| |
| |
| |
Josse de Haan
‘Moaie’ literatuer bestiet net, of - Yn it dal fan de Somme waard de rêch fan de taal brutsen -
- in do ûntduts dat de loft syn snelheid yn 'e wei siet, en besleat doe sûnder loft te fleanen - I. Kant
- it ‘engagement’ fan de kunstner bistiet yn syn ûnmacht as minske. Syn kunstnerskip is sûnder dy ûnmacht net to tinken - L. Nauta
| |
O. Oanlieding
Yn De Kul (83-1) skriuwt Trinus Riemersma yn ‘Het kluitje in het riet’ oer it net funksjonearjen fan literatuer yn it deistich bestean. It stik is skreaun yn maart '82 en doedestiids stjoerd oan Piter Boersma en my mei de fraach oft wy elk in (kontra)stik leverje koene om de diskusje op tou te setten. Piter Boersma hie al moaiaardich wat sein yn syn lêzing yn jannewaris fan dat jier, en iksels wie alris mei it ûnderwerp dwaande west yn de ‘Krityk mei de krityk’ (Trotwaer, 78-3). My spruts de stelling fan Riemersma wol oan, de problemen baarnden my ek wol in bytsje op de neil, ek al troch de sloppe en net fundearre kritiken yn de literêre tydskriften, ma[...] priveeswierrichheden needsaken my de fraach te negearjen. Fergetten hie 'k it stik net, want it ferget jin wis op reaksje, benammen om't de útgongspunten fan Riemersma foar in part heaks op mines steane, wylst der dochs ek wer genôch eleminten yn sitte dy't oanslute by myn opfettings oangeande literatuer. Yn myn besprek fan De skjintme vurt furbwólgwódde is dat ymplysyt te merkbiten, yn dizze matearje sprekt Riemersma himsels tsjin om't hy yn ‘Het kluitje...’ literêre skjintme en (maatskippij)krityk elkoar útslute lit, wylst de roman yn al syn ferskriklike skjintme en ferskriklike literatuer dy twa eleminten ynelkoar oer rinne lit. Dy paradoks boeide my en oer dy skynbere tsjinstelling giet dit stik foar in part. De wize wêrop't Riemersma ûnderskied makket tusken téory en praktyk is neffens my te keunstmjittich en stuollet wat de téory oangiet tefolle op in literêre téory dy't elk momint ynwiksele wurde kin foar in oarenien.
De romanskriuwer Riemersma ûntmaskeret de téoretikus Riemersma.
| |
| |
Twad fyn ik it stik fan Piter Boersma - ‘De skriuwer en syn engaazjemint’ - nijsgjirrich. It is in aardige ynvintarisaasje yn koart bestek fan it begryp engaazjemint en alles wat der wol en net by heart, en it jout in dúdlik sicht op it beheinde fan de Fryske literatuer op himsels. Amper in pear minsken seagen wat fierder as de provinsjegrinzen, en men moat jin wis ôffreegje hokker negative ynfloed in man as Schurer yn wêzen op de Fryske literêre ûntjouwing hân hat. It lytsboargerlike dript fan elk wurd dat de man sein en skreaun hat. Quatrebras hat it tsjin sokke figueren (Schurer, Tamminga, Folkertsma, Poortinga, en noch in pear) ôflizze moatten. Better sein, mannen as Brouwer en Miedema krigen yn 'e rekken dat it sinleas wie en fjochtsje tsjin de boargerlike moraal dy't foar master opsloech. Piter Boersma syn fertsjinste is dat er subtyl oanjûn hat, middels sitaten en útspraken, by hokker lju it stilsteande Fryske literêre wetter begûn te stjonken. In tweintich jier nei de twadde wrâldkriich, doe't oeral yn Jerope de delslach yn de keunst al lang te merkbiten wie (bgl. Cobra, Eksperimintelen yn Hollân), barde der yn Fryslân noch neat en hie De Tsjerne de toutsjes noch yn hannen. Men kin sizze dat De Tsjerne en benammen Schurer en Tamminga, de Fryske literatuer gjin tsjinst bewiisd hawwe om't se de réaksjes op de twadde wrâldkriich stelselmjittich sabotearre hawwe troch alles ôf te wizen wat ‘net normaal’, en bûtenwenstich wie. Schurer syn réaksje op ‘Leafdedea’ is dêrfan in ekstreem foarbyld, mar wiist wol oan hoe't der in ‘geleide literaire politiek’ fierd waard. It boargermansfetsoen fan dé mannen sloech foar master op: ‘Frijheit en skientme’ (Schurer). Ik nim oan dat ek Riemersma dy
folksbetrutsenheid net foarstiet, ik nim ek oan dat Riemersma it belang fan figueren as Lolle Nauta en Anne Wadman yn dy tiid sjocht dy't der frij wat oare gedachten oer hiene, en as lêste nim ik oan dat ek hy de ynfloed fan it dogmatysk kristendom èn it dogmatysk soasjalisme like funest foar literêre prestaasjes fynt as ik. Dêr lizze dan oerienkomsten, dêroer giet dit stik foar in part, oer de frijheid fan de keunst, oer it anargistyske yn de keunst. Der bestiet gjin ‘moaie’ literatuer, der bestiet wol ‘oare’ literatuer.
Yn dit stik wol ik besykje út te lizzen en te beskriuwen wat foar my in tekst ta in literêre tekst makket. Ik sil dat dwaan oan 'e hân fan wurk fan oare skriuwers dy't yn myn eagen én keunst makken én tagelyk kritysk en engagearre wiene (wat in pléonasme is om't krityk ynherint is oan keunst). Fierder sille de begripen foarm en ynhâld in wichtige rol spylje.
| |
1. In wrâld sûnder stokramt
1.1. Literêr humanisme is ûnmooglik
Yn de moderne literatuer is de delslach te finen fan de hieltyd fierdergeande
| |
| |
objektivearring en ‘ferdinging’ fan de wrâld. Der bestiet gjin sicht mear op in gearhing fan de ûnderskate funksjes dy't de wrâld byelkoar hâlde moatte soene. Alles wurdt ding, de minske wurdt in ding.
Dit ‘ferdingjen’ en objektivearjen komt ek yn de taal nei foaren, ymplysyt en eksplysyt, as réaksje en ynteraksje, fakentiids as fraach en andert tagelyk. Moderne poëzij is de poëzij fan it objekt wurden. Yn in brutsen romte ferskine iensume en eangstoproppende saken. De gearhing kin net besprutsen wurde om't dy der, yn in ‘ferdingjende wrâld’, net is - totaal net wêze kin. De wrâld wurdt in monolityske wrâld wêryn't ûnderskate ienheden har iensidich en fertikaal oprjochtsje of dy't soms, as út it neat wei, dêr yn omheechstige. Hja lykje de beakens te foarmjen yn in net fierder úttekene en dêrtroch beëangstigjende wrâld, skeakels sûnder ferbining.
De fakto wurde de minsken yn dizze poëzij bûtensletten, want it moderne poëtyske wol gjin idee hawwe fan in poëtysk humanisme. Ommers, it bringt de mins yn 'e kunde mei de meast ûnminslike bylden fan it bestean, fan de wrâld: de himel, de hel, it hillige, it bernwêzen, de matearje, de waansin, ensfh. ensfh. Dit allegearre is gjin poëzij of literatuer yn 'e wenstige klassike betsjutting, want de taal dy't brûkt wurdt, wol autonoom wêze en mei hokker etyk ek gjin grevel te krijen ha, sterker, hja fjochtet elke echte en ûnechte (mar is dat net itselde) etyk oan.
