Trioel
De lju wolle bloed sjen
Op de nijjiersgearkomste fan Trotwaer kaam op 'e nij de winsk nei foaren fan mear polemyk yn Trotwaer. Elk wie op 'e smaak kommen troch it moaite foarbyld dêrfan yn it doe krekt útkommen nû. 6, 1984 fan Hjir ntl. de bydrage fan Hindrik Spin oer Tydskriften. Omt ik dêryn as serieus ôfskildere wurd, kom ik no fansels fuort fanwegen mei in nûmerke polemyk, neffens de winsk fan ús achte lêzers.
Earst moat ik lykwols wol efkes wat kwyt oer de problemen fan polemyk yn tydskriften fan it Trotwaer-model. Polemisearje falt net ta om de ienfâldige reden dat de kopij foar in nij nûmer sawat klear wêze moat as it foarige nûmer krekt útkomt. Yn it geunstige gefal dat de nûmers krekt op 'e tiid útkomme, hawwe de lêzers goed in wike de tiid om te reagearjen. De iennige oare manier om in polemyk te krijen is dat de redaksje in diskusje organisearret troch yn 't foar belanghawwenden om in reaksje te freegjen. Dat bart ek wolris, mar hat as beswier fansels wol dat in redaksje net gau in polemyk tsjin himsels organisearje sil. In lêzer dy't dus mei de redaksje yn 'e slach wol, sil mei syn stik sa al gau fjouwer moannen letter yn 'e publisiteit komme, en dan binne de measten de oanlieding allang wer fergetten.
Dan no - ek nei fjouwer moannen - it stik fan Hindrik Spin. Ik begjin posityf: der steane fansels tige wiere dingen yn, byg. dat der by it redigearjen fan in tydskrift ‘wat belied nedich is’. By hast alles yn it libben, soe 'k hast sizze. Logika is lykwols net it meast opfallende yn it stik. Earst seit Spin byg. dat it finansiële aspekt ‘ynferieur’ (bedoeld is: minder belangryk) is oan it hawwen fan in goede redaksje, om dan yn de folgjende alinea in hiel ferhaal te begjinnen oer de jildsjittende útjouwer en de printer fan Trotwaer. En wat bedoelt er mei: ‘De logika fan de “generaasjes” produsearret nije tydskriften en harsels fernijende tydskriften en annulearret de sleauwe boel, as it goed is. Prima.’ Ja, as it goed is. prima, en as net goed is, ek net prima, tink. Mar is it goed?
Twa tydskriften wurde yn it stik fan Spin net besprutsen, ntl. De Strikel en Hjir. Ik hie leaver wat oer dy tydskriften lêzen as oer Sonde en Alternatyf dy't der yndied - dat hat Spin goed yn 'e rekken - net mear binne. It is lykwols mar skyn dat Hjir hielendal net behannele wurdt yn it stik. As Spin it ntl. hat oer hoe't it wol moat mei in tydskrift, kin hy it net litte om yn gedachten de redaksje fan Hjir as foarbyld te nimmen. Hy skriuwt: ‘Myn idee is dat it finansiële