte
yn it exoatyske berchdoarp
lei de sinne op 'e rêch oer de dyk
yn ûnmacht fan lok
| |||||||||||||
[pagina 228]
| |||||||||||||
de dei wie in smoute causeur
de nacht wie gastfrij keslein
wy boarten in godlik spul
dyn lichem kaem krekt út 'e hân fan 'e bakker
waerm en to gnidzjen
do wiest it daei
en ik wie de gnidder
dou hiest noch nea kampeard
dou wiest de ûnskuld
en ik wie de trou
hwant
op 'e weromreis
doarsten wy beide
de sinne en de moanne noch lyk yn 'e eagen to sjen.
| |||||||||||||
(De Tsjerne 1966-9)b - 1966 Yn 1966 ferskine der seis poëzijbondels: twa fan Jan Dotinga (al neamd), twa fan Fedde Schurer: Efter it nijs (Osinga) en De gitaer by it boek (Ambo), ien fan Leo Popma (al neamd) en ien fan J. Couperus: Wy hawwe gjin goud (Osinga). Mei dit jier woe ik by neier ynsjen mar koart krieme. De helte fan wat doe útkaam, hat yn it foarôfgeande oan 'e oarder west. Fedde Schurer lit him better beflappe ûnder it tiidrek fan Douwe Tamminga: '45-'55. (Tamminga hat trouwens ek in stikmennich wurden oan Schurer wijd yn syn lêzing fan 26-10-'84). Frijwol alles wat yn it oanbelangjende tiidrek oan poëzij by Osinga ferskynd is, al of net ûnder auspisiën fan de K.F.F.B. lit ik rêste. Ik folstean mei it synjalearjen fan it ferskynsel fan de religieuze poëzij dy't de frommens fan de lêzer streaket, him sterket en stichtet en befêstiget yn mieningen dy't er al hat. Wat de poëzij yn De Tsjerne oanbelanget yn dat jier, nimt Durk van der Ploeg fierwei it measte foar syn rekken. Ik telde yn dy jiergong 113 titels, wêrûnder 34 fan Van der Ploeg. As twadde - bien étonné de se trouver ensemble - komt Rients Gratama mei alve titels, as tredden Marten Sikkema en S.J. van der Molen mei elk njoggen. Fierders neam ik njonken Tiny Mulder, Leo Popma en Jelle de Jong noch Wibe Bergsma en Anne Hellinga. Van der Ploeg hat yn dy jierren net allinne in protte fersen publisearre, hy is ek in foarbyld fan immen dy't sa't al steld is tusken de beide gebieten fan | |||||||||||||
[pagina 229]
| |||||||||||||
fernijing en behâld siket nei in eigen foarm. In engazjearre fers fan him is ‘whites only’ | |||||||||||||
whites onlyGod is yn Amearika
De blanke fakbounslieder
De swarte wurkleaze
Hy reizget troch de States
Alabama, Virginia West, Chicago
De wite stêdden fan Amearika
Mei de swarte treinen
Mar hwa wol der noch
Nei dy negerij?