Poëzij (en literatuer) is yn dit ljocht sjoen gjin geastlike eksersysje, is gjin beskriuwing fan in stimmingsbyld of in werjaan fan in sitewaasje, mar mear it ljochtskitterjende fan in nije dreamtaal. Dizze poëzij is gjin klimaat op himsels, of in saneamde taalkonvinsje fan de saneamde heppy en unheppy fjoe, dizze poëzij hat gjin logysk redenearjende ynhâld en ideolozjy, mar ferget troch har struktuer in radikaal ûnderfreegjen fan de wrâld sels. It literêre befêstiget neat mar besterket de twifel sadat dyselde wrâld wer wat mear te begripen en te fernearen is.
| |
1.2. De skriuwer is gjin opfieder of nije messias
De literatuer is yn sa'n beskriuwing moaiaardich wat oars as wat Tr. Riemersma yn ‘Het kluitje...’ beskriuwt, dêr't benammen de klam leit op it maatskiplik relevante, it funksjoneel feroarjen en beynfloedzjen fan de wrâld as sadanich troch de literatuer. Literatuer moat útsoarte in (soasjale?) funksje hawwe sa't ek oare kultuerfoarmen in doel en in funksje skine te hawwen, en dan leafst ek noch eksplysyt omskreaun. Neffens ‘Het kluitje...’ moat literatuer nei de werklikheid liede en de swakke steeën yn de maatskippij oanwize, oer ûnrjochtfeardichheden en misse saken yn 't geheel prate, mei oare wurden, literatuer soe kritysk stean moatte tsjinoer de maatskippij, èn boppedat lêzen wurde troch it folk yn syn geheel (‘Krityske literatuer wurdt allinne
| |
| |
lêzen troch in boppelaach fan yntellektuëlen dy't it allang wist, en net troch minsken dy't it noch net wisten mar it sa noadich witte moatte soene’). De skriuwer as opfieder fan it folk? As nije messias? As Hear en grutte Heit? De âlde en faak stelde fraach oer de funksje en it doel fan keunst komt yn ‘Het kluitje...’ oppenij oan 'e oarder. Alde fragen oer mins en maatskippij, oer it yndividu en de grutte kliber krije yn it stik in nij en oar sauske. Yn in utopistyske maatskippij hat elk mins in folsleine funksje, is elke utering fan dyselde mins tsjinstber oan dy maatskippij. Mei oare wurden, keunst soe de minsken opfiede moatte, soe de minsken opstjitte moatte ta grutte hichten. Keunst soe ynkorporearre wurde yn it skala fan minslik dwaan en litten, sadat de maatskippij yn syn totaliteit in oersichtlik oansjen hat en hawwe sil. Dé funksje fan keunst yn sa'n wrâld leit yn it oanwizen fan ‘misse saken’, fan ‘ûnrjochtfeardichheden’, fan ‘swakke steeën’. Yn dy keunst ‘moat it alteast gean om de realiteit’. (‘Het kluitje...’)
Hokker realiteit wurdt net fierder oer praat, en ik tink dat dêre de oast sit en tagelyk it grutte gat, want at men útgiet fan ien (winske) realiteit dan slút men fansels njoggentich persint fan de wrâld bûten de werklikheid. Keunst (c.q. literatuer) hat ommers mei ûnderskate réaliteiten te krijen om't it te krijen hat mei minsken dy't net gelyksoartich binne. In twadde swak stee skûlet yn it begryp ‘keunst’ dat yn ‘Het kluitje...’ tusken skrapkes stiet en fertocht is om't it fan offisjele side ûntsettend ophege wurdt (‘krityske funksje wurdt troch it keunstmjittich yn 'e hichte setten neutralisearre’), en dêrnjonken in hege status meibringt (‘maatskiplik yrrelevant, want autonoom’). Gjin keunst, ien réaliteit, literatuer as funksje yn it maatskiplik bestel! Hokker ideolozjy, hokker tinkwrâld en fizy sitte hjir efter.
| |
1.3 Keunst kontra kadavermins
Yn myn skôging ‘Krityk mei de krityk’ of ‘De literêre krityk bûten de rituele formules’ (Trotwaer, 78-3) omskriuw ik it begryp literatuer op ûnderskate wizen. Foar in part jilde dy omskriuwingen noch altiten, en yn it totale kader fan keunst dêr't ik it oer hawwe wol, kinne se noch brûkt wurde. Yn 't koart komt it hjir op del:
A. Literatuer is in foarm fan permaninte revolúsje, is tagelyk ek in foarm fan anargy yn dy sin dat literatuer noait in macht boppe him oanfurdiget; literatuer is folslein frij fan foaroardielen en rommet se op; literatuer bynt de striid oan mei konvinsjes, sinsuer en negative manipulaasje ûnder mear troch nei te tinken oer de metoaden dy't it as medium yn 'e maatskippij hat (dy metoaden hawwe, ûnder mear, te krijen mei de foarm fan it literêre wurk).
B. Wat makket foar my literatuer ta literatuer?:
1. literatuer is taal yn har wêzentlike mearsinnige foarm;
| |
| |
2. literatuer is noait papegaaietaal, sjabloon of klisjee, en stelt it persoanlike en unike elemint op it foarste plak;
3. literatuer is it sykjen nei in adekwate foarm foar dy taal;
4. literatuer is ymplisyt altiten engaazjemint mei mins, wrâld en de taal sels, en fynt yn dy polarisearring (yn dy dialektyk), yn dy opposysje har ymmanint krityske funksje.
Yn dizze omskriuwingen wurdt literatuer besjoen as ien fan de keunsten, en kin it wurd ‘literatuer’ meastentiids ferfongen wurde troch it begryp ‘keunst’. Prate oer literatuer en maatskippij is tinkt my benammen prate oer de keunst as sadanich, is prate oer it anargistyske yn de measte keunstfoarmen, en benammen prate oer it idee fan permaninte revolúsje. Yn dat kader wol ik in trijetal saken oan 'e oarder stelle:
1. it begryp ‘foarm’ 2. it begryp anargisme yn 't algemien 3. it foarmjaan as iderkear wer nij probleem yn 'e literatuer.
Oer dizze saken is fansels al op ûnderskate wizen skreaun en wreaun, mar yn it geheel fan de stellingen yn ‘Het kluitje...’ is it miskien dochs wol sinfol en beskriuw de problematyk oppenij. Antonin Artaud skriuwt der op syn eigen wize oer yn Le théatre et son double, en in sitaat dêrút kin mei oanjaan hokker kant ik it wichtichste fyn:
| |
De kadavermins
‘It hjoeddeiske literêre barren is dekadint om't it oan 'e iene kant it gefoel foar it earnstige en oan 'e oare kant it laitsjen ferlern hat. Om't it brutsen hat mei de swiertekrêft, mei it gefaar. Om't it it gefoel foar de echte humor en de mooglikheid fan de fysike en anargistyske knyftoperaasje troch it gnizen ferlern hat. Om't it brutsen hat mei de geast fan djipgeande anargy dy't oan it begjin fan alle poëzij stiet.
Oannommen wurdt dat in moaie frou in like moaie stim hat; at sûnt it begjin fan de wrâld alle moaie froulju ús mei it lûd fan trompetten roppen hiene dan soene wy foar de ivichheid elk trompetterjen assosearre hawwe mei de gedaante fan in moaie frou, en in part fan ús ynderlike fyzje op 'e wrâld soe dêrtroch radikaal feroare wêze. Men begrypt dus dat de poëzij anargistysk is foar safier, dat sij alle kausale ferbiningen fan saak ta saak èn fan de foarmen mei har betsjuttingen wer yn wurking sette kin. Sij is likegoed anargistysk foar safier't har bestean de konsekwinsje is fan in oarderleazens dy't ús tichte by de tizeboel bringt.
