Fan de redaksje
Ein ferliden jier ferskynde foar it earst sûnt 22 jier wer in proefskrift oer in Frysk literêr ûnderwerp Tr. Riemersma promovearre doe op de dissertaasje Proza van het platteland. Foar ús op himsels genôch reden om dêr wiidweidich omtinken oan te jaan. Yn dit nûmer in besprek fan de dissertaasje, de opposysjes sa't dy (likernôch) by de promoasje hoden binne en de antwurden fan Tr. Riemersma dêrop, sa't er dy neitiid formulearre.
It twadde ûnderwerp dêr't yn dit dûbelnûmer klam op lein wurdt is de neioarlochske poëzij. Foar it Literêr-histoarysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy binne it ôfrûne jier ûnderskate nijsgjirrige lêzingen hoden dy't wy ús lêzers sa mooglik net ûntkeare wolle. Yn dit nûmer dêrom de lêzingen fan D.A. Tamminga, G. Willem Abma en Pier Boorsma dy't in globaal oersjoch en in karakteristyk jouwe fan de poëzij dy't ferskynt is yn de perioaden 1945-1955, 1965-1975 en 1975-1984.
Fierder noch proaza fan Sako Booi, poëzij fan Jac. Dijkstra, Ties Roorda en Margryt Poortstra, in besprek fan Klaas van der Hoek, krityske lûden fan Eppie Dam en in útstel fan Sybren Sybrandy.
In nûmer dus dêr't de lêzer noch even mei foarút kin!