Trotwaer. Jaargang 17
(1985)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 160]
| |
[pagina 161]
| |
In eilânIn eilân is in inkeling,
allinne as in drinkeling,
in hân dy't út it wetter stekt,
in hollekrún dy't fluezen brekt.
In eilân komt út foetusfocht
lossinnich as in dún oan 't ljocht.
It wrot him as in fûstfol sân
oanienwei op nivo fan lân.
In eilân is nei bûten dreaun,
lykwols yn berte stykjen bleaun.
It stiicht by wankel einbeslút
wifkjend boppe eigen twifel út.
In eilân is in minskebern,
sa heal optein, sa heal ferlern.
Mar hoe himels ek en hels,
in eilân rêdt himsels
| |
[pagina 162]
| |
MentaalWat in lân
- formeel en nei de letter -
ta in eilân makket,
is oan alle kanten wetter.
Mar stel, de spegel sakket
en de bult wurdt, sûnder erch,
in berch dy't opriist út it slyk,
dan noch
bliuwt in eilân
in eilân allyk
Ja, sels mei polderlân ringsom
bliuwt it by it folk
noch altyd as in oantins driuwen
yn deselde wiggeljende slom:
in eilân kin net mear werom.
It dobb'ret as in teken fan ferset
syn bewenners ivich yn it hert,
as in ienling like hillich en ellindich -
in eilân sit ynwindich.
| |
[pagina 163]
| |
FûstIn eilân bestiet as in hân
dy't troch it wetter amputearre is,
mar it gemis net fielt
as in gemis.
Sterker, it makket in fûst
en docht -
besjocht himsels nei ieuwen
as it liif dat oerbleaun is.
|
|