Yn in film fan de Marx Brothers kriget in man dy't tinkt dat er in frou yn syn earmen nimt, in ko tusken syn hannen dy't lûd balt. Troch ûnderskate oarsaken nimt dat balten in yntellektuele weardichheid oan dy't op syn minst sa grut is as hokker gjalp ek troch in frou útbrocht. De kadavermins gniist, mar sjocht syn eigen gnizen net’.
| |
| |
| |
2. Wier, it iennige is gaos
2.1 Bewuste en ûnbewuste foarmferoaring
It begryp ‘foarm’ is fan eminint belang, om't it anargistyske fan de literatuer en alles wat dêrmei gearhinget, èn wat it gefolch is, him iderkear wer oppenij ôffreegje moat wat dy foarm is, en him bewust wêze sil fan de foarm as sadanich, de struktuer dêr't de partsjes fan de maatskippij sa't it liket yn funksjonearje. Tagelyk moat it omtinken jaan oan de foarm fan it wurk sels (gedicht, roman, toaniel, essay, ferhaal, ensfh.). Hat de foarm fan it wurk te krijen mei de fiksjefoarmen fan de wrâld, of stiet deselde foarm heaks op dy maatskiplike skynfoarmen, troch iderkear wer te feroarjen? en, it is net it minst wichtige yn dit geheel, kriget de foarm bewust of ûnbewust stal?
Willem Frederik Hermans hat dat op in oare wize alris oan 'e oarder steld: a. ‘De minsken tinke yn in oarder dy't net echt bestiet, en binne blyn (wurden) foar de oarspronklike tizeboel (der is mar ien wurd dat jildt: tizeboel); b. Werklike kultuer ûntstiet net út organisaasje mar út it net-reglemintearre, út gaos; c. Alles ferliest it publyk leaver as syn yllúzjes’.
En Harry Mulisch seit yn syn ‘Manifest XXXVIII’: ‘It is it bêste om it riedsel grutter te meitsjen’.
Beide skriuwers geane út fan it foarmleaze, sterker, leauwe perfoarst net yn ferstjurre en ferrustke foarmen, en it is neffens my de grûnslach fan keunst, it fûnemint fan de reaksje op 'e wrâld, op de ûnderskate realiteiten. Dêryn leit it krityske elemint, dêryn ek skûlet it besteansrjocht fan keunst.
| |
2.2 De sfafus kwo stjonkt
Der besteane twa siswizen dy't faak troch party minsken brûkt wurde: de foarste is ‘Fêsthâlde wat men hat’ en de twadde is ‘De mins wol altiten wat nijs’ (ek al is it besteande âlde noch sa goed). Dy twa siswizen stride yn oanlis yn elk mins, hoewol't der fêst wol ferskil bestiet tusken immen fan, sis, tweintich jier en immen fan, sis, fyftich. Opfieding en omjouwing sille ek hjir grif in rol spylje, en net te ferjitten de oanlis fan de persoan sels, mar dat is net oan 'e oarder. It giet hjir, wat swart-wyt steld, om de parodoks âld kontra nij.
In sitewaasje (sis, foarm) dy't men as fijn en goed ûndergiet (ûnderfynt) wol men hanthavenje, fakentiids ek wol tsjin better witten yn. Men is derta wend, men hoecht net mear sa djip - of hielendal net - nei te tinken.
Dat is maklik, dat is in lekkere status kwo. Yn dit ferbân kin men wize op kultuer (foarm)-tradysjes yn húshâldings, famyljes. sekten, politike partijen, grutte kantoaren, oerheidsynstellings, en gean mar troch. Gewoanten hawwe fakentiids in foarkar foar ferstjurring, en ek al wit men dat it allegearre fêst
| |
| |
sit dan noch is it ferdealde slim en goai de saak om, want ‘it hat ommers altiten sa west’, of ‘sa heart it no ienkear’, en ‘wy binne dêr ta wend’. Benammen foarmen dêr't in soad minsken yn libje en wurkje.
Globaal hawwe twa groepen fan minsken mei dizze foarmen te krijen, en binne der eins tige nau mei ferbûn, nammentlik de lju dy't yn de foarm sitte (him yn stân hâlde) en de lju dy't der fan bûtenôf mei yn kontakt komme. De lêsten sille meastentiids it ferstiivjende it earst merkbite en besykje om feroaring oan te bringen. Dat kin sjokkearjend wêze foar de minsken yn de foarm, dat kin benammen bedriigjend wêze en eangst oproppe. In roman dy't minsken sjen, lêze en/of fiele lit dat se in soarte fan ‘kadaver’ binne, kin fansels tige skokkend wurkje, en wat dat oanbelanget leau 'k dat der hiel wat mear hillige húskes binne as dêr't ‘Het kluitje...’ it oer hat. Elk libben yn in ferstive foarm is in hillich húske wurden, is it ferbuolguodzjen fan skjintme.
| |
2.3 De literatuer bûten de stringen
De oare kant fan de status-kwo-maatskippij is dy dêr't iderkear wer nije en oare foarmen úttocht en útfûn wurde.
It ferstjurjende libben botst hjir mei it bewegende feroarjende libben. Dy twa ‘bewegingen’ - ‘hâlde wat men hat’ (de oanbidders fan de foarm) en ‘it iderkear wat nijs wolle’ (wat op himsels ek wer in ferstiivjende foarm wêze kin, bgl. yn de moade, yn it wenbarren, yn de opfieding, ensfh. ensfh.) - binne fakentiids elkoars tsjinpoalen. De maatskiplike streamingen wize op dy dialektyk, en ek yn de ûnderskate keunsten komt dit útdruklik nei foaren. Guon ferstienne foarmen ferdwine en feroarje troch evolúsje, oare hawwe in komplete revolúsje noadich. Dat kin yn politike, yn soasjale, yn ekonomyske, yn kulturele, yn morele, en yn etyske sin, en meastentiids hawwe se meielkoar te krijen. It soasjaal-ekonomyske klimaat bepaalde en bepaalt foar in grut part de evolúsje en de revolúsje. Yn in tiid fan soasjaal-ekonomyske delgong sil it foarmelemint wer mear foar master opslaan, en is de regresje tsjinoer de kultuer en de keunst as sadanich wer grutter: ‘men wol yn elk gefal hâlde wat men hat!’ En omdat keunst (c.q. literatuer) no ienkear altiten oppenij alles kwa foarm, oardering en ynhâld yn diskusje set, is it fan belang foar de hâlde-wat-wy-hawwe-oanhingers om dy keunst yn de stringen te hâlden. Benammen it anargistyske aspekt yn keunst, dêr't gesachsstruktueren bespotlik makke wurde. dêr't de maatskippij mei himsels yn tsjinspraak setten wurdt, is in gefaar foar it systeem.
De sintrale fraach dy't iderkear wer steld wurdt, ymplysyt en eksplysyt, is dy fan it tefoaren kommen fan de ferstjurring fan de foarm om't it om de libbene kearn giet en net om in deade machtsstruktuer. Dat betsjut dat keunst him bewust is fan dat anargistyske aspekt, mei oare wurden, dat de keunstner
| |
| |
him in pear wichtige fragen oangeande bepaalde saken stelt:
a. wat wurdt (yn 'e maatskippij, mar ek yn poëzij en proaza) mei dy bewuste foarm - struktuer, gesach, wet, oardering - neistribbe en wat is de úteinlike bedoeling fan dy foarm?
b. bestiet in foarm foar himsels of is it de einfaze fan in yntegraasjeproses?
c. kin in foarm feroare wurde, en hoe dan?
d. at in foarm wat ferfiert, feitliken ferfierder is sa't tinzen ferfierders binne, hoe kin it probleem fan dyselde fêste foarm oplost wurde?
e. in foarm moat by defynysje feroare wurde kinne, mar hoe kin men tefoaren komme dat nimmen dat út in machtsposysje wei tsjinhâlde kin?
f. at in foarm net feroaret, mar de ynhâld wol (allinne at dy foarm dat hawwe kin) yn hokker kontekst moat men it keunstwurk dan pleatse?
It sil dúdlik wêze dat sa'n krityske ynstelling sa't hjir omskreaun is foar party lju ferfelend en wurchmeitsjend is. Sterker, it ropt gefoelens op fan ûnwissens, eangst en agresje. Yn tiden fan feroaring, yn tiden fan ‘in wrâld sûnder stokramt’, yn tiden fan soasjale spanning en bgl. ekonomyske regresje wurdt de behoefte oan it âlde fertroude grutter. Dat jildt foar de ‘bewegingsleazen’, dat jildt wis foar de regearders en de machthawwers dêr rûn om hinne.
