| |
| |
| |
Sybe Sybesma
Earlik dichterskip
Oer: Freark Dam: Yn hâlders hân. Fersen fan doe en no.
Bosch & Keuning, Baarn, De Tille, Ljouwert 1984.
Aiōn esti pais paizōn, pesseuon; paidos hē basilēiē.
‘De tiid is in boartsjend bern dat pielt mei damhoutsjes; 't bern hat it keningskip yn.’
(Herakleitos, ±500 foar Kr.)
| |
I
De lêzer lêst syn eigen poëzij
al hat in oarenien dy foar him dichte:
hy krijt de kode - dy makket him frij
foar in forantwurding op eigen hichte.
| |
II
Foar Freark Dam
19 VII 1981
It libben, tusken twa geheimen fongen,
berte en dea, biklage en bisongen,
divelsk en godlik, beide tagelyk -
hwa kunstner hat sa'n cocktail ea bimongen?
Yn boppesteand kwatryn is eink myn hiele bisprek fan Freark Dam syn dichtkunst gearfette, jierren eardat syn Yn hâlders hân útkaem. Foar in bisprek fan dy lêste bondel: Fersen fan doe en nou hat de redaksje fan Trotwaer my frege, dêr my op ferge, soe 'k nou sizze.
Lykas ornaris hawwe ek op dit stik gâns oaren my allang einen foar west yn 't buorkundich meitsjen dêrfan, mar ik foar my haw fan 'e miet ôf oan nea net in hege pet ophawn fan hwat der great op giet litteratuerwittenskip to wêzen.
| |
| |
De measte ‘litteratuerwittenskip’ dy't my oant nou ta ûnder eagen komd is, brûkt wan-tael, is dus ûnlêsber en bringt neat op 'e hispel, om Starum en Dokkum hinne, dat men sels net oars, ienfâldiger en better oan 'e weet kommen wie.
Hwat kunst - in bouwurk, in byld, in skilderij of tekening, in muzykstik, in roman, in gedicht of in essay - mij ‘docht’ hoecht utersté net to lykjen op wat it in oarenien to sizzen hat of seit, al kinne wy - dy oare en iksels - dêr fansels bisteklik oer redendiele, en kin dêr, as it hwat meiwierret, skoan hwat fordjipping fan beider ûnderfinings út nei foaren komme, in neijer forstean by beide fan datstelde kunstwurk, en sadwaande fan inoar, oer en wer.
Ik fiel my hielendal net roppen, en bring yn 't foar de mjitstêven klear en dúdlik ûnder wurden, dy't ik oanliz by in bisprek fan poëzij, ek al om't ik sa net to wurk gien bin, né, noch minder: as oprjocht ‘kritikus’ sa net to wurk gean kin. Soks soe myn lêzen dwerse kneppels smite, ik soe mysels lige en ik soe de fersen en allyksa harren dichter ûnrjocht dwaen.
Sûnder my nou to biroppen op it forslitene, wjer- en wjer- en útkôge (oars yn 'e kearn net ûnwiere...) sechje ‘de gustibus non est disputandum’ - yn syn abslutens oerdriuwt it! - mien ik dat it krekt oarsom is: út it bisprek, it forslach fan de omgong mei it to bisprekken wurk fan de bisprekker, dogge syn mjitstêven, docht syn ûnderfining dermei, bliken. As in bisprek oanbean wurdt, nei foaren komt as in pakje hea, mist it neffens my eat wêzentliks: it proses fan it haeijen.
| |
III
Dit bisprek soe as ûndertitel forneare kinne: de dichter Freark Dam as redakteur. Sûnder nou to bot spikers op leech wetter sykje to wollen - typografysk is der nochal ûnderskie yn de presintaesje fan syn fersen ‘fan doe’ yn Under fjouwer eagen en Sa sydlings oan 'e iene kant en yn Yn hâlders hân oan 'e oare. As ik dat op hakken en teannen neigean soe, moast ik suver in hiel nûmer Trotwaer bisette - kin ik myn bisprek fan Yn hâlders hân ynliede mei syn eigen titelfers, nuverdernôch in echt sonnet plus ien rigel:
Mei it kadaster yn 'e war
Omdat it nea myn diel wurdt. sil 'k bineame
De rizingen, de delten. 't waerm forbân
Fan hwat foar eagen is mei djippe ûnderstreamen
En fan in sé, dy't skûlet oan smel strân.
| |
| |
Bineame fierkjend ek it eachweid mei syn seamen
Fan lyts bûnt bloeisel yn it golle sân.
Romten bifreedge fan in sterke beam.
En in smûk sté foargoed yn hâlders hân.
Omdat it nea myn diel wurdt, sil 'k bimjitte
Spegels fan loften ek yn 't stilste saed.
Roken fan krûd en nagel, al 't ûnwitten
Fyn reauntsjen ek fan grien leaf oan 't paed
Dat nei de kym ta fiert fan 't nea-forjitten.
De sinnewaermte mjit ik Ek it teare skaed.
Omdat it nea myn diel wurdt. sil 'k it dreame.
Nim my, Freark, myn omstavering net al to kwea ôf, dou hast it sels ek dien, oarsom, en noch mear: ynterpunksje, lytse letters wurde kaptalen en oarsom. Dyn eigen titelfers jildt foar myn twadde resinsje: ‘Omdat it nea myn diel wurdt, sil 'k it dreame.’ Ja, somtiden koe ik by 't earste lêzen myn triennen net wjerhâlde, en dan ha 'k it hjiroer:
Beaken
Hast ien de dea dien, willemoeds?