Bessy Smith is
Opstien út 'e deaden
De jiskeman fan Broadway
Faget de kaertsjes byelkoar
The Death of Bessy Smith
Alle nachten wurdt se
Op 'e nij formoarde
Elke nacht reint it kaertsjes
Op 'e sniebline strjitte
Fan Broadway
De jiskeman faget se byelkoar
Mei de hounekeutels
Fan Mister Charlie syn
Pikkynees. De negers
Hingje as apen efter de traljes
To gnizen
Dat moast Franklin Roosevelt
Nou noch ris belibbe hawwe
Al gun ik him de himel al lang
En winskje ik Martin Luther King
As earste negerpresidint
En syn ambivalinte God
| |||||||||||||
c- 1967Yn 1967 ferskine der krekt as yn de twa foarôfgeande jierren seis dichtbondels: ien fan Durk van der Ploeg (al neamd), ien fan Inne de Jong: Lyts Kommintaar (De Strikel, Drachten), ien fan Tsjerk Veenstra: Ferskes om 'e nocht | |||||||||||||
[pagina 230]
| |||||||||||||
(eigen behear), ien fan Jan Bylsma: Striptease (Laverman, Drachten) en twa fan Reinder van der Leest: Flardeguod en Patates mei mayonaise (eigen behear). De poëzij fan Jan Bylsma en Van der Leest brocht doe wol wat oars. Meindert Bylsma en yn sekere sin ek Anne Hellinga kinne yn dit ferbân yn ien siken neamd wurde. De beide Bylsma's dichtsje pratendewei, of miskien hat de folchoarder oars west en prate se dichtsjendewei. Dy praatpoëzij, ornaris maklik nei te kommen, moat jin likegoed net ferrifelje. Gauris is der in ûndertoan fan wrangens of myldens mei in hurd of boartlik boadskip. Fan Meindert Bylsma út de Bondel Ugh it fers forgunning. | |||||||||||||
forgunningin forgunning sizze jo
ja foar de daksgoaten
en as it dan tsjuster wurdt
dat is it al
en as it dan kâld wurdt
dat is it al
in forgunning sizze jo
ja foar in ljedderke
en as der dan in triem brekt
dan stap ik oer dy iene hinne
en as der twa triemmen brekke
dan stap ik oer dy twa hinne
en as der trije triemmen brekke
dan stap ik ensafuorthinne
in forgunning sizze jo
ja foar in ljedderke
nei de sinne
Doe't Van der Leest him oppenearre mei syn boartlike, sa net kolderike eksperiminten en dêr by in protte bewûndering foar ôftwong, like ynienen sels yn Fryslân op poëtysk mêd alles mooglik. Dat alles mooglik wêze moast, | |||||||||||||
[pagina 231]
| |||||||||||||
joech ek Josse de Haan bliken fan mei bepaalde fersen. Tige poëtyske kerlen geane by De Haan beskûl ûnder in lava fan wurden. Wat sein wurde moat, is lang net altyd oer te bringen, lykje in pratte fan syn fersen dúdlik meitsje te wollen.
Yn '67 begjint der dus oan it poëtysk front écht beweging te kommen; der komt bg. in nij tydskrift by: A-wyt. It idee om poëzij fia de telefoan út te stjoeren ûntstiet yn dat jier ek. As yllustraasje fan it boppesteande in fers fan Reinder van der Leest út A-wyt nr. 3. | |||||||||||||
Ham!toe skelte nou net mei myn bêste jurk oan
toe skelte nou net mei myn bêste jurk
toe skelte nou net mei myn bêste
toe skelte nou net mei myn
toe skelte nou net mei
toe skelte nou net
toe skelte nou
toe skelte
toe
In typysk Van der Leest-fers: der sit in typografysk en dus fisuële aardichheid oan: it fers telt like folle rigels as de earste rigel wurden; der sit in grapke yn: de wegering fan de earste rigel wurdt in oanpuonning yn de sânde. En faaks is oan dit fers ek ymplisyt de synjalearring dat stimmingen har yn koarte tiid fan it iene uterste yn it oare feroarje kinne.