Yn sa'n wrâld dêr't minsken sykje nei (âlde) wissichheden dy't slim te finen binne, dêr't machthawwers harren greep op it geheel sterker meitsje, ûntstiet in folsleine burokratisearring, om't ferstive foarmen alteast dit foardiel hawwe dat se net iderkear oppenij fragen oproppe, it rint ommers wol aardich goed. Skynber komt der wat wissichheid, wylst de apaty en de manipulaasje taslane (‘nim ek tolve kanalen, nim ek in hûskompjûter, en heit Paulus of mem Paulina soarget fierder wol foar Jo sûnwêzen’). Neuke, frette en ferdivedaasje, dat allinne en fral net mear, gjin fragen mar allinne antwurden op de troch de media stelde fragen en anty-fragen.
En dan wurdt yn ‘Het kluitje...’ praat oer swakke steeën, oer ûnrjochtfeardichheden en oer misse saken yn 'e maatskippij as gong it hjir om hurde winterkrobkes dy't men efkes mei in middeltsje út Albert Heijn bestride kinne soe.
Dêrmei wie it skriuwen fan in roman sa ienfâldich as it hantearjen fan in spuitbus om in pear ‘misse saken yn 'e maatskippij’ te ferdriuwen.
Ik woe ha dat keunst yn it geheel fan ferstjurring, yn it geheel fan antydemokratysk tinken en dwaan, yn it geheel fan it gefaar fan brút faksisme in tsjinkrêft wêze kin dy't iderkear oppenij wiist nei feroaring (fan foarm én ynhâld), èn wiist nei in oar, yndividuëler sinjaan fan bestean. Dat iderkear wer sjokkearjen fan minsken (Milan Kundera, ‘Grutte romans binne altiten sjokkearjend’ yn VN, fraachpetear 18 aug. '84) troch de ûnderskate keunstfoarmen makket dat de keunstner fakentiids sjoen wurdt troch party lju as in fijân
| |
| |
(fan it systeem), en benammen troch de gesachsdragers dy't him ferwite dat er net it âlde en betroude sjen lit.
Dat anargistyske yn keunst, - it prinsipiëel ôfwizen fan ferstjurring en it grizen fan elke foarm mei in bliuwend ynstitusjonalisearre karakter -, is neffens my it ‘kritysk relevante’ dêr't yn ‘Het kluitje...’ oer praat wurdt.
| |
3. Oarder is altiten opset ta moard
3.1 De keunstner as anargist
Literatuer makket gebrûk fan in willekeurich stelsel fan tekens dat konvinsjoneel foar 't grutste part fêstleit, en tagelyk ûntstiet der in konnotaasje dy't yn de gewoane taal ûntbrekt, om't de ûntwikkeling fan in twadde (of mear) betsjutting stal kriget. Dy mearwearde, dy mearsinnichheid, foarmet foar in part it literêre elemint dat ûnwissens en ferbjustering oproppe kin, alteast de mooglikheid yn him hat dat op te roppen. Taal is in middel om yn 't foarste plak meidiele en útdrukking jaan te kinnen, mar f'ral in manifestaasje fan mooglikheden dy't boppe de taal útstige, en dêrmei gjin eilânsitewaasje kreëarret, mar in folslein ûnderdiel is fan de totale skiednis. It is perfoarst gjin iendiminsjonaal barren sa't ek de mins en de wrâld gjin iendiminsjonale oarder fertsjinwurdigje. Yn de literatuer wurdt de eigentlike ynhâld yn de rituële taal nei foaren brocht, èn tagelyk manifestearret dy him yn in eigen systeem fan tekens dêr't ûnder mear de literêre foarm foar in part op stuollet.
De ûnderskate tekens dy't brûkt wurde kinne, binne in garânsje foar in konstante yn de mooglikheid ûnderskate foarmen te kiezen. Sa'n literêre foarm kin opwine, fassinearje, ferliede en soms betsjoene. De ferburgen djipte kin as yn in dream driging en eangsten oproppe, mar kin tagelyk ek oare eksistinsjele gefoelens wekker meitsje of foar 't ljocht bringe (it ferfremdzjende, it bekende, de tsjinsin, it geniet, it geweld, it absolute, ensfh. ensfh.). Dat is yn 't koart sein it magyske fan taal.
It literêre wurk is in maatksiplik feit, by definysje in soasjaal objekt om't de makker fan it wurk bûn is oan de maatskippij en dêrtroch allinnich al in reflektant fan dy wrâld is, wat yn it wurk werom komt (komme kin). De skriuwer is èn diel fan de wrâld om him hinne, èn tsjindiel fan dyselde wrâld om him hinne. Hy sit feitliken yn twa wrâlden, yn de foarm en bûten de foarm, better sein, eins tusken dy twa besteansfoarmen yn om't er oan 'e iene kant konvinsjonele taalfoarmen brûkt, mar dêrnjonken ek ûnbekende foarmen. De oerienkomst dy't de keunstner sletten hat mei de maatskippij is in dûbelsinnigenien, it is in haat-leafdeferhâlding. Skriuwen is èn in konfrontaasje mei de wrâld, èn in weromgean nei it histoarysk en oarspronklik perspektyf. Dy kar hâldt yn dat in skriuwer it net yn eigen han hat en feroarje de faktoaren dy't
| |
| |
bepale hoe't (en troch wa) literatuer lêzen wurdt. It popularisearjen en demokratisearjen fan keunst heart by de polityk, en keunst is útsoarte wat oars, fakentiids it tsjinoerstelde, anty-polityk en fijân fan de politisi.
Elkenien dy't him of har dwaande hâldt mei skriuwen, skilderjen, tekenjen, byldhouwen, komponearjen, filmmeitsjen en fotografy wit dat der eat is (in belibjen, in argewaasje, in emoasje, in fynst) dat yn in passende foarm getten wurde moat. Dêrfoar besteane gjin klisjeefoarmen of klisjeemallen, want it giet yn de measte gefallen om in tige persoanlike reaksje dêr't allinne troch dy iene mins wat mei dien wurde kin. Foar in part kin miskien in berop dien wurde op in pear al besteande foarmen, mar it is meastentiids sa dat elk nij wurk ek in nije op dat wurk tapasbere foarm easket. Besteande foarmen sille fakentiids omfoarme wurde moatte oant it geheel past by de ynhâld en dyselde ynhâld by dy foarm.
De wikselwurking tusken foarm, idee en ynhâld is grut en yntins, moat dat alteast wêze sil der in goed en geef geheel ûntstean. Dat easket striid, dat easket in konsintraasje, en dat easket f'ral fakmanskip. It âldfrinzige begryp ‘dissipline’ spilet ek in foarname rol yn dit proses.
De makker allinne is ferantwurdlik foar wat er docht, foar dat wat makke wurdt dat allinne hy of sy op dat momint ta útdrukking bringe wol: allinne op dit eagenblik kin dit middels him of har stal krije. Dat kin betsjutte dat in skriuwer, in skilder, in byldhouwer, in komponist, in filmer of in fotograaf yn in duorjende steat fan permaninte revolúsje ferkeart, en dat sokke lju - lit ús sizze keunstners - as keunstner yn wêzen anargist wêze moatte, en oars gjin keunstner binne.
