Trotwaer. Jaargang 17
(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 164]
| |
[pagina 165]
| |
2Fanôf de Martinitoer falle de lannen
geometrysk en strak yn 't gelid sa't de minske,
tink ik, him syn wêzen hopet,
ik folgje de omwei, it wyld winen
fan de boalserterfeart bylâns
(dronken bin 'k it trekpaad bûten de redekavel)
| |
[pagina 166]
| |
3Yn de printen fan it bern, dat
himsels ferlear yn it lústerjen
fan it reid en nea
op skoalle oankaam,
folgje ik it paad werom
de boalserterfeart bylâns,
by 't ruerderpiipke leit noch de âlde bolstien,
blau en grien
dy't ik leafhie as gjinien,
de stien dy't op myn streakjen oergie
yn in rûne mûle fan betsjoenjende rûmte,
dêr't ik mem har stim út ferstie,
oh blau laitsjende bolstienne,
ik streakje har nochris de hûd, mar
gjin lûd dat ik hein
dan inkeld it skraabjen fan de fingers
en de fragen, hoe't it djipste
fan de dingen yn ús op 'e doele rekke
|
|