Hast ek wol lijd, mar om dysels.
Dou hast net stien. Dou hast dy driuwe litten.
It skip mei folle seilen hast net treast west.
Dyn wrakhout spielt hjir oan, ûnnut en
skandlik teken fan in faei bistek,
oant it ta bút wurdt fan it stom forjitten.
De séwyn inkeld yn syn iivge klacht
sil yn syn ûnmeilydsumens noch faek
fan dy forhelje en ôfgriis beakenje
yn herten like faei as dines
mar har ta treast noch stipe.
en oer ‘Great Ketlik - it âlde spoar’, bygelyks:
Sjoch ik mysels wer boartsjen. Immen oars.’
| |
| |
Sokke dingen bringe my yn 't sin, dat Freark Dam syn dichtkunst forweefd is mei syn libben: hy koe der net bûten, sjoch ek syn
Loslippich liet
Ik woe wol rinne efter reade flaggen,
fûleindich read, gjin rôse of ynkarnaet,
en dan forheftich en hertstochtlik sjonge
fan 't ivich rjocht fan 't proletariaet.
Ik woe wol sjonge op hoeken en by brêgen,
de poaijer en de peukjessiker ta myn maet,
dat Jezus' bloed de sûnders wasket,
dat der noch plak is foar in Heilsoldaet.
Ik moat wol sjonge, inkeld en allinne
om't ik my hjir al fêst en fêster praet.
Ik moat wol sjonge, inkeld al út bangens
dat der gjin wei mear út dit vakuüm laet.
Sjoch, Boris Pasternak, de Nobel-priiswinner, hie in hiel forhael, Dr. Sjiwago, fanneden as ynlieding op syn gedichten, Freark Dam, gjin Nobel-priiswinner (kinne hja dan yn Stockholm gjin Frysk lêze?) hat mei al syn warleazens oan syn fersen genôch. Men ken de man, tinkt men, mar as men syn fersen lêst, sjocht men him yn 'e eagen. Harkje ris:
To wif om noch earne oer gear
ûndergiet men nou dochs hwat Er die
as in lêst bifrijend gebeart:
Hwat men sein hawwe woe is omdôch
hwat men dien hawwe koe is ûnnut
faeks hat men oan swijen genôch
en oan in skras yn 't los sân
dy't forwisket op 't selde stuit
dat men delskriuwt mei losse hân.
Hwat ommers gjin dream forneart
sjoch, de sânkerrels rûgelje 't ticht
wy binne ta weiwurden keard
| |
| |
mar bûge foar 't lêst ûnder 't jok
fan in skrinende frede biflein
om it bitter, ûngrypber lok.
Neffens my sizze dizze fersen harsels, myn krityk is allinnich ‘bûtenkantich’: de stavering, de ‘nije’ ynterpunksje - Sa sydlings foun ik better fan foarmjowing - en dan wie ‘As ik my oerbûch’ yn Under fjouwer eagen ‘Forgetten frou’, en ‘Mem en bern - foar Pytsje 25 XII 1955’ yn Sa sydlings datearre op 1959.
De rest moat de lêzer mar ûndergean: keapje en lês dy bondel, en, as it noch kin, Under fjouwer eagen en Sa sydlings derby! It motto fan Under fjouwer eagen hie hjirre ek net misstien:
Rainer Maria Rilke:
Hätte sie gerne zu Ronden
einer erwachsener Blonden
zum Schmuck und Geschmeid
Mar nou helje ik dochs noch dy ‘Forgetten frou’ oan, doedestiids op muzyk set troch Marten Jelles Brouwer, as 't my net mist:
As ik my oerbûch binn' dyn eagen
twa blauwe flammen yn in donker bosk,
twa glêdde stiennen, oanspield fan de weagen,
glinstrjende fruchten yn it djippe mos.
As ik my oerbûch binn' dyn eagen
twa djippe fivers yn 'e lette dei.
Lit my de iensme gongler wêze,
dy't komme en him speeglje mei.
Yn it hôf risselt in blêd omlegen
en oer de perken krûpt de joun al ier.
Leave, dit bliuwt, as ik my oerbûch:
dyn blauwe eagen en dyn donker hier.
De seis skiften fan Yn hâlders hân hawwe seis thema's, dy't de dichter jin to rieden jowt. Dizze lêzer miende ditte: I ‘Forlet fan leafde’, II De oerfal fan 'e
| |
| |
oarloch, sjoch ‘Marsbifel’ yn Under fjouwer eagen, III ‘De eigen... lytse mienskip, yn oriëntaesje op 'e wrâld’, IV ‘Jonkheit, komôf’, V ‘Freonskip’ en VI perfoarste rekkenskip, lykas Wolfgang (von) Goethe wol seach, mar sels ûntflechte; neffens José Ortega y Gasset: mei jinsels yn harmonije reitsje. Frysk is mar in boeretaeltsje, ek neffens dr. Trinus Riemersma, mar neffens my binne de gedichten yn it Frysk fan Freark Dam fan wrâldniveau: se slute oan op syn libben en binne earlik. En dan hoechst gjin superlativen to brûken. Kinst folstean mei dit fers:
As bern fornúv'ren wy ús oer de libbensbeam,
wy boarten, dounsen oer de allerlêste seam,
as jonge hynders moasten w' ús bileare litte,
dat heart derby. Hwat oerbliuwt is de dream.
En per slot seit dizze âld-faksist mei Freark Dam:
‘forjow nea de fascist’.
Dat woe 'k dochs noch kwyt.
Sybe
|
|