Net alles wat in skriuwer makket sil altiten foldwaan oan dy eask, mar yn syn of har wurk binne faaks wol dy eleminten mear of minder oanwêzich om't it literêre wurk yn dy sin it resultaat is fan in bestean yn 'e wrâld. Dat bestean ferdraacht gjin gesach (yn politike noch yn keunsttéoretysk opsicht, want te faak korrumpearjend) boppe him, dat bestean ferdraacht it net dat der wat foarskreaun wurdt oangeande it wurk (út 'e polityk wei, út 'e moraal wei, út 'e estetyk wei), omdat allinne hy of sy dy foarm fine moat dy't by dy persoanlike ûnderfining past, en dy't der noch net earder wie, en dy't stal jaan moat oan wat him of har beweecht. Dat is gjin ferdigenjen fan de keunst op himsels, mar it wêzentlike fan it kreative proses. Tony Feitsma har opmerking yn Fryx (jrg. 4, nr. 4, juny '83), dêr't se réagearret op it earderneamde stik fan Tr. Riemersma, dat ik de literatuer ferdigenje suver as doel op himsels sûnder dat se dat neier útwurket en mei bewizen staaft, slacht dan neffens my ek op neat, benammen ek om't se troch it opnimmen fan twa sitaten fan Lolle Nauta en Anna Blaman moaiaardich yn myn rjochting wjukslacht. It ferskil is, tinkt my, dat ik útgean fan it proses sels (lykas Anna Blaman dat op har wize
| |
| |
seit) en sy, Tony Feitsma dus, útgiet fan de lêzer en de krityk.
Yn datselde nûmer fan Fryx stiet noch in artikel oer it skriuwen as sadanich fan Steven de Jong. Hy skriuwt bygelyks at er it hat oer it ‘fak’, en benammen oer it nonkonformisme, dêr't de maatskippij wat langer wat mear yndield wurdt yn hokjes en reeksen: ‘Gefolch is wol, dat it persoanlike, it unike yn 'e knoei komt. Keunstwearde hat krekt mei de unike persoanlikheid fan 'e keunstner te meitsjen en dêrmei bedoel ik net dat dy boppe oaren stiet. Hoe mear dy himsels wêze kin, hoe heger de keunstwearde’.
Dat himsels wêzen kin te krijen hawwe mei opstannichheid tsjinoer de maatskippij as sadanich, en it hat wis te krijen mei in stik selsbeskerming foar it wurk oer en as hâlding tsjin de fakentiids ferstienne foarmen, mar it hat yn 't foarste plak te krijen mei datjinge wat hy of sy as fanselssprekkend yn him of har oanwêzich wit, in belibjen of in idee, en dat mei in grutte ynspanning yn in foarm getten wurde moat. Dat is soms in ferskrikking, dat wurdt sjoen as in grut ûnrjocht, mar at it dan slagget is it op dat stuit in geweldich gefoel, hast ien fan de meast yntinsive ûnderfiningen.
Yn 't koart kin dus steld wurde dat it foar in grut part giet om de fraach hoe't men datjinge wat men sizze wol yn in krekte foarm set, of mei oare wurden, hoe feroaret men dy foarm fan binnenút wei. Der is wat dat stal krije moat, en dêrfoar is it needsaaklik dat besteande foarmen trochbrutsen wurde, dêrfoar is it ek nedich dat de makker fan it wurk folslein ûnôfhinklik en frij is, en dat hy fan dat útgeande ek fjochtet tsjin de ferstienning en de fossyllearring fan it klisjeemjittige.
| |
3.2 De nulle en de keunstblom
‘De nachtmerjes fan de Flaamske skilderkeunst treffe ús trochdat sy datjinge njonken de wrâld lizze wat neat mear as in karikatuer fan dizze selde wrâld is; sy jouwe spoekbylden dy't men dreame kind hie. Sy fine harren oarsprong yn dy healdreamde tastannen dêr't gebaren ferkeard falle en de taal bespotlike hiaten toant. En njonken in fergetten bern rjochtsje sy in springende harpe omheech; njonken in minslik embryo dat swimt yn ûndergrûnske wetterfallen wurdt ûnder in ferskriklik fort in mânsk opskuorrend leger toand. Njonken de dreamde ûnwissens de loop fan de wissichheid, en boppe in geel ljocht út de spelonken it oranje skynsel fan in ûnbidige hjerstsinne dy't op it punt stiet ôf te sakjen’ (Antonin Artaud, Le théatre et son double).
It liket der op dat wêr't ienfâld en oarder hearskje gjin keunst wêze kin, sa't Artaud hjirre yn ‘De nachtmerjes fan de Flaamske skilderkeunst’ beskriuwt. It wêzentlike literêre barren, lykas yn de measte keunsten, wurdt lâns oare wegen berne, fakentiids út in anargy dy't him oarderet nei gefjochten mei de foarm dy't passend makke wurde moat foar de ynhâld oer.
| |
| |
At it safier kommen is dat oan keunst neat oars as in rêstjouwende amusemintsfaktor takend wurdt, en har wurkgebiet beheind wurdt ta allinne mar in formeel gebrûk fan foarskreaune foarmen, ta in harmonij fan bepaalde uterlike ferhâldingen, dan hawwe wy útsoarte te krijen mei opfettingen dêr't keunst ferwiksele wurdt mei estetyk, dêr't lektuer fersliten wurdt foar literatuer. Mei oare wurde, keunst is in ûnderdiel wurden fan it folslein korrupte model, en kin allinne mar sa út en troch noch wize op wat ûnrjochtfeardichheden en swakke steeën yn it maatskiplik bestel. Keunst stiet noait yn tsjinst fan in bepaalde maatskiplike groepearring. Der bestiet gjin kristlike keunst, der bestiet gjin marksistyske keunst, der bestiet gjin maatskiplik-soasjale keunst yn de bedoeling fan humaan en f'ral soasjaal te wêzen.
It ferskil tusken de twa skriuwwizen - neam se foar it gemak divergearjend en konvergearjend, of literatuer en lektuer - is mei it boppesteande yn 'e efterholle maklik werom te kennen. It is it ferskil tusken it mei de hân makke wurk en it mei de mesjine ynelkoar setten geskrift, it ferskil tusken it unike en it massale, tusken it smaakfolle (dat yntusken wol ferskriklik wêze kin, bgl. de nachtmerjes fan de Flamingen) en it banale (de mins altiten leechachtsjend en lytser meitsjend, en fakentiids ferneatigjend), tusken it natuerlike en it ûnnatuerlike, tusken it minsklike en it wêzenleaze, tusken frij en slaafsk, tusken tsjinstber wêze oan en oerhearskje wolle, tusken aventoer en klisjeepaden, tusken it gewisse en it leafdeleaze. Literatuer wiist nei de kearn en stelt fragen, lektuer liedt derfan ôf, en jout befêstigjende antwurden, en dêr't de iene jin in nulle yn 'e kop stekt, prutst de oare jin in opstrutsen keunstblom yn 'e kont. Teksten dy't ta de literatuer rekkene wurde kinne, stelle hege easken oan skriuwer en lêzer om't it fakentiids gjin moai ôfrûne ferhalen binne mar flarden fan ûnderskate werklikheden út dé werklikheid dy't ek gjin moai ôfrûne wrâld is. De literatuer dy't ik hjir op it each haw, en neffens ‘Het kluitje...’ elitêr en boppelagerich is, is in spegel fan de wrâld omdat de bylden, de refleksjes, de anekdoates en de ideeën mei elkoar in werklikheid oproppe dy't deselde werklikheid yn al syn diggels en tizen sjen lit. Dat is fansels ferfelend foar lêzers dy't tochten dat it allegearre sa gesellich en goed regele wie. De skriuwer fan ‘Het kluitje...’, liket it wol, winsket in soarte fan VARA oangeande de literatuer (‘weardefolle literatuer is krekt dan weardefol as it folk it lêst, en at it maatskiplik relevant is’): tusken de amusemintskeutels
struit men sa út en troch wat dregers. De fraach is wol fansels at men op dat stuit de minsken foar fol en falide oansjocht. Kritysk skriuwe is neffens my wat oars as krityske manipulaasje en bedonderje. Ik leau net dat keunst as foarste doelstelling hat de minsken te foarsjen fan amusemint en fermeits wylst de wrâld al fol sit mei lege televyzjebylden en holle kitschteksten yn de measte kranten. De fraach is net hoe't literatuer mei help fan moderne mid- | |
| |
dels út 'e reklame in gruttere merk fynt, dé fraach is hoe't men yn keunst dy folsleine gaos stal jaan kin, hokker foarm dêrfoar op dat stuit nedich is. En at ik goed lês is ek dat ien fan de twa poalen dêr't it artikel ‘Het kluitje...’ op stuollet: ‘men moat kieze foar wa't men skriuwt, en hoe't men skriuwt’. De oare poat is gjin literêre poat, mar in politike (...?) poat. Hoewol't literatuer altiten te krijen hat mei polityk, hat de polityk oan literatuer net daalk in boadskip. Literatuer hat minsken noch noait mei ‘Het kluitje...’ op bêd stjoerd, wylst yn de polityk neffens my it iene ‘kluitje’ it oare ‘kluitje’ jaget. Der is noch nea in ‘kritysk skriuwer’ west dy't miende mei syn ‘krityske skriuwerij’ it folk te berikken, wylst elke politikus mient de wierheid foar it folk yn syn festjebûse te hawwen, benammen at dêre noch gjin goud yn sit. ‘Het kluitje...’ makket deselde flater as de KFFB dy't mient literatuer út te jaan wylst it kitschpropaganda is foar Lubbers en syn maatsjes.