Mar gie it yn '67 noch ridlik rêstich om en ta, yn '68/'69 briek de reboelje los, of om it mei in byld út te drukken dat yn de sfear fan dit ferhaal past: it gie fan parlando (= praatpoëzij) oan op bolderpoëzij. | |||||||||||||
2. De twadde perioade: de jierren '68/'69 o/m '72/'73Der binne in tal ferskynsels te neamen dy't op har sels al it tiidrek dêr't se yn spylje, karakterisearje. 1968 wie ynternasionaal in roerich jier. Yn Parys kamen studinten yn ferset (Cohn-Bendit); yn Berlyn stiene sokken as Marcuse en Rudi Dutschke op 'e barrikaden; yn Amearika waard wakker opsjoen by de nijljochter dr. Spock; yn Amsterdam wiene studinten en provo's warber mei alderlei aksjes. Wie der fan al dy saken wat te merkbiten yn it Frysk literêre bedriuw? Ferbannen kinne net samar lein wurde (soks soe al wer te hy- | |||||||||||||
[pagina 232]
| |||||||||||||
potetysk wurde), mar feit is dat der ek yn Fryslân sprake is fan jierren fan reboelje, al waard it dan wol gjin revolte. Folslein nije inisiativen kamen fan 'e grûn. Inisiativen dy't oan de iene kant lykop rûnen mei fernijings yn de poëzij (tink oan de beide Bylsma's en Van der Leest), mar oan de oare kant ek fernijings ta gefolch hiene. Der wie dus sprake fan in wikselwurking tusken ferskynsel en fers. It neifolgjende listke fan in tal ferskynsels mei dat ûnderstreekje.
1) Yn it foarste plak moat Operaesje Fers neamd wurde. Yn '68 waarden de earste fersen fia de telefoan útstjoerd. Dat Fryslân twatalich is, waard hiel mei sin troch de ynstallaasje fan én in hollânsktalige én in frysktalige line rjochtdien. De oriëntaasje op Hollân waard grutter, men wiisde in kultureel isolemint ôf. Der waard mei hollânsktalige dichters oparbeide bg. mei Pier van Dijk, Joseph Duif, Edsard Berger, Peto ensfh. Der waard bytiden drok korrespondearre mei sokken as Cees Buddingh', Simon Vinkenoog en Maurits Mok. 2) As fenomeen moat apart neamd wurde Josse de Haan. Syn ûnbidige aksjeradius yn dy tiid en syn grut entûsjasme wurken ynspirearjend op it ûntstean fan nije ideeën. De term fretfersen bg. is fan him. Dat sokke fersen guon in grouwel wiene, docht der minder ta. Poëzij hie oant no ta altyd noch elitêr west, no soe it einlings in konsumpsje-artikel wurde foar elkenien. Net allinne passyf trouwens, ek aktyf: elkenien