| |
| |
| |
Jelle Krol
De nijste Riemersma
Oer: Tr. Riemersma, Proza van het platteland.
Koperative Utjowerij, Bolswert 1984.
Yn syn dissertaasje Proza van het platteland komt it karakter fan Riemersma syn skriuwerskip dúdlik út. Feardich en mei faasje laat de skriuwer de lêzer yn ta it ûnderwerp fan it proefskrift en op in heldere en sa út en troch wat provosearjende en polemisearjende manier wurdt dat ûnderwerp beskreaun. Steurend dêrby lykwols is de nuvere ‘jully-wully’-styl: behalven it foarnamwurd ik brûkt de skriuwer ôfwikseljend en sûnder in beskate konsistinsje je en we om û.o. himsels oan te tsjutten. Aakliker is om as lêzer fan Fryske komôf sûnder euvelmoed behelle te wurden yn it we yn generalisearjende sinnen as: ‘We zijn in Friesland gewoon om zelfs met de geringste resultaten [op it gebiet fan de ferkeap fan Fryske literatuer, J.K.] tevreden te zijn...’ (s. 269). Ik bin, leau ik, alteast net altiten mei alles ‘tevreden’ en alhielendal tefreden oer Proza van het platteland bin ik likemin, ek al bin ik fan betinken dat Riemersma syn dissertaasje in tige goed ynsjoch jout yn de tematyk en de struktuer fan it troch him behannele Frysk proaza fan de 19de en 20ste ieu.
| |
De doelstelling
Mei de formulearring fan syn doelstelling set Riemersma de lêzer wat op in dwylspoar. Hy seit dat er mei syn wurk bydrage wol ta ‘de beschrijving van de Friese literatuur als geheel van teksten dat op een eigen - literaire, esthetische - manier de werkelijkheidsvoorstellingen die in de gemeenschap worden geponeerd en bediscussieerd, opneemt en verwerkt’ (s. 13). Dy formulearring ropt, sa op it each, de ferwachting op dat de skriuwer earst yngean sil op werklikheidsfoarstellingen sa't dy yn de mienskip libje en dêrnei it opnimme en ferwurkjen dêrfan yn Fryske literêre wurken op it aljemint bringe sil. It is dan ek net ferwûnderlik dat sawol prof. Ibsch as prof. Deprez stroffele binne oer it feit dat Riemersma mar amper omtinken jûn hat oan de earste stap dy't de doelstelling liket te suggerearjen. Yn syn ‘Antwurd oan mefr. Ibsch’ lit Riemersma witte dat syn doel allinne mar wie ‘om ûndersyk te dwaan nei de wearden en noarmen yn in beskaat korpus literêre teksten’. De
| |
| |
ûndertitel fan de dissertaasje ‘Een onderzoek naar de normen en waarden in het grotere Friese proza van 1855-1945’ wiist yndied dy kant út, mar yn syn doelstelling rept Riemersma net oer ‘wearden’ en ‘noarmen’. Dêr hat er it oer ‘werklikheidsvoorstellingen’, en dêr ferstean ik dochs hiel wat oars ûnder!
| |
Realiteit en fiksjonaliteit
Nei it formulearjen fan syn doelstelling giet Riemersma yn op de relaasje tusken literatuer en werklikheid. Riemersma achtet it nedich om earst te sketsen hoe't yn syn Frysk literêr miljeu yn it algemien oer dy relaasje tocht wurdt ear't er syn eigen ideeën dêroer útiensette kin. Wa't ta Riemersma syn Frysk literêr miljeu hearre, wurdt lykwols nearne ferantwurde. Likemin wurdt dúdlik makke op hokker gegevens de skets fan it stânpunt fan dat miljeu basearre is. De skets bestiet nammers foar it grutste part út in enumeraasje fan abstrakta dy't net neier ynfolle wurde en sadwaande neatsizzend bliuwe. It hie nei myn betinken dêrom dan ek better west wannear't Riemersma dy skets weilitten hie en fuortendaliks mei syn eigen opfettingen oer de relaasje literatuer - realiteit foar it ljocht kommen wie.