Sa't de wrâld in fet fol riedsels is, sa binne de persoanen yn 'e hjoeddeiske literatuer spegels mei in soad mooglikheden. Yn de hollen fan de haadpersoanen spylje in grut tal werklikheden gradueel ûnderskate rollen. Alles is mooglik, alles kin feroarje, en it tafal spilet miskien wol de haadrol. Men skriuwt net hoe't men wêze moat, mar hoe't men wêze kin of is, men beskriuwt net daalk in taastbere werklikheid, mar men besiket datjinge nei foaren te heljen wat ûntkomt oan de direkte wrâld sa't wy dy meastentiids sjogge. At men eksakt wit wat men sjocht, alles goed observearret, wit men ek wat men net sjocht. Mei oare wurden, de werklikheid yn jins kop bepaalt fakentiids wat men opmerkt, en bepaalt faker it bleate en neakene hanneljen as de konkrete en objektive wrâld dêr't men yn libbet, en mient op te reagearjen. Hokker spoaren yn tinken en fielen fan yndividuele minsken bepale de mechanismen?
| |
3.3 It masker fan de literatuer
Literatuer makket gebrûk fan in masker, mar is der earlik yn, want sy komt mei masker en alles oer it fuotljocht (it gebrûk fan de doetiid, it hanneljen fan de tredde persoan, it gebrûk fan de formele tekens). De literêre konvinsjes en techniken wurde iepen en bleat toand, mei en sûnder masker. Dat masker is no krekt it nijsgjirrige. om't dat oanslút by it masker fan de wrâld, en at ‘Het kluitje...’ it hat oer it ‘ûntmaskerjen fan konvinsjes en manipulaasjetechniken, èn fan de ideologyske lading efter dy konvinsjes’ dan bin 'k bang dat ek hjir wer de twa poaten ferwiksele wurde. Ommers, literatuer is manipulaasje, mar jout dat ta (en elkenien wit dat), en is wol maatskiplik bûn, mar net yn ideologyske sin, wylst polityk (politike teksten) ek manipulaasje is, mar dat net tajout (en elkenien soe dat witte kinne), en is ek maatskiplik bûn, mar wòl yn ideologyske sin Keunst hoecht net fernield te wurden, sa't ‘Het kluit- | |
| |
je...’ oanjout, mar kwasy-keunst en kwasy-literatuer moatte fernield wurde sa't ek de polityk iderkear oppenij trochljochte en kritysk folge wurde moat. Under kwasy-literatuer ferstean ik de saneamde klassike en boargerlike keunst om't dy útgeane fan in netferoarjende sitewaasje en oanslute by de besteande maatskippij. De saneamde boargerlike keunst folget it politike gesach, rint swier fan geastlik dogmatisme, en sjocht útsoarte net it universele om't it har ûntkomt. Se kin allinne dan har eigen grinzen oerstige troch harsels yn 'e fertochtebank te setten. De skriuwer falt yn in maatskiplike dûbelsinnichheid om't syn bewustwêzen net mear eksakt gearfalt mei syn wêzentlike kondysje. Men smyt boargerlike status fier fuort, of kin him allinne mar befêstigje. De boargerlike keunst is net allinne maatskiplik relasjoneel, mar tagelyk relasjoneel oangeande de foarm en de
taal sels. De wurden en de sinnen wurde abstrahearre yn ferbân mei de ûnderlinge relaasjes, wurden en sinnen hawwe gjin eigen fertichting en gjin woartels yn in eigen ynderlik wêzen. Men kin it fergelykje mei de skriuwwize yn de wiskunde dêr't elk kwantum in teken hat en dêr't de relaasje tusken de ûnderskate kwanta presys oanjûn wurde. Der bestiet gjin yndividuele en oarspronklike betsjutting. It ferbiningsmiddel is it klisjee, de loper dy't alles iepenet en ferklearret. Dy saneamde literatuer moat fernield wurde, dy moat wêzentlik útelkoar skuord wurde om't it in represintante is fan de boargerlike kultuer dy't kompromitearre is troch leagens fan de eigen ideolozjy. Yn dy saneamde oarder is it foar literatuer min tahâlden, want ek hjir jildt de siswize dat oarder altiten opset is ta moard.
Dy tradisjonele boargerlike literatuer kin troch oare literatuer fernield en ûndermynd wurde: klisjees yn foarm en ynhâld trochbrekke, gewoanten út it ferline oantaaste en gjin each hawwe foar formaliteiten. Yn in gaos fan foarmen en yn in woastyn fan wurden kin der in frij objekt ferovere wurde en kin de taal befrijd wurde fan har skuldige soasjale toanen. It bleatlizzen fan de minsklike problematyk kin priis jûn wurde yn in net kleurde foarm, dat wol sizze, yn in foarm dy't útsoarte net oanslút by hokker maatskiplike koade en ideolozjy. En hoewol't minsken fakentiids opsletten sitte yn in sletten sitewaasje (klasse, streek, berop, ôfkomst of skiednis) sil de skriuwer dochs besykje moatte en ûntkom oan sines troch folslein engazearre te wêzen yn dit opsicht dat hy syn frijheid plak jout yn in ferbale sitewaasje dêr't de grinzen fan gearfalle mei dy fan de maatskippij (en dat is heel wat oars as oanslute by konvinsjes en publyk).
Dy grinzen jouwe de disharmonije fan de maatskippij oan en wize fierhinne op gaos, sadat it keunstwurk in ferskuorde en ferskuorrende sitewaasje kreearret. Soks is in net al te maklike opjefte om't it objekt, it byld dat eigen makke wurde moat, helle wurdt út dat wat ferneatige wurdt. Dy grinzen en dy frij- | |
| |
heid hâlde tagelyk yn dat literatuer it bewustwêzen is fan dy skizofrene sitewaasje èn it besykjen om dat te oerwinnen. Dat betsjut dat literatuer skuld hat oan eigen iensumheid en eigen twifel, mar dêrtroch wer op in logyske wize oanslút by dyselde maatskippij. De wikselwurking is in fanselssprekkende wurden.