moast oan it plakken en knippen. Dichtsjen wie laboratoriumwurk, ponearre Josse yn in artikel yn Trotwaer 1969-6. Byneed moast de poëzij mar ynblikt wurde as wie it kofjemolke (idee fan Meindert Bylsma) of as in poëtyske reinbuoi fan papiersnipels op de stêd Ljouwert deldrippe, of yn in ferpakking fan lusifersdoaskes eksportearre wurde mei as bykomstichheid in stikje taalbefoardering. It seit himsels dat de ynhâld fan in fers him gauris oan de ideeën oanpaste: somlike poëzij krige wat fuortsmyteftichs. Mar soks wol graach as libbensskôging en politike ideology te folle yn de poëtika dy't men foarstiet befrissele wurde. In pear sitaten út it boppe neamde artikel fan Josse de Haan. Trotwaer 1969-6. Josse de Haan / Poëzijlaboratoria | |||||||||||||
[pagina 233]
| |||||||||||||
skiedinglizzende sykheljen leit de grinzen. De tael sels leit de telepathetyske skok. Oan de dichter de taek in aerdige groepearring gear te stallen fan de oanwêzige wurden. Poëzij wurdt in kollaezje fan taeleleminten. Ja, einlings sil poëzij wurde hwat it wêze moat: in wurdferfbad. Ik woe it by dizze heale side mar litte. It hiele artikel fan De Haan beslacht nammentlik seis en in heale Trotwaerside. Wat De Haan allegearre propagearre sleat trouwens net út dat der fan syn hân tige engazjearre fersen ferskynden dêr't de rigels fan wol mei soarch stâld wiene. Ik sitearje ‘Moerassen fan goudkoarts’. | |||||||||||||
Moerassen fan goudkoartsdit lân
flats forkearsknopen
rotondes fan folte
en
elts gefoel wurdt forsliten
foar kranksinnich in sykte
yn 'e tredde graed ûntbining fan
forkearsknopen plysje mei wite petten
oeral binne dokters foar
en tsjin
berte en bernejierren
leafde en pearjen
buro's foar memwêzen en heitewêzen
ambtenaren foar âlderdom en dea
oeral binne drankjes foar
en tsjin
de nije sakraminten fan it nije leauwen
| |||||||||||||
[pagina 234]
| |||||||||||||
in medyske steat fan skientme
in razend kranksinnige wittenskip
yn glêzen buiskes
paranoïde haest en loslippige drugs
sliepende hounen en katten
wurde wekker makke
DE - A-Z BOM SIL JIM REDDE
sizze de adfortinsjebonzen
greate koppen yn 'e nijsblêdden
laitsje ús ta
FORSUP NET YN PUOLLEN FAN ELLINDE
SMOAR NET YN MOERASSEN FAN GOUDKOARTS
NIM DE NIJE SAKRAMINTEN
LEAUW YN DE NIJE HEAR
EN DE UNTBINING
AMEN...