Riemersma syn útgongspunt is dat ‘ieder literair werk, door de keuze van het beschreven werkelijkheidssegment, door de opstelling van de personages en door de loop van de handeling, een bepaalde positie inneemt tegenover de realiteit en een bijdrage levert tot de voortgaande discussie over het maatschappelijke relevante en irrelevante en over het sociale en morele goed en kwaad’ (s. 14). Dat útgongspunt is neffens my yn safier yn striid mei de ek troch Riemersma as ôfspraak hantearre autonomy fan in literêr wurk dat yn in literêr wurk net in werklikheidssegmint keazen wurdt, mar dat in literêr wurk in eigen werklikheid kreëarret. De werklikheid fan in keunstwurk referearret altiten oan de werklikheid fan al den dei (bg. al troch it gebrûk fan letters of lûden), mar dat yn in literêr wurk in stikje realiteit beskreaun wurdt, wol my dochs net oan. Ut it ferfolch fan Riemersma syn dissertaasje dêr't û.o. opmurken wurdt dat de Fryske proazaliteratuer fan 1855-1945 min beskôge wurde kin as ‘een afdruk van wat de mensen hebben geleden, gehoopt en geloofd’ (s. 262), lied ik ôf dat Riemersma dy opfetting likemin tagedien is. It hat der dus in soad fan wei dat Riemersma mei ‘de keuze van het beschreven werkelijkheidssegment’ sokssawat bedoelt as ‘de kar fan de yn it literêre wurk beskreaune tiid’. Krekt om't ‘werklikheid’ en de konsipiearring dêrfan sjoen de doelstelling sa'n wichtige rol yn de dissertaasje spylje, hie it winsklik west dat Riemersma yn alle gefallen besocht hie om de skiedslinen tusken de begripen ‘realiteit’ en ‘fiksjonaliteit’ dúdliker oan te jaan as er no dien hat.
| |
| |
| |
Ramt, metoade en tapassing fan de metoade
Riemersma pleatst syn ûndersyk binnen it ramt fan de sosjology fan it literêre wurk. Dy tûke fan de literatuersosjology wurdt troch him sa definiearre: ‘De sociologie van het literaire werk bestudeert het werk-als-kunstwerk; zijn [!] object is de fictionele wereld van het boek, zoals die door de toegepaste constructieprincipes gestalte heeft gekregen’ (s. 17). As logysk ferfolch op dy definysje giet Riemersma dan nei oft ferwachte wurde mei dat struktuer-analytysk ûndersyk relevante ynformaasje oangeande de yn it literêre wurk presintearre werklikheid opsmite sil. Hy sketst in tal beswieren dy't oan guon aspekten fan de struktuer-analytyske metoade ferbûn binne en neamt resultaten dy't mei help fan dy metoade ta stân kommen binne. Dêrnei beskriuwt er it model dat er by syn analyze hantearret.
In grut beswier fan dat model - dat nammers troch Riemersma sels ek ûnderkend wurdt, mar dêr't er neffens my wat al te maklik oerhinne stapt - achtsie ik dat de ûndersiker by de seleksje fan feitlikheden dy't nedich is om de ‘fabel’ beskriuwe te kinnen alhiel nei eigen ynsjoch te wurk gean kin. (Riemersma omskriuwt it begryp ‘fabel’ as: ‘een in een bepaalde periode en ruimte gesitueerd geheel van voorvallen, toestanden, ervaringen en meningen, gedragen, ondergaan of beleefd door acteurs, waartussen een bepaalde causale, chronologische, situationele of associatieve samenhang bestaat’ [ss. 22, 23].) It gefaar fan subjektivens wurdt dûbel en dwars sa grut wannear't e ûndersiker a priori - en dat docht Riemersma (sj. ss. 25 en 26) - útgiet fan it bestean fan in njoggentjinde-ieusk literatuerblok boargerlike literatuer en in tweintichste-ieusk literatuerblok fan boereromans. It hat yn dat gefal fansels in soad kâns dat de ûndersiker him by de kar fan feitlikheden om de fabel beskriuwe te kinne stjoere lit troch it byld dat er al fan de teksten hat. Yn hoefier't Riemersma him beynfloedzje litten hat troch it byld dat er fan de troch him analysearre proazawurken hie is min nei te gean, om't de lêzer dan earst in folslein oersjoch fan de feitlikheden yn de wurken ha moat. It liket my nammers ta dat sa'n oersjoch likemin sûnder in beskate subjektivens gearstald wurde kin.