Skriuwen is in proses, en it literêre wurk wurdt de lêzer oanbean yn syn ûntstean en groei, yn al syn ups en downs. Autentike ûnderfiningen moatte op in eigen en autentike wize oer 't fuotljocht brocht wurde, en wol sa dat de persoanlike gefoelens sa krekt mooglik stal krije, en dat elke stân fan saken altiten in foarlopige wêze sil, om't de twifel oan dat wat wier liket fakentiids de wrâld wer op syn kop set. Moderne keunst is op sa'n wize tagelyk in ferneatigjen èn in opbouwen. Yn dy oanslach op de relasjonele konsepsje soarget de eksploazje fan yndividualiteit foar in oare konsepsje dy't it spontane funksjonearjen fan de taal as sadanich mijt. De leksikale fûneminten bliuwe bestean, mar de grammatika tsjinnet allinne foar presintaasje fan de wurden dy't sûnder belêsting alles wjerspegelje kinne en dy't net by definysje al yn 't foar behearske wurde troch de doelen fan de maatskiplike koade. Elk wurd, en dêrmei elke sin, is in grut reservoir fan betsjuttingen en ferwizingen. Dat liket te flokken mei de soasjale funksje fan de taal, mar dat is it net om't de saneamde soasjale funksje fan de taal fakentiids in anti-soasjale, in oerhearskjende útwurking hat, en koadifisearre en konvinsjonalisearre is foar en troch de hearskjende (taal-)klassen.
| |
4. Literatuer is gjin fotografysk plaatsje
4.1 Keunstfoto's yn swart-wyt
De ienheid fan keunst en libben bestiet net sa, dat ek de begripen avantgarde of engaazjemint sa njonkenlytsen lege gjalpen wurde. Tradisjonele opfettingen wolle ha dat in keunstner krekt in meter of sokssawat foar rint en oantoane kinne soe wat barre kin en barre sil. Dat is in myte en yn wêzen in soarte fan ferfangen fan it leauwe. Keunst skriuwt ommers net foar, skriuwt heechstens ôf, mar it sil wol sa west hawwe dat datjinge wat men net begriep of frjemd fûn dochs yn in hokje setten wurde moast.
De myte fan de waarsizzer wie ûntstien - en dêrtroch ûngefaarlik wurden -, en twad wie it dochs wol bon ton yn de kringen fan de opkommende boerzjwazi oan keunst te dwaan. It wie in haat-leafde-ferhâlding dêr't de keunst de stereotypen ôfbruts en de feroaring oanjoech. De keunst waard brûkt en brûkte sels, en tsjinne yn dat ljocht as in soarte fan avant-garde (in yn Frânske stratezjyboeken brûkt begryp foar in legerûnderdiel dat foar de haadmacht út it fjochtsjen útlokke, mar sels gjin rol hie yn de úteinlike útslach; yn
| |
| |
1825 brûkt yn kulturele kontekst troch de utopyske soasjalist Henri de Saint-Simon). Men seach it as boadskippen en de keunstner joech him der by del, wie ûnderdiel fan de elite, hearde foar in grut part by it establishment, by de hearskjende klasse.
Nei 1914, doe't de mesjines har tsjin harren útfynders kearden, soe dit feroarje. ‘Yn 'e delling fan de Somme’, is troch de skiednisskriuwers sein, ‘waard de rêch fan de taal brutsen’. Wurden soene noait mear deselde betsjutting hawwe, de foarste wrâldkriich feroare de begripen en de bylden dy't de keunst oant dy tiid behearske hiene. Dizze mechanyske massaproduksje fan de dea wie nij, de reklame foar de oarloch wie ek nij, mei oare wurden, de striid fan it goede tsjin it kweade moast striden wurde.
Ien fan de grutste keunstners, radikaal ferbittere oant it piid, wie George Gross. Hy skreau yn 1925: ‘Ik kear de “djipte” dêr't de minsken hjoeddedei sa't it liket sa'n langst nei hawwe, en dêr't se allinne yn ôfdale kinne mei in dûkerspak mei in hele samling kabbalistysk geâldehoer en yntellektuele metafisika, de rêch ta. De dei sil komme dat de keunstner him manifestearret as in sûn mins dy't op in oersichtlike wize wurket binnen in kollektivistyske maatskippij’.
De belangwekkende keunst en kultuer yn de Weimarrepublyk - in keunst dy't tige kritysk en engazjearre wie - koe net te foaren komme dat acht jier nei de útspraak fan Gross Hitler-Dútslân stal krige, in diktatuer dy't in ein makke oan in beskaving.
Itselde barde yn Ruslân dêr't tusken '17-'25 briljante keunst makke is, mei troch de kommunistyske ideeën en idealen dy't noch nij wiene. Lykas Hitler yn Dútslân wist ek Stalin nei '30 de keunst te likwidearjen yn Ruslân. De keunstners krigen in funksje sa't Gross omskreaun hie, mar oars bedoeld moat ik wol oannimme. It yndividu stoar út, it kollektive dwaan en litten en sjen en fielen moast stal krije, mei oare wurden, der ûntstie in steatskeunst dy't de marksistyske eigenskippen fan it begryp macht fersterkje moasten. Dat is gjin keunst, dat is gewoan ordinêre propaganda.
Yn boppesteande alinea's is fansels hiel koart en skematysk oanjûn hoe't de problematyk leit mei keunst en engaazjemint, dêr't it yn wêzen yn ‘Het kluitje...’ om draait. George Gross, troch de maatskiplike omstannichheden swier ferbittere sjocht in taak foar de keunstner: oersichtlike krityk yn in kollektivearre maatskippij. Hy ferjit dat in kollektive steat hast gjin krityk ferneare kin, en dat de boarne fan keunst earder yn it yndividuele skûlet as yn it groepsbarren, of groepsbewustwêzen. Hy hie yn in kollektive steat syn fenomenale jeften net brûke kind. Engazjearre yn de sin fan fjochtsje foar in rjochtfeardiger (soasjalistyske) maatskippij hat yn wêzen mei keunst yn direkte sin ek net sa'n soad te krijen. It is it ferdigenjen fan ien (fakentiids fer- | |
| |
stjurre) foarm dy't op 'n doer ek wer mank gean kin oan in temin fan fernijende en feroarjende ympulsen. Keunst yn tsjinst fan de maatskippij, yn tsjinst fan it folk, yn tsjinst fan ien soarte fan utopia, dy keunst is neffens my antykeunst. Blide boadskippen foar eigen parochje en eigen leauwe.
| |
4.2 De werklikheid sit yn jins kop
Ein juny fan dit jier wie 'k mei myn frou dy't dêre foar har wurk wêze moast in fjouwer dagen yn Berlyn, yn west en yn east. It giet der no net om wat de ferskillen binne tusken west en east yn politike sin, eventueel yn literêr opsicht, wòl is it nijsgjirrich twa ûnderfiningen oan 'e oarder te stellen dy't te krijen hawwe mei it anargistyske yn 'e keunst, en tagelyk oan te jaan dat keunst eins bûten de politike wrâld yn 'e foarste laach falt. Keunst as engazjearre faktor yn krityske sin operearret faker yn de twadde en yn de tredde laach. Uteinlik besteane der ûnderskate nivo's fan libjen.
Yn East-Berlyn seagen wy in útstalling fan in keunstner út Ekwador, Oswaldo Guayasamin, berne yn 1919 yn Quito. It nijsgjirrige fûn ik dat de ûnderwerpen dy't er skildere faktentiids te krijen hiene mei de Latynsk-Amerikaanske wrâld fan ûnderdrukking en it te lider slaan fan minsken. De skilderijen rûnen parallel mei de romans fan Vargas Llosa, Marquéz en oaren fan dat kontinint. Neffens de ynlieding fan de East-Dútske katalogus - en dêryn leit it ferriederlike fan de ûnderskate lagen fan keunst - hiene de ûnderwerpen fan de skilderijen benammen te krijen mei soasjale gerjochtichheid, histoaryske wierheid en mei gemienskiplike arbeid. Dizze neffens East-Dútske begripen soasjaal-realistyske keunst wie neffens my folslein yn striid mei dyselde soasjaal-realistyske keunst om't de oanklacht, ymplisyt, tsjin diktatueren en alles wat dêrmei anneks is, moaiaardich nei foaren kaam. Yn 't koart sein tagelyk ek in oanklacht wie tsjin it East-Dútske systeem sels dêr't oarder en rêst wichtige saken binne yn in totalitêr regearre steat.
De ekstreme satire oangeande de ‘Skuldigen’ - de presidinten, de diktatoaren, de politisi en oare hongerige meunsters nei macht yn Midden- en Súd-Amearika - koe sa oerset wurde nei de sitewaasje yn East-Dútslân sels dêr't de frijheid om nee te sizzen ommers ek ta in minimum beheind is. Ik bedoel, it literêr/skilderkeunstige engaazjemint striele folle fierder as it oerflakkige soasjaal-realistysk krityske. My tinkt dat elke East-Dútske keunstner mei sok wurk yn it fertochtebankje kaam te sitten. Keunst is èn foar rjochts èn foar lofts net altiten like maklik, om't dyselde keunst ommers frij is en frij wêze moat.
Yndrukwekkend fûn ik Guayasamin yn in searje skildere hannen dy't it meardiminsjonale fan minsken útsoarte nei foaren brochten: hannen fan eangst, hannen fan skrik, hannen dy't smeke, hannen dy't protestearje, hannen fan
| |
| |
hoop, hannen dy't meditearje, hannen dy't strele. Yn dizze hannen sit de hele skiednis fan in kontinint, yn dizze hannen sitte de observaasjes fan ieuwen, troch dizze hannen binne alle deade en alle te lider sleine minsken gongen, hjir komt it ferskriklike fan de wrâld as swier ûnwaar op jin ôf. En dat alles yn in folsleine stilte, de stilte fan de Yndiaan (de skilder is sels foar de helte Yndiaan). In geweld fan stilte falt op de taskôger del, in geweld fan fragen oer gaos en moard sjitte jin troch de kop. Mar ek, hannen fan hoop, ja, dat ek tagelyk.
At it wier is dat de werklikheid foar in grut part yn jins kop sit dan is it dúdlik dat hjirre trije werklikheden nei foaren kamen: de werklikheid fan de skilder út Súd-Amearika, de werklikheid fan de East-Jeropeeske mins, en myn eigen westerske werklikheid. Alles tige globaal, alles tige generalisearre, mar útsoarte skiedslinen fan sjen en belibjen. Yn hoefier't der by my noch sprutsen wurde kin fan in Fryske (kultuer)-werklikheid nei safolle jierren Hollân lit ik no mar efkes foar wat it is. In feit is dat elkenien subjektyf sjocht, fielt en tinkt, en it liket my ta dat soks ek mar hanthavene wurde moat.
Immen dy't al jierren dwaande is mei dy ûnderskate wizen fan sjen (heel wiid sjoen, want yn dit ferbân is lêzen ek sjen) is Fritz Rahmann, eartiids jierrenlang as keunstner dwaande yn Hichtum, no al wer in acht jier wurkjend yn West-Berlyn. Ek hy is drok dwaande mei dat objektive en subjektive sjen, mar ferwurket dat net yn skilderijen lykas de skilder út Ekwador. Hy besiket op oare wizen oan te jaan hoe't de wrâld yn elkoar sit, miskien sitte koe. F'ral it proses fan de keunst is by him wichtiger as it einprodukt (it wurd ‘keunst’ heart eins net mear thús yn syn wurdboek).
Doe't wy by him wiene hie er krekt in eksperimint útfierd mei in treinwagon as kamera. In trein fan Hamburg nei München hie yn dy lange rit tsjinst dien as fototastel. It technyske lit ik no mar efkes sitte, mar it punt wie dat der bylden op de negativen stiene dy't folslein objektyf wiene. In minsklik brein hie neat stjoerd, allinne de reels stjoerden it trajekt. Bylden fan lânskiplike leechte en woastenije, fan makabere yndustrystêden en -fabriken stiene sûnder foaroardiel op de foto's.
It like allegearre tafal, en dat wie 't dan ek foar it grutste part. Dizze surrealistyske werklikheid is tagelyk benearjend èn befrijend, want folslein frij fan dogma en opset systeem. Keunsttrúkjes waarden net tapast. It wie op in oare wize like engazjearre en kritysk as dat wat de Ekwadoriaan op syn skilderijen setten hie. De ferskrikking en de gaos fan de wrâld, de diggels dêr't gjin fjoerfêste lym foar is, mar dêr't oare oplossingen foar fûn wurde moatte (...).
| |
5. Fryske literatuer yn in tradysje (?)
Dit stik “Moaie” literatuer bestiet net’ is fansels skreaun út myn eigen prak- | |
| |
tyk as skriuwer wei, it is in reflektearjen op in proses (romanskriuwen) dat by it skriuwen fan literatuer sels net sa eksplisyt plak fynt. It hat te krijen mei in lêskultuer, mei in sjenkultuer en net yn 't lêste plak mei it neitinken oer de literatuer sels yn in feroarjende maatskippij. Fierder stuollet it op in 25-jierren lange belangstelling foar de byldzjende keunst, en f'ral op de affiniteit mei de streamingen yn de keunst om 1916 hinne, mei Cobra en de Hollânsktalige eksperimintelen. Yn 't Frysk is Quatrebras tige wichtich west yn dit stik fan saken. At Piter Boersma yn syn nijsgjirrige lêzing fan 9 jannewaris '82 seit dat it engaazjemint, sa't dat oantroffen wurdt yn it wurk fan Trinus Riemersma en mysels, him goed oankomt, dan sil dat útsoarte te krijen hawwe wat mysels oanbelanget mei boppesteande faktoaren èn mei myn stean yn de wrâld.
Piter Boersma komt yn dit opsicht ta deselde konklúzje as De Gids fan juny '84, dêr't Laurens Vancrevel skriuwt oer ‘Actueel Surrealisme’ yn it bûtelân, en dêr't yn de synjaleminten it Frysk tusken it Gryksk, it Frânsk, it Roemeensk, it Slowaaks en û.o. it Spaansk stiet. Oer myn wurk skriuwt er:
‘Zijn proza en poëzie hebben vaak een satirisch-geëngageerde inhoud. Realistische elementen verenigen zich met droomeffecten. Er is sprake van een vervreemdende en beeldende lyriek. In de hedendaagse Friese literatuur staat het werk vrij geïsoleerd, met zijn voorkeur voor het fragmentarische, droomachtige en direct beeldende’.
Yn Fryslân miskien wat isolearre, mar dêr is ommers hast gjin literêre tradysje. Mei Vancrevel leau 'k dat it wis yn Jeropeeske tradysje stiet, sa't ek De skjintme vurt ferbwólgwódde fan Riemersma yn deselde tradysje stiet of opnommen wurde kin (sjoch ek Trotwaer 84-1). Dat de Fryske literatuer dêr muoite mei hat, en benammen de kritisi, is in feit, mar dat it tagelyk engazjearre is en kritysk is ek in feit. En wat dat oanbelanget, soe Riemersma mar gewoan wer romans skriuwe moatte, want se foldogge oan de easken fan engaazjemint en kritysk wêzen yn dizze wrâld yn diggels, yn dizze wrâld sûnder stokramt. In ferskriklike literatuer is miskien dan dochs wol in ‘moaie’ literatuer.
| |
Oanhelle literatuer:
Antonin Artaud, Le théatre et son double. Paris, 1937. |
Piter Boersma, ‘De skriuwer en syn engaazjemint’, Hjir, 1982-3, s. 14-23 |
Tony Feitsma, ‘Mat de lyteratuer ôskaft wurde?’, Fryx, 1983-4, s. 67-69. |
Josse de Haan, ‘Krityk mei de krityk’, Trotwaer, 1978-3, s. 138-149. |
Josse de Haan, ‘Se naide him yn Snaidhm’, Trotwaer, 1984-1, s. 35-53. |
Steven de Jong, ‘Skriuwen is gjin fak’, Fryx, 1983-4, s. 65-66. |
| |
| |
Trinus Riemersma, ‘Het kluitje in het riet’, De Kul, 1983-1, s. 1-3. |
Laurens Vancrevel, ‘Signalementen van Jean-Louis Bédouin e.a.’, De Gids 1984, s. 399. |
Edgar Wind, Kunst en anarchie. Amsterdam, 1973. |
|
|