3) Poëzijfestivals. As in wichtich middel om de poëzij te demokratisearjen c.q ûnder de minsken te bringen waarden de s.n. poëzijfestivals beskôge. It earste yn dy perioade wie daalk raak: in direkte linkse fan Van het Reve op it wang fan Simon Vinkenoog. Hollânsk- en Frysktalige dichters joegen acte de présence. Der kaam in literêr kafee: Passe Partout, yn Ljouwert, dêr't gauris wat te rêden wie. Yn meubelsaak De Vrij waard in poëzijjûn holden as bewiis fan it feit dat foarlêzers en beharkers fan fersen elkoar op de meast frjemde lokaasjes moetsje koene en moasten. Under lieding fan Geart van der Zwaag teagen de dichters as trûbadoers nei kampings ta om út harren wurk foar te lêzen. Fannijs die bliken: de poëzij moast en soe út syn ivoaren toer, mocht ienfâldich net elitêr mear wêze. Wat letter folge in grut opsette Poem Power yn de Harmony. Ik haw de yndruk dat foar '67 en nei '74 de frekwinsje fan sokke happenings lytser wie/is. 4) Subsydzjes. Yn 1968 waard it Fúf (Frysk útjefte founs) oprjochte. Troch subsydzjes waarden útjeften mooglik makke, ek fan oerheidswege, sadat der folle mear dichtbondels ferskine koene as foarhinne. It feit dat 1970 in absolút topjier is mei 16 poëzijútjeften, hat dêr grif mei te krijen. It subsydzjeapparaat sil stimulearjend wurke hawwe op skriuwers en dichters meie wy oannimme, miskien sels wol ynspirearjend. Sa'n bewearing stuollet fannijs op in ûnderstelling, mar stel dat der in ferbân is (en dat liket dochs wierskynlik sjoen it grutte tal útjeften sûnt '70), dan is der ek yn dit gefal sprake fan in befruchtsjende wisselwurking tusken fers en ferskynsel. In posityf punt yn | |||||||||||||
[pagina 235]
| |||||||||||||
dit ferbân foarmje ek de addisionele honoraria dy't der al langer wiene. 5) Oprjochting fan de Koperative Utjowerij (1970) De KU joech fuort al in protte poëzij út en docht dat noch. It is de grutste útjouwer as it om poëzij giet alteast. Men hat oanstriid om te stellen dat as de KU der net west hie, der gâns minder poëzij op 'e merk lein hie. De KU iepene al gau de s.n. Cumulus-rige, spesifyk ornearre foar poëzijbondels. Al wer is it ferliedelik om út te hâlden dat der sûnder de KU net allinne minder fersen publisearre wiene, mar ek skreaun. Dêrmei hie it ferskaat oan poëtyske uterings lytser west. Ek hjir dus wer in fruchtbere ynteraksje tusken ferskynsel (KU) en fers c.q. dichtkeunst. 6) Mei it ideaal fan konsumpsjepoëzij en demokratisearring fan wat foarhinne as elitêr oanfield waard moat gearhingje it ferskynsel fan de bysûndere om net te sizzen bytiden útwrydske útjeften al of net yn eigen behear. Yn dit ferbân moat de stichting Kréamune neamd wurde mei Meindert Bylsma, Harmen de Vos en Murk van Stralen as tekener en noch in pear oaren. Fierders ferskynde der: broadsje-healom; yngreep; poëzijfolders ensfh. 7) De ready-made of it objet trouvé ûnderstreke dat men fûn dat de poëzij letterlik op strjitte lei: oeral en rûnom. 8) Konkrekte poëzij. Noch sjoch ik Robert Jozef út Duiven (soms Jozef Duif) stean mei in potsje wetter yn 'e hân en dêryn twa stikjes hurd karton mei dêr op de wurden ‘vis’ en ‘fisk’ skreaun. In twatalich foarbyld fan konkrete poëzij dêr't it komyske effekt noch ris fan besterke waard troch it tige earnstige gesicht dat Jozef der by loek. Lyksteld mei of oan de konkrete poëzij besibbe, is de s.n. fisuële poëzij dêr't yn Fryslân benammen immen as R.R. van der Leest him op útlein hat, soms al, soms net yn kombinaasje mei tekst. Oare farianten op dat zjenre binne en wiene mooglik, bg. de s.n. assosiaasje-tekeningen ûnder de titel ‘poesycal-musical’ yn Trotwaer '69-11/12. 9) Anekdoatyske fersen wiene ek doe fansels faak te finen: der bestie yn it sketste klimaat in ferwoeden wikselwurking tusken de aktualiteit en de poëzij. 10) Last but not least moat dan noch ris neamd wurde dat yn 1969 it earste nûmer fan Trotwaer ferskynde. Mei yngong van '68 makke Douwe Tamminga gjin diel mear fan de redaksje fan De Tsjerne út. De redaksjeleden fan it nije Trotwaer wiene: Bauke de Jong, Steven de Jong, Trinus Riemersma, Leo Popma en Geart van der Zwaag. De fernijing dy't mei sokken as Leo Popma en Jelle de Jong yn De Tsjerne al trochbrutsen wie, krige no ynstee fan in planke in hiel poadium yn Trotwaer. It eksperimintele yn de poëzij fan sokken as Josse de Haan en Reinder van der Leest waard fan de Trotwaerredaksje frijbaan jûn. Wat him foar guon te lang yn de marzje ôfspylje moatten hie, | |||||||||||||
[pagina 236]
| |||||||||||||
koe tenei yn de skynwerpers. En fan wat foarhinne noch folders wiene, woe de KU wol bondels meitsje.
Essensieel foar de jierren om santich hinne is it ferskaat dat de poëzij te bieden hat én de frij yntinsive kontakten mei hollânsktalige dichters, benammen te tankjen oan de oprjochting fan Operaesje Fers. Likegoed moat net út it each ferlern wurde dat de basis foar it ûntstean fan poëzij mar selden net in ‘eksistinsiële ûnfrede mei it bestean(de)’ is. Eangst foar it klisjeemjittige yn dizze útspraak mei net behinderje dat er dien wurdt. In tal foarbylden mei as adstruksje tsjinje. 1) By guon dichters giet ûnder it oerflak fan wat in grapke is of liket in stik krityk en/of kwetsberens foar de realiteit oer beskûl. By sokken as R.R. van der Leest en Josse de Haan tsjinnet de poëzij faken as in masker dat se opsette om de wurklikheid mei treast te wêzen. Foar ien as Durk van der Ploeg jildt soks m.m. ek lyk as al steld is. 2) Dêr foaroer is de poëzij fan Daniël Daen krekt wer in helpmiddel om de wurklikheid mei te ûntmaskerjen. 3) Immen as Steven de Jong wurdt fan de poëzij yn de gelegenheid brocht it wapen fan de irony c.q. synisme te hantearjen om distânsje ta in benearjende wurklikheid nimme te kinnen. 4) De humor yn de fersen fan bg. de beide Bylsma's hat gauris in wrange pointe dy't yn dit ferbân foar him sels sprekt. 5) Fan Trinus Riemersma ferskynden fjouwer kear 25 fersen. Yn de roman De hite simmer binne oan 'e ein de earste 25 opnommen (1968). Yn 1966 hie Van het Reve yn de roman Nader tot U itselde prosedee tapast. Dan folgje Riemersma II yn 1970, Roazen ferwylje yn 1972 en Teksten fwar ien hear yn 1973. By Riemersma's poëzij docht him it eigenaardige ferskynsel foar dat de prozaïst oan it wurd bliuwt sjoen de foarm fan de measte fan syn fersen en de toan dêr't se har op lêze litte, sûnder dat soks ôfbrek docht oan de lyryske útwurking dy't se likegoed hawwe. Mear as ien kear wurdt op oangripende wize eat fan de realiteit bleat lein. Men soe it hast ferjitte sjoen it feit dat Riemersma op proazamêd tige warber is, mar syn oanpart yn de poëzij is hielendal foar it tiidrek '65-74 bepaald net út te wiskjen. Dêrom fan Riemersma de fersen 51 en 57 út de bondel Roazen ferwylje. fes 51
'k woe dot 'k un freon hie
om mij út te praten
mar 'k ha net sókke yntyme freonen
| |||||||||||||
[pagina 237]
| |||||||||||||
en bóppedat ik praat mij noait út
der folt ek neat te sizzen
olinne dot ik sa blasee bin
neat boeit mij langer
ik kóm net mear út 'e stoel
dy-en-dy sil bij de frau wei
sizze se en ik tink
oant salang mei se syn
switsokken noch woskje
en don gniis ik mar
óm net te kotsen
os de frau fertriet hat
nim ik har waar mear net
en os ik beroed dóg
tink ik wot is disse mon
un beroede mon
mar jónges ik ljo net mear
net yn mysels en net yn un oar
mij tinkt dot de gewoane
ómgóngsfwarmen yn acht
nómmen wurde matte
don lyket it noch wot
en fjidder jónges ik besykje
kaptein te wêzen óp ut skip
dot Trinus Riemersma hyt
mar Jezus mei witte wêt
ik hinne waai
Jezus do do gyngst fwar
dyn idéaal oan 't krús
ik sit sûnder ydéalen jûûns
by de feat te fiskjen
en ek noch noait byt
fes 57
seryeus jónges jim kinne mij
ik bin gjin lyrykus
ik sees net mear
os ik wiermeitsje kin
mar os un frau dij oansjógt
mei dûnkere bwarjende eagen
dyt dij ferlamje en útdaagje
en tagelyk hôd bij dij sykje
| |||||||||||||
[pagina 238]
| |||||||||||||
ost tinkst disse ponter kin mij ferskwórre
en yn myn jermen spinne
disse frau jezus disse frau
san frau haf ik nea met
sant kin dur mar ien wêze
echt wier don doar ik olles oan
en dot soe 'k seze wólle
mei dij doar ik olles oan
mar ik sees olinne mar
wólst noch in sherry?
6) Jan Wybenga liket mei in protte fan syn poëzij útdrukke te wollen dat alle geskrep om 'e nocht is of om it mei de Prediker te sizzen: in hânfol wyn; dat doelleas en fergonklik is wat wy op ús paad tsjinkomme. Yn 1973 ferskynde Kj3, yn 1974 Lyts frysk deadeboek. De titel seit genôch: ferfal en ûndergong steane te wachtsjen as se al net oan 'e gong binne. Dochs kipet de humor ek by Wybenga noch wol ris om 'e hoeke. Pessimisme komt ek nei foaren yn it wurk fan Garmant Nico Visser dy't in protte fan syn fersen publisearre yn Lyts Frisia. 7) In tige aparte sfear sprekt út it wurk fan Bartle Laverman. Fan him ferskynden yn dy perioade: It freeslik feest (1969) en Woartelfocht, fruchtwetter (1973). Ynfloeden fan Jacques Hamelink en Habakuk II de Balker lykje oanwêzich. De dichter liket de lêzer meinimme te wollen nei wat letterlik de woartels fan it bestean binne. In bedutsen langstme nei it suvere fan de natoer leit yn in protte fan Lavermans fersen besletten. Ut de bondel In freeslik feest it neifolgjende fers (side 7): ryp
sûkerguod
goaie de nôtfôllen
inoar om 'e earen
gnyskjend sjogge hja
inoar ûnder 'e sturt
hja lûke oan 'e
griene earen fan 'e marbarch
mar
as
de
greate grouwe
jager komt
geane hja hastich op 'e rêch lizzen
de poaten omheech
| |||||||||||||
[pagina 239]
| |||||||||||||
3. De tredde perioade, de jierren '72/'73-'74/.....Foar in koarte beskriuwing fan de lêste perioade út it tiidrek '65-74 komt in oersjoch fan de literêre tydskriften dy't yn dy jierren in rol spilen, fan pas.
It tydskrift Hjir besterke noch ris de trend út de foarôfgeande jierren dat net it fers as sadanich, mar de wil om jin poëtysk te uterjen op syn wearde hifke waard. Der foel dan ek fan in bûnt ferskaat oan ryp en grien yn poëtyske uteringen yn dat blêd te genietsjen. Der ûntstie om Hjir hinne in groep dichters dy't him oant dan ta noch net oppenearre hie. Dat is de wichtichste reden wêrom't ik it earste ferskinen fan Hjir as in soarte fan markearringspunt nommen haw tusken de perioaden twa en trije. Mar it feit dat der blykber ferlet wie om njonken de trije besteande literêre blêden noch ris mei in nij blêd te kommen, markearret noch in oar punt. In tal jongeren hie in skalk each op it redaksjebelied fan Trotwaer. Men koe yn dy tiid sawat deselde ferwiten hearre as dy't de Quatrebrasrûnte de redaksje fan De Tsjerne foar de skinen smiet: te folle op status út, te folle yntylt, te sletten, te yntellektualistysk, te min jongeren dy't oan bod komme koene ensfh. It is dat de subsydzjejouwers mei har regels en foarskriften al te grutte feroarings yn 'e wei steane, oars wie der alle kâns op dat én Trotwaer én Hjir al wer plak meitsje moatten hiene foar oare en nije biêden. Der waard op in tal ferwurvenheden fan de fernijing yn de foarôfgeande perioade trochbreide, al giene de skerpe kantsjes der wat ôf: de fernijing konsolidearre har yn 'e breedte sa't Hjir yn de jierren dy't folgen sjen liet, fan it al te útwrydske like de aardichheid, doe't it nijste der ôf wie, ôf te gean: de measte poëzij waard al gau wer wat minder ‘konsumptyf’ en ‘konkreet’ om mar in pear foarbylden te nimmen. Dichters dy't yn Hjir publisearren wiene (en binne) û.m.: Piter Boersma, Tsjebbe Hettinga, Sybe Krol en Jelle Kaspersma. Yn 1974 ferskynde yn 'e mande mei Jelle Kaspersma: Loft, lân en see. Fan Jaep de Jong ferskynde yn 1973 de bondel Om to stellen. Hy skreau lichtfuottige poëzij op it stik oan sa't út de neifolgjende fersen bliken dwaan mei. | |||||||||||||
[pagina 240]
| |||||||||||||
By de East-Dútske grinsstoung in Deenske auto foar uzes
en dêrneist
stoung in Deensk famke.
Neat bisûnders,
dochs hja droech gjin bh
Dêr stoung hja
mei har krekt opwaeide dúntsjes
hwer't de wielde
fan har brune tytsjes op pronkten,
troch har tinne truitsje hinne
en hja hie gjin skamte
foar hwat de natûr har joech
en god en ik seagen,
dat it goed wie.
Fierders, neat bisûnders.
(Hjir 1972-3) De fersen fan Jaep de Jong hiene yndertiid foar in protte in bysûndere bekoaring. Dêrom noch mar ien út Hjir 1973-5. | |||||||||||||
Alde romantyk't is moarn, oer in pear ûren
bigjint de hoanne te kraeijen
op ien fyts bring ik dy thús
en lis fan wurgens hast aeijen
yn 'e tsjust're krite rounom
is 't - op myn hymjen nei - stil
mar tsien kilometer fierder
is in stoarm fan moralen op til
hwant neffens dyn âlders
wiestou to jong en to net
mar no bist efkes omdope
ta hoer en smoarge slet
ik krij de eretitel:
ûnguere geile hont
mar troch dyn âlders haw ik hjoed
trije blierren op 'e kont.
| |||||||||||||
[pagina 241]
| |||||||||||||
Wa't de jiergongen fan Alternatyf trochblêdet, sil it opfalle dat dat blêd in tige rom ferskaat oan meiwurkers hân hat, mar dat der harren om dat blêd net daalk in bepaalde groep fan nije meiwurkers foarme lyk as dat by Hjir en wat minder by Sonde it gefal west hat. Ek yn it blêd Sonde figurearren in tal dichters ûnder wa útsoarte ien fan de foaroanmannen fan dat blêd: Pier Boorsma, mei gauris uterst gefoelige fersen. As Sonde-special kaam fan syn hân yn 1971 út: ‘De neidagen fan in keamerhear’. Ut Sonde 1969-1 sitearje ik ‘By de dea fan Brian Jones’. | |||||||||||||
by de dea fan brian joneshy fortinkt
de stilte fan forrrie
(elk applaus in oplossing)
yn syn sinnestelsel
fan skynwerpers
snije syn klanken
skerp as in snaer
it publyk
(in lûdroftige flierbidekking)
dounset kleurryk
nei de horizon
dêrboppe as in god
(1000 Volt)
brian jones
brânnend op sticks
en stoned
ûnder de hertslach
fan syn gitaer
nimt de dea
stadich
de foarm fan syn lichem
oan.
Lieuwe Hornstra yntrodusearre yn Fryslân de haikû-poëzij: trije rigels fan fiif, sân en fiif wurdlidden dêr't de ynhâld fan oan strange rigels bûn is. Of hat it Jo Smit west dy't soks yn De Tsjerne dien hat? Berber van der Geest kaam mei fersen dy't harren krêft benammen ûntliene oan de ienfâld fan de ekspresje: der wurdt dimmen en beskieden útdrukking jûn oan stimmingen dy't wikselje fan ferwûndering en eangst nei tankberens en berêsting. Eat fan in selde libbensgefoel klinkt troch yn fersen fan Tsjits Peanstra fan wa't yn 1969 de bondel Hûs fan stilte ferskynde. | |||||||||||||
[pagina 242]
| |||||||||||||
Oan 'e ein kommen fan dit ferhaal dêr't om wille fan tiid en romte net elkenien yn neamd wurde koe dy't wol ris fersen publisearre hat yn dy snuorje, soe it foar de oersichtlikens fan dit oersjoch fan de Fryske poëzij tusken 1965 en 1975 faaks gjin kwea kinne en set de yn dit artikel fersille konklúzjes, ûnderstellingen en stellingen ris op in rychje. Ik doch soks net, lit graach harker en lêzer syn eigen konklúzjes en wol boppedat it risiko net rinne ûnnoadich yn herhellings te ferfallen. |
|