Grutter beswier is, tinkt my, dat Riemersma fersommet om nei te gean yn hoefier't it hantearjen fan syn model de garânsje biedt dat wat er yn 'e útsetting hat yndied berikt wurdt. Yn de haadstikken IV en V, dêr't Riemersma syn model tapast, wurdt in knap oersjoch bean fan de hanneling, de personaazjes, de histoaryske tiid, de lokalisaasje, de presintaasje en de styl yn de troch Riemersma behannele wurken. Spitigernôch ûntbrekt der lykwols in systematysk eksplisitearjen fan wat as werklikheidsfoarstellingen yn dy wurken opnommen en ferwurke binne en fan wat no krekt de noarmen en de wearden binne yn de ûnderskate fiksjonele wrâlden fan dy wurken. Nei it lêzen
| |
| |
fan de subtitel en de doelstelling hie ik dat ferwachte, mar it haaddoel dat Riemersma him steld hat komt sa't it liket úteinliken del op in min ofte mear tradisjonele struktueranalyze fan sa'n lytse fjirtich Fryske proazawurken.
| |
De kar fan de wurken
It is miskien wat flau om nei Wadman (sj. de ‘Opposysje fan dr. A. Wadman’) noch wer werom te kommen op de kar fan de wurken, mar om't dy kar de ynhâld fan de dissertaasje foar in grut part beskaat en nei myn betinken ûnbefredigjend ferantwurde is, wol ik dêr dochs nochris neier op yngean.
Yn prinsipe, sa seit Riemersma op side 14, kin elk literêr wurk foar syn ûndersyk yn 'e nominaasje komme. Om't er lykwols net alle Fryske letterkundige wurken analysearje kin, moat er kieze. It Fryske folkstoaniel lit Riemersma ôffalle, om't Y. Poortinga yn syn dissertaasje dêr al wiidweidich omtinken oan jûn hat. Wêrom't er it oare Fryske toaniel net yn syn ûndersyk behellet, ferantwurdet Riemersma net. Hy jout de foarkar oan it gruttere proaza, om't it neffens him yn 'e reden leit om te ferwachtsjen dat dat mear as gedichten en koarte ferhalen kâns jout op ‘een min of meer samenhangend geheel van waarderingen van verschijnselen in de maatschappij en van uitspraken of accentueringen die maatschappelijk relevant zijn’ (s. 29). It liket my wat nuver ta om allinne op grûn fan de lingte fan de saneamde ‘gruttere’ proazawurken dy ferwachting te hawwen. Wêrom soe men yn it gefal fan in gedicht as ‘Myn maten’ fan Obe Postma of yn it gefal fan in koart ferhaal as ‘It koperen tsjetteltsje’ fan R.P. Sybesma de kâns op it oantreffen fan sa'n gearhingjend gehiel lytser achtsje? Faaks is dat gehiel yn in gedicht of in koart ferhaal wat minder wiidfiemjend en wat minder kompleks - alhoewol't ek dat lang net altiten sa hoecht te wêzen -, mar dat betsjut noch net dat de kâns op de oanwêzichheid dêrfan lytser is.
Mar hawar, Riemersma jout dus de foarkar oan it gruttere proaza. Wat de kritearia west hawwe om de proazawurken te selektearjen, bliuwt lykwols frijwat dizenich.
Riemersma seit dat earst it plan wie ‘om een selectie te maken van grotere prozawerken die zoveel mogelijk verscheidenheid van thematiek en problematiek bood en die representatief voor de Friese literatuur mocht worden geacht’ (s. 29). Mar doe't it Riemersma bliken die dat eins earst nei 1945 sprake is fan in ferbreding fan de Fryske proazaliteratuer en foar dy tiid in blok boargerlike literatuer oer skiedingen fan personaazjes en in blok boereromanliteratuer ûnderskaat wurde kin, besleat er om dy twa, neffens him homogene, literatuerblokken sa folslein en yngeand mooglik te bestudearjen.
Neffens Riemersma wie mei dat beslút it fraachstik fan de seleksje fan de proazawurken oplost: ‘Mocht er volgens sommigen toch ten onrechte een
| |
| |
werk gepasseerd zijn, erg belangrijk is dat niet, want het is nu - dat is tenminste de pretentie van deze studie - te plaatsen: in de traditie of er buiten’ (s. 30). As lêzer ûntkomt men hjir net oan de yndruk fan tendinsjeuzens. Ommers it útfieren fan Riemersma syn beslút kin neat oars ynhâlde as it oanpassen fan de kar fan de proazawurken oan it byld dat Riemersma foarôf al fan de Fryske literatuer hie.
Op de iene of de oare manier moat Riemersma sels ek oanfield ha dat it net doogde om sa te wurk te gean, want syn earste seleksjeplan lit er net farre. It probleem fan dy earste, hjirboppe al oanhelle, seleksjekritearia is dat Riemersma nearne oannimlik makket wêrom't it no ynienen yn ferbân mei de doelstelling fan belang is om ‘ferskaat oan tematyk en problematyk’ en ‘represintativens foar de Fryske literatuer’ in rol spylje te litten by de seleksje, wylst er earder opmurk dat yn prinsipe elk literêr wurk yn oanmerking komme kin. Wannear't Riemersma dat lykwols al oannimlik makke hie, dan hie de folgjende stap in ûndersyk nei dy faktoaren wêze moatten. Mar om't Riemersma foar sa'n ûndersyk te min tiid hie (sj. it ‘Antwurd oan de hear Wadman’), siket de lêzer ek foar wat de tapassing fan de kritearia fan Riemersma syn earste seleksjeplan oanbelanget yn de dissertaasje omdôch nei in ferantwurding.
Al mei al moat konkludearre wurde dat it Riemersma net slagge is om de proazawurken op in befredigjende, ferantwurde en kontrolearbere wize te selektearjen. It ûntbrekken fan in adekwaat ferantwurde kar betsjut dat Riemersma in kâns lizze litten hat om de lêzer de garânsje te bieden dat it byld fan it Frysk proaza sa't dat yn de haadstikken IV en V nei foaren komt net fertekene wurdt troch Riemersma syn foarynnommen idee fan it bestean fan in tradysje fan boargerlike literatuer yn de 19de ieu en in tweintichste-ieuske tradysje fan Fryske boereromanliteratuer. En dat is spitich.
| |
De funksje fan literatuer
Yn it twadde haadstik fan syn dissertaasje bringt Riemersma aspekten fan literatuer op it aljemint dy't net allegear like bot mei syn eigentlike ûndersyk te krijen hawwe, mar fral dêrom nijsgjirrich binne, om't se it stânpunt ferdúdlikje fan Riemersma as literatuerwittenskiplik ûndersiker. Mei help fan en yn reaksje op benammen Dútsktalige literatuerwittenskiplike publikaasjes giet Riemersma yn dat haadstik yn op de funksje fan literatuer, de hâlding fan de lêzer, literatueryndielingen en it kon- en reformisme fan literatuer.
Neffens Riemersma is it de funksje fan literatuer om ‘bij te dragen tot de discussie over de werkelijkheid door informatie te geven over andere leefwijzen, de kennis van de dagelijkse wereld te verdiepen, de werkelijkheid te problematiseren of door oude en bekende waarden en normen te actualiseren’ (s.
| |
| |
31). Sa formulearre freget men jin yndied mei G. van der Meer ôf ‘welke rol dan wel is toebedacht aan het esthetisch aspect van literatuur, en in hoeverre literatuur, zoals gedacht door Riemersma, dan verschilt van niet-bellettristische werken die hetzelfde beogen’ (Stelling 8 by Van der Meer syn dissertaasje Frisian ‘Breaking’, Grins, 1985). Ommers it wichtige ferskil tusken literêre en net-literêre teksten is dat literatuer net yn it foarste plak op in rasjonalistyske en metoadyske manier, mar op in eigen, literêre wize ta de diskusje oer de werklikheid bydraacht. Troch it skeppen fan fiksjonele wrâlden kriget literatuer yn ferliking mei net-literêre wurken in ekstra diminsje en dêrmei ek in oare funksje. It paradoksale fan literatuer is dat literatuer allinne mar ta de diskusje oer de werklikheid bydrage kin troch middel fan fiksjonaliteit. Literatuer ferwachtet fan de lêzer dat er omtinken jout oan hoe't de fiksjonele wrâld opboud is en docht in berop op de lêzer om him yn dy fiksjonele wrâld te ferpleatsen. Allinne op dy yndirekte manier, dy't in - tydlike - ûntsnapping oan de besteande realiteit ynhâldt, kin literatuer bydrage ta de diskusje oer de werklikheid. Troch dy yndirekte wize kriget it literêre wurk in oare oantrekkingskrêft as it net-literêre wurk en njonken de funksje om ferdjipping fan ynsjoch yn de werklikheid te bewurkmasterjen kriget it ek in estetyske en in ferdivedearjende funksje. Neffens my hearre dy trije funksjes yn it literêre wurk yntegrearre te wêzen. Wannear't iensidich de klam leit op de troch Riemersma neamde funksje, laat soks ta belearing. Wannear't it literêre wurk it omtinken fan de lêzer yn haadsaak rjochtet op in tal formele skaaimerken, dan kin toar estetisisme it gefolch wêze. En troch ôflieding fan de besteande
werklikheid as wichtichste funksje fan literatuer te beskôgjen, wurket in literator eskapisme yn 'e hân.
Nei myn betinken is Riemersma syn funksjeomskriuwing fan literatuer dus te iensidich en is er oerdreaun negatyf wannear't er stelt dat literatuer har funksje mist wannear't by de lêzer ‘niet de behoefte aan confrontatie met andere werkelijkheden en aan verdieping van inzicht in de werkelijkheid beslissend is, maar secundaire behoeften als de wens tot verstrooiing of het verlangen naar sociaal en cultureel prestige tot lezen motiveren, of wanneer aan het literaire werk slechts bepaalde formele eigenschappen worden gewaardeerd’ (s. 46). Ommers, sels wannear't it ferlet oan ferdivedaasje, snobisme of estetisisme ta lêzen motivearje, dan noch kin literatuer in mieningsfoarmjende faktor wêze en it ynsjoch yn de werklikheid ferdjipje.
| |
De folwoeksenens en it regionale karakter fan de Fryske literatuer
Haadstik III giet yn op de fraach yn hoefier't de Fryske literatuer as in folweardige en folsleine literatuer beskôge wurde kin. Dêrnêst jout Riemersma yn dat haadstik in skets fan de Fryske literatuer as regionale literatuer en biedt
| |
| |
er in oersjoch fan wa't yn it tiidrek 1855-1945 ta de lêzers fan Fryske literatuer rekkene wurde kinne.
Riemersma behannelet de kwestje yn hoefier't de Fryske literatuer as folgroeid beskôge wurde kin oan de hân fan fiif fragen.
Earst stelt Riemersma him de fraach: hoe kompleet is de Fryske literatuer? Riemersma giet der fan út dat der ‘hegere’ en ‘legere’ literatuer is en hy achtet it mooglik dat foar wat it Frysk proaza oanbelanget de grins nei boppen ta definityf trochbrutsen wurdt. De ûnderste grins fan de Fryske literatuer wurdt neffens him foarme troch ienfâldige regionale literatuer, dêrûnder is der neat: de echte triviale literatuer ûntbrekt. Riemersma komt ta de prachtige konklúzje: ‘Het Fries is als medium te goed voor de pretentieloze consumptieliteratuur, en ook de Fries-lezer is er te goed voor’ (s. 71). It ferfelende is lykwols dat Riemersma yn haadstik II oannimlik makke hat dat in yndieling yn ‘hege’ en ‘triviale’ literatuer net sa ien, twa, trije makke wurde kin, mar ek ôfhinget fan de literêre noarmen fan de tiid fan ûntstean. Wêr't de grins leit tusken ‘ienfâldige regionale literatuer’ en ‘triviale literatuer’ is sûndermear net dúdlik en hie nei myn betinken neier troch Riemersma oanjûn wurde moatten, want it liket my raar ta dat der gjin goede arguminten te finen wêze soenen om b.g. de ‘boerse’ stikjes út de almenakken ta de Fryske triviale pretinsjeleaze konsumpsjeliteratuer te rekkenjen.
Yn it twadde plak giet Riemersma yn op de fraach oft de grinzen fan de taal relevant binne yn de Fryske literatuer. Riemersma is fan betinken dat dat foar 1945 yndied it gefal is, mar dat it nei dy tiid gewoaner wurdt om de hanneling fan in ferhaal bûten Fryslân of op in net neamde lokaasje ôfspylje te litten. Dus wat it aspekt fan de taalgrinzen oanbelanget is de Fryske literatuer folwoeksener wurden.
By de behanneling fan syn tredde fraach, ntl. wat der yn it Frysk oerset wurdt, merkt Riemersma op dat it ‘zeker in het tijdvak 1855-1945, steeds [gaat] om literatuur die wat niveau betreft niet boven de Friese uitsteekt’ (s. 73). Riemersma syn opmerking doelt op it proaza, en is sadwaande te billikjen. Yn de troch Riemersma neamde tiid wurdt lykwols al hiel wat ynternasjonaal heechwurdearre poëzij en toaniel yn it Frysk oerset. De opmerking dat yn it Frysk ‘het eigen provincialistisch niveau en het internationale niveau niet tot elkaar in relatie [worden] gezet’ (s. 73) is der dan neffens my ek by troch.
Yn it fjirde plak giet Riemersma nei oft de literêre krityk oan Fryske literatuer deselde easken stelt as oan oare literatuer. Foar de Twadde Wrâldoarloch waard nettsjinsteande it Jongfryske stribjen om de Fryske literatuer op Europeesk nivo te bringen dochs fral de ‘fryskens’ fan in literêr wurk wurdearre en waarden foar de Fryske literatuer oer it algemien lichtere kritearia han- | |
| |
tearre, neffens Riemersma. Nei 1945 wurdt oer it generaal mear mei algemiene literêre mjitstêven metten. De wichtichste útsûndering op dy regel binne de kranten, dy't fakentiids in folle mylder oardiel hawwe oer Fryske ûntspanningsliteratuer as oer de wat mear avantgardistyske en modernistyske wurken. Fral de krantekrityk liket de Fryske literatuer dus noch net as folwoeksen te beskôgjen.
De fiifde en lêste fraach dy't Riemersma behannelet om ta in beoardieling fan de relative folwoeksenens fan de Fryske literatuer te kommen is oft de Fryske lêzer syn eigen literatuer ek oars wurdearret as de net-eigen literatuer. By de beäntwurding fan dy fraach giet Riemersma fral te seil op ympresjes, lykas bg.: ‘Ik veronderstel dat velen van de meer gevormde lezers in Friesland die wel eens of vrij geregeld een Fries werk lezen, een duidelijk onderscheid maken tussen de functie van de Friese en de niet-Friese literatuur. De Friese literatuur dient tot het bewaren van het oude en vertrouwde, dient tot het instandhouden van de wereld waarin men als kind heeft geleefd, moet een beeld geven van het ideale, volmaakte leven - de niet-friese literatuur dient tot confrontatie met de wereld van nu en zijn probleem’ (s. 77). Om't it by soksoarte ûnderstellingen bliuwt, kriget de lêzer spitigernôch gjin ûnderboude útspraken oer hoe't de Fryske lêzer de Fryske literatuer yn ferliking mei oare literatuer wurdearret.
Yn syn konkludearjend oardiel oer de folwoeksenens fan de Fryske literatuer slút Riemersma him fierhinne oan by Hessel Miedema dy't yn '64 útspriek dat de Fryske literatuer in streekliteratuer bliuwt dy't krekt om har te ûnderskieden by de oare literatueren benefterbliuwt. Riemersma is lykwols al wat optimistysker: ‘Er zijn voor en na 1964 en tot nu toe auteurs en critici werkzaam gebleven die niet ontkennen dat het medium Fries is gebonden aan een gemeenschap en een territorium, maar die de reële en ideële beperkingen die dat medium volgens anderen heeft, negeren, of tenminste proberen te negeren’ (s. 80). Ik sels bin - op in wat navrante manier miskien - noch optimistysker, om't ik, sjoen bg. it lyts frysk deadeboek fan Jan Wybenga, leau dat dy reële en ideële beheiningen ek fruchtber binne.
It twadde punt dêr't ik hjir even by stilstean wol is Riemersma syn gebrûk fan de typearring ‘regionaal’ foar de Fryske literatuer. Yn syn algemiene skôging oer regionale literatuer neamt Riemersma in tal karakterisearringen dy't er yn dat ferbân wichtich achtet. Sa spilet de hanneling yn regionale literatuer har almeast op it plattelân ôf mids boeren, arbeiders, winkellju en doarpsnotabelen en binne de tema's gauris leafde (mei stânferskil), noed foar it bedriuw, skeel om in erfpoarsje, sosjale op- en delgong, de hâlding foar in nijeling oer, de tsjinstelling tusken stêd en plattelân en de flecht fan en it werom- | |
| |
geannei it plattelân. Oerflakterealisme, it útbyldzjen fan de typyske gong fan saken op it plattelân en in anekdoatyske wize fan fertellen rekkenet Riemersma ek ta de kenmerken fan regionale literatuer. Mar boppe al dy karakterisearrings set er de typearring fan Martin Greiner dat regionale literatuer kenmerke wurdt ‘durch ihren literarisch-soziologischen Ort auf der Grenzscheide zwischen bäuerlicher und städtischer Lebenshaltung’; soks hoecht noch net yn te hâlden dat ‘diese Grenzsituation zwischen Stadt und Land das Thema der Erzählung bestimmt’, mar wol is dy grinssituaasje ‘unerläßlich als Standort des Erzählers’ (oanhelle op s. 82). As men mei Riemersma Greiner syn typearring as de wichtichste karakterisearring fan regionale literatuer nimt, dan kin men de foar 1948 moderne, noarmferlizzende en nonkonformistyske roman Fioele en faem fan Anne Wadman dochs noch yn safier as foarbyld fan regionale literatuer opfetsje, om't it ek dêr giet om de grins tusken stêd en plattelân. Mar yn Riemersma syn terminology falle ‘regionale’ en ‘moderne’ literatuer net gear. Hy set dy twa begripen
tsjin inoar ôf: ‘Na 1945 gaat de stroom van de regionale literatuur door, maar er ontstaat daarnaast een, tenminste volgens zijn [!] bedoelingen, moderne literatuur. Die moderne literatuur kunnen we laten beginnen met Anne Wadmans Fioele en faem (1948), evenals It draeimounlefamke [fan B.R.S. Pollema] een roman over een figuur die zich op het platteland niet langer thuisvoelt en naar Amsterdam vertrekt’ (s. 93). It liket der dus in soad op dat Greiner syn typearring dochs net beskiedend is foar Riemersma syn definysje fan ‘regionale’ literatuer. Hokker kritearia al beskiedend west ha om de hiele Fryske proazaliteratuer fan 1855-1945 as regionale literatuer te sketsen wurdt troch Riemersma net dúdlik makke. Dêrtroch wit men by it lêzen fan dy skets net rjocht hoe't men mei it begryp ‘regionale literatuer’ oan moat en kriget men de yndruk dat dat begryp wat al te maklik as etiketsje brûkt wurdt om dêr alle Fryske proazaliteratuer fan 1855-1945 ûnder beflappe te kinnen.
| |
De slotskôging
Nei de haadstikken IV en V, dêr't hjirboppe al it ien en oar oer sein is en dy't fral wurdearring fertsjinje fanwegen it oersjoch dat se biede fan de tematyk, de struktuer en de styl fan de troch Riemersma behannele wurken, folget de slotskôging.
Yn dy slotskôging komt Riemersma ta in evaluaasje fan it minsk- en maatskippijbyld dat út de troch him analysearre wurken sprekt. By it sketsen fan dat byld breidet Riemersma nei myn betinken wat al te koart ôf. Sa't er sels seit lit er yndied elke nuansearring wei (s. 256). Wêrom't er dat docht begryp ik net earlik. Krekt foar de lêzer dy't benijd is nei de noarmen en de wearden yn de fiksjonele wrâlden fan it Fryske proaza hie dit part tige nijsgjirrich wur- | |
| |
de kind, mar no komt dy lêzer bekaaid wei. Mear as wat globale en gearfetsjende karakterisearringen jout Riemersma net.
Wol giet Riemersma yn it twadde part fan syn slotskôging wiidweidich yn op syn neffens my net botte realistyske ûnderstelling ‘dat het Friese volk, omdat het alleen in zijn taal en literatuur kan bestaan, in die literatuur het echte en het authentieke bijzondere nadruk zou geven’ (s. 263). Mar Riemersma wurdt teloarsteld, want ek yn Fryslân hawwe de auteurs har konformearre oan oare literatuer, hawwe de auteurs de itige literêre prosedees tapast en hawwe se har oan de smaak fan it grutte publyk oanpast. Dochs - en dat sil de lêzer wol ta treast wêze moatte - ferskynt der yn de lytse Fryske literatuer sa út en troch noch in wurk fan hege kwaliteit. Faderlik moannet Riemersma de lêzer oan ‘dat je je niet moet laten ontmoedigen door het vaak lage niveau van de literaire werken, en dat je deste gelukkiger moet zijn met ieder werk dat toch redelijk goed is’ (s. 264).
In stik nijsgjirriger is it tredde en lêste part fan Riemersma syn slotskôging. Hy jout dêryn in knap byld fan de ferhâlding tusken de Fryske literatuer en de beweging en komt mei it útstel om yn de literatuerskiednis mear as oant no ta it gefal west hat literatuer en beweging te skieden. It sil noch in slim stik wêze om dat lêste te realisearjen, fral om't de measte literêre wurken út it ferline net los te tinken binne fan de Fryske beweging en om't it fakentiids min út te meitsjen wêze sil yn hoefier't in literêr wurk yn it ferlingde fan of as in reaksje op de Fryske beweging sjoen wurde moat.
Al mei al bin ik, sels as Fries - om op it begjin fan myn besprek werom te kommen - net mei alles tefreden, mar dochs beskôgje ik Proza van het platteland as in tige weardefolle bydrage oan de beskriuwing en de bestudearring fan de Fryske literatuer. Net allinne om't it in knappe analyze jout fan de troch Riemersma keazen proazawurken, mar fral om't it op it mêd fan de Fryske literatuerstúdzje oansetten biedt ta neier ûndersyk en ta fierdere diskusje.
Proza van het platteland is tige kreas útjûn, yn in oranje bân, mei in oranje stofomslach en yn it Hollânsk - men soene der hast wat fan tinke!
|
|