| |
| |
| |
D.A. Tamminga
Fryske poëzij 1945-1955
(Koarte lêzing foar it Literêr-histoarysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy, 26-10'-84)
‘Herstel en vernieuwing’, dat wie it paroal dat de regearing fan Nederlân yn 1945 útjoech oan in befolking dy't ûnder de Dútske soldatelears weirekke wie. Weropbou dus fan wat fernield en ferhûddûke wie, mar ek nijbou by wat foarhinne noait bestien hie. De nacht fan oarloch en besetting wie foarby, in nije moarn like te daagjen, ek foar de keunst, de literatuer.
Skriuwers, ek dichters, krigen regearingsprizen foar har bydragen oan it ferset, keunstútstallings reizgen it hiele lân troch. Hjir by ús waard oprjochte in Fryske Kultuerried mei dêroan ferbûn in Buro foar Kulturele Saken: in gloednij fenomeen. It Boun fan Fryske Keunstners (oprjochte yn 1941!) krige nije ympulsen. Nije kranten en tydskriften ferskynden ûnder farske redaksjes. In feroare konstellaasje van Prov. en Dep. Steaten, yn de jierren '30 sa wearzich en fizich fan al wat nei Fryske kultuer rûkte, Steaten dy't in twajierlikse literêre priis ynstelden, neamd nei Gysbert Japicx. It sykhelle rommer. In nei-oar-lochsstimming fan ‘Hoera, wy libje noch!’ sette gâns lju oan ta alderhanne aksje. Der skynde in bliuwend ferlet te wêzen fan Fryske boeken, dy't ûnder de besetting sa krap wurden wiene.
Yn dit kader, yn dizze feestroes sa te sizzen, liket ek te passen it útkommen fan De Tsjerne, in nij literêr tydskrift, dat jannewaris 1946 foar it earst ferskynt yn in typografysk sober habyt, mar dat daliks mear as in healtûzen abonnees hellet. Yn 'e oarlochsjierren al wiene oer sa'n orgaan op inisiatyf fan Fedde Schurer, dy't ek de namme betocht, bepaalde ôfspraken makke. Ek dichters koene yn De Tsjerne har yn 'e oarloch opgarre wurk kwyt, wurk, dêr't se yn it yn 1944 te Amsterdam yllegaal printe, mar pas yn '45 fersprate skriftke De Rattelwacht in earste blink fan sjen litten hiene. De anonimiteit koe no farwol sein wurde, nije nammen dûkten op oan it dichtersswurk.
De proklamaasje, ek in Schurer-produkt, dêr't it foarste nûmer mei iepene, hiet drystwei ‘De bining forbrutsen’ en einge mei de eksklamaasje: ‘It totale leger triek foarby - It is wer moarn yn Fryslân. De Rattelwacht hat ophâlden; de Tsjerne giet’.
No, nei foech 40 jier, past de fraach: wie dy jûchheistimming, nei in tiid fan
| |
| |
twang en krapte, ûnferdield? Hiene de bommen fan Hirosjima en Nagasaki, de lêsten dy't foelen, in grouwe streek set troch de oarlochsrekken en koe men no op skjin papier begjinne? Dat grif net. Doe't de earste films oer de oarloch begûnen te draaien, doe't de ferskrikkingen fan de holocaust fan Auschwitz en oare martelkampen bleat kamen, doe't de púnheappen fan West-Europa jin fan alle kanten oangriisden, pinige ek de fraach: hoe wie dit mooglik yn in blank wrâlddiel mei tûzen jier kristendom efter him? Doe nytge ek de wroechwjirm, it skuldgefoel: wat haw ik dien om dizze slachting mei op te kearen, mar foaral ek: wat haw ik allegear neilitten? De algemiene haat en wearze tsjin in yn syn konsekwinsjes duvelsk polityk systeem mûne ek út yn in de persoan reitsjende klacht: wat is de minske, de homo sapiens, dat er hjirta yn steat is?
Dat besef fan mandélich-wêzen, fan skuld, wie in Europeesk ferskynsel en fûn ek wjerklank yn de Fryske dichtkeunst fan dy nei-oarlochsjierren. Giet men de jiergongen fan De Tsjerne nei, it iennichste literêre platform yn Fryslân fan dy jierren, dan fynt men de symptomen fan dy desolatens, fan dy morele nei-oarlochskater dúdlik werom. By jongeren, mar ek by wat âlderen. Lit my as yllustraasje hjir in pear foarbylden jaan.
| |
Diaspora
Dit is de tiid dat sibben ús forstjitte,
Dat waerme freonskip oerslacht yn'e haet;
Us alderneiste siket sels har paed.
Wy kinne neat - net ienris mear forjitte
Noch preket men in wylde nije leare,
Of preuvlet moedsum op in âld forsin,
Mar 't needlot skout, en der is gjin forwin,
De striid giet fierder, sûnder kâns of eare.
Aloan reitsje wy djipper yn 'e delling,
Aloan, en 't measte is sûnt lang forlern
Miskien is dit de tiid, tobek to tsjen
Op 't eigen herte, as in lêste stelling.
Mar freegje net oft dy it hâlde kin.
(Marten Sikkema: ‘Diaspora’, De Tsjerne 1946, s. 82)
| |
| |
Loslippich liet
Ik woe wol rinne efter reade flaggen,
Fûleindich read, gjin rose of ynkarnaet,
En dan forheftich en hertstochtlik sjonge
Fan 't ivich rjocht fan 't proletariaet.
Ik woe wol sjonge op hoeken en by brêgen
- De poaijer en de peukjesiker ta myn maet -
Dat Jezus' bloed de sûnders wasket,
Dat der noch plak is, foar in Heilsoldaet.
Ik moat wol sjonge, inkeld en allinne
Omt ik my hjir al fêst en fêster praet,
Ik moat wol sjonge, inkeld al út bangens
Dat der gjin wei mear út dit vacuum laet.
(Freark Dam, ‘Loslippich liet’, De Tsjerne 1946, s. 169)
Sjoch ek byg. Sjoerd Spanninga, ‘Krysttiid 1946’, De Tsjerne 1946, s. 322 en D.A. Tamminga, ‘Strofen foar myn soan’ De Tsjerne, 1948, s. 262.
Dizze desolatens, dit ûntmoedigjende dualisme, dizze eksistinsiële ûnfrede mei it besteande fynt in poeticis by in Anne Wadman dan faak in útlit troch de wei fan de satire. Harkje efkes nei syn ‘Tsien frysk-sinnige kwatrinen’ út 1948, opdroegen, ek net sûnder iroanyske bysmaak, oan E.B. Folkertsma:
| |
Tsien Frysk-sinnige kwatrinen
Fryske nasjonalisten
Praet jim de tonge wurch, de strôt ta heazens,
it is omdôch, 't is wetter nei de saed
dit sleauwe brod fan Skerpensyl ont Peazens
stjert foar syn dea oan brein- en libbenleazens
Nijsblêd foar it Fryske folk
Jow hjoed it keatsen, moarn de CAF in plomke,
sparje de lêzers, hún den Haech in kromke
10 diel morael op 20 kritenijs -
rintnierje warber, o senile omke
Romanskriuwers
Breidzje tûk fierder oan jim âlde sokken
de boererampen, 't kealjen, houliksbrokken.
Priizgje fan 't plattelân seden en geuren,
en hâld kultuer en harsensport yn stokken
Studinten
Hâld heech de Kleare, en de Fryske Trou,
bâlt jimme striidfjûr fan de Aldehou,
wês fûl en skriuw as trouwe bureaukraten
ien jierforslach per dei rju stof ta praten
Opfieders
Pastoar en domeny en boppemaster,
hja hawwe 't kwea fan fierrens yn 'e noaster
Op alles hwat hja preekje, drige en straffe
is Hollâns tael in sêft en suver plaster
Ekonomen
Wy hawwe fan kultuer gjin lêst, mar ús rapporten
bin dreech en deeglik, wis en sterk as forten
In statistyk? in plan? in kaertsysteem?
dossiers? wy stome 't ré yn ús retorten.
| |
| |
Politici
Wy haetsje Holl hm haetsje is if wurd net
Mar sjoch, den Haech hat us sa faek foar skut set.
dat wy nou lang om let, sjoch, sels mar ssst,
hwant in goed boutsje moat net al to hurd bret1
Boun
Sjoch hjir ús avant-garde, us extremisten,
de skrik foar boargerman en earber Kristen
Dit striidber hear, mei 't karbrief as pistol,
forkeapet spjeldtsjes oan dy't noch net wisten
Selskip
Eala it legioen kritebistjûren,
gerniers en winkellju, ûntfangers, boeren,
ienriedich pypkjend en ienriedich smokend
weitsje hja foar ús heilsteat alle ûren
Einbislut
O wês net hurd. Hear, lit se sêftkes stikke
earst noch hwat sinne, in briedstoel en in blikke,
foar nju in Tetman en in Abe Brouwer,
foar romantyk in bjinstap en in hikke
Mien no net, dat de Fryske poëzij yn dat earste desennium nei '45 ien jammerklacht is oan miste kânsen, fergeze reizen, oan twivel en wanhoop. In dichter sûnt 1902, Obe Postma, giet ek yn dat tiidrek syn ûnferoarlik en dochs hieltyd wer ferrassende filosofyske gong as anty-dualist. Ek in Fedde Schurer jout yn dyselde snuorje fersen dy't de ‘lofsjonger fan it dûbele paradys’ (sa't Wadman him karakterisearre) gjin ûneare oandogge. (Sjoch byg. Fedde Schurer, ‘Analfabeet’, Samle Fersen s. 382). Ek de Omar Kayyamoersetter Inne de Jong bewannelet yn syn persoanlik dichtwurk dat paad fan bliuwende hope en leauwe.
Sjocht men oan de hân fan dy tsien Tsjerne-jiergongen it hiele hear en fear fan dichters-yn-aktive-tsjinst ris oer, dan binne der ek in steal ien-deismiggen by, dy't nei in earste oanset swije en it net ta bondeling fan har wurk bringe. Mar der binne ek bliuwers. Ik neam in pear. Klaes Dykstra, tradisjoneel yn syn prosody, mar net sûnder eigen lûd, Willem de Jong (pseud. fan R.W. van Tuinen) dy't bepaalde foarmprinsipes (as metrum en rym) maklik farre lit en Jan Wybenga, dy't yn syn begjinwurk klank en kleur rynsk de romte jout, sûnder ta sierdichting te ferfallen.
In apart ferskynsel is it romantysk kleurde eksotisme fan in Sjoerd Spanninga, dy't by syn flecht út de realiteit soms meinimmende bylden út fiere kultueren en klimaten wit op te roppen. Sa yn syn gedicht ‘Brief fan Don Juan’, dêr't de Spaanske sfear sa yn trochklinkt, as hie in Garcia Lorca foar him model stien en dat boppedat tinke lit oan it bibelsk Heechliet.
Yn de foarbylden dy't ik hjir neam is dúdlik in oare poëtyske taalhantearring waar te nimmen, as dy't tusken '15 en '25 yn de Fryske poëzij de toan oanjoech. De taal is minder yl en sweverich, it sjongsume, it ornamintele is der wol, mar it fers is strakker wurden, de wurdkar stiet tichter by it sprutsen folksfrysk as foarhinne. Wol wurdt algemien noch fêsthâlden oan de oerlevere, klassike fersfoarm: strofyske bou, rym, fêst metrum. It is opmerklik dat de fierwei âldste dichter út de rige, O. Postma, de earste is dy't dy prosodyske regels negearret en him útskriuwt yn it s.n. ‘frije fers’ mei syn útstreamend ritme, dêr't de nestor soms wûndere hichten yn berikt.
| |
| |
Mar as om 1950 hinne jonge dichters yn 'e Tsjernepagina's opdûke (ik neam Marten Brouwer, Sybe Sybesma, Hessel Miedema, Jelle de Jong, Tjitte Piebenga), dan is har lossere fersfoarm beslist gjin neifolging fan dy nestor Postma.
Yn Hollân binne dan al gau de ‘Vijftigers’ yn it opkommen, dy't har ‘experimentelen’ neame en dy't it ear foaral hingje litte nei de moderne Amerikanen en ek Frânsken. Dy hiene alle foarm- en skientmeoanbidding farre litten en de keale sprektaal as liedend en stypjend medium op 'e troan set.
De term ‘eksperiminteel’ wurdt dan it skaaimerk fan al wat jong is en dichtet. In term, dy't neat te dúdlik is, want yn wêzen is alle poëzij in eksperimint. It wurd dat Vestdijk foar de nije poëtyske rjochting brûkte, te witten ‘nonsignifikant’ snijt tinkt my better hout.
Non-signifikant: de noasjes en assosjaasjes fan de taal wurde losskuord fan har rasjonele en psychyske woartels en begjinne in frijer, en selsstanniger libben. De grutte, ynternasjonale foarbylden binne Ezra Pound en T.S. Eliot. Folle dekoratyf dichterlik taalmateriaal wurdt mei ôfweefd, klassike fersbou wurdt as konstruktivisme fersmiten.
De earste dy't yn de Fryske poëzij it nije paad opgiet is Jan Wybenga. Syn ferse-rige ‘Tuskentiden’, út 1947 (letter opnommen yn de bondel Amoeben) lit al in soarte fan oergongsfase sjen. Hjir dêrút it tredde fers:
Poëet is pommerant yn 't sirkus
fan de geast; hy saeit fan de trapeze
yn it prosodysk fangnet feilich del
de wurdeljedder op, nei 't hege plak
As clown, lykwols, is er op 't alderbêst,
mei moanne en stjerren op 'e wide boks
en d' ivichheit op 'e readferve lippen.
fan d'âlde tekst en d'âlde travesty
De lier jowt it net oer! Eala, poëten!
Jim swarmje al oer nije fjilden út,
it clownspak camoufleard mei chemyske formules,
| |
| |
De tael is dwers en dreech de encyclopaedy,
de dichters draeije troch
(Jan Wybenga, Amoeben, s. 9)
Foar in trochbraak mei in soarte fan skokeffekt soarget Wybenga yn 1952, as yn De Tsjerne syn syklus ‘Hurrel’ ôfprinte wurdt. In dúdlik foarbyld hoefier as ‘non-signifikante’ poëzij him fan it bewende ôf doar te bewegen. It earste fers út dy syklus ‘Hurrel’ hat Wybenga letter net yn syn earstlingsbondel opnommen. It sil him te folle skaaid hawwe nei ‘nonsense-poëzij’, wèr in genre apart al is der wol besibbens te sjen.
| |
Hurrel
foar cecilia
kolommen kolommen KOLOMMEN
hwa jowt dy komeet wer in sturt
| |
| |
(Jan Wybenga, ‘Hurrel’, De Tsjerne 1952, s. 329)
Ik haw hjir mar in pear dingen rûchwei oanstipje kinnen fan wat der tusken '45 en '55 op poëtysk mêd yn Fryslân omhear gong. In hap en in snap, mear net. Dochs fiel ik my wol ferantwurde, want it bestjoer fan it Wurkferbân hie my frege wat te sizzen oer ‘Fryske poëzij 1945-55’ en dus net oer dè Fryske poëzij fan dat tiidrek